A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Plot: red
Rigel 32:
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.
 
Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soe hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ''ImpSec'' de hiele saak ta uterst geheimsteatsgeheim klassifisearre hat (sjoch: ''[[Komarr]]''). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoeget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.
 
Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.
Rigel 40:
Underwilens hat Mark syn mem, grevinne Cordelia Vorkosigan, om help frege om Kou en Drou, Kareen har âldelju, safier te krijen dat se ynstimme mei syn relaasje mei Kareen. Cordelia noeget Kou en Drou út yn 'e bibleteek fan Vorkosiganstate, dêr't se harren plaknimme lit op in âld bank dy't spesjaal foar dat doel fan 'e rommelsouder helle is. It is nammentlik de bank wêrop't Kou en Drou goed tritich jier lyn foar it earst de leafde bedreaune. Mei dat psychologyske oerwicht oan har kant wit se Kareen har âldelju al rillegau safier te krijen dat se wol omlyk wolle.
 
Tsjin syn wil rekket Ivan hieltyd djipper behelle yn Dono Vorrutyer syn kampanje foar it greefskip. De jûns foar't de stimming dêroer en oer de saak Vorbretten plakfine sil yn 'e Rie fan 'e Greven, is er mei Dono en Kareen har suster Olivia Koudelka, dy't allegeduerigen mei Dono oplûkt, op 'en paad. Se wurde eins earne oars ferwachte, mar Dono beslút ympulsyf nochris te besykjen om greve Vorfolse oan syn kant te krijen. Vorfolse is in eksintrikeling dy't syn hearehûs ferhierdferhiert en sels in appartemint yn in fletgebou bewennet. Yn 'e parkeargaraazje fan 'e flet wurde Ivan-en-dy oerfallen troch in groepke ynhierde kriminelen dy't Dono syn liifwachten flotwei útskeakelje en dan himsels besykje te kastrearjen en op dy manear de geslachtsferoaringsoperaasje werom te draaien. Se hawwe lykwols bûten Ivan en Olivia (wa har mem oft foarhinne de persoanlike liifwacht fan 'e keizer wie) rekkene. Tegearre witte dy de oerfallers te oermasterjen. Ivan is sa lulk oer dizze mislike oanslach, dat er suver foar it earst yn syn libben it inisjatyf nimt en Dono-en-dy èn de ferdôve oerfallers meinimt nei de greve fan syn eigen hûs, de konservative Falco Vorpatril.
 
Op 'e dei fan 'e stimming yn 'e Rie fan 'e Greven, as der suver nimmen mear yn it hearehûs fan 'e Vorkosigans oanwêzich is, ferskaffe in pear Escobareeske plysjes har tagong ta it hûs om dr. Borgos op te pakken, dy't op Escobar noch altiten socht wurdt. Kareen en Martya Koudelka wegerje lykwols om harren by de arrestaasje del te lizzen en der ûntstiet in fjochtpartij wêrby't de fammen de beide Escobarezen mei kûpkes bistkebûter bekûgelje. Tsjin 'e tiid dat de gong en alle oanwêzigen ûnder in tsjûke laach bistkebûter sitte, ferskynt kriichsman Roic, de nachtwacht en it iennichste oanwêzige lid fan 'e befeiliging, op it toaniel, mar ek hy wurdt al gaueftich yn it gefjocht behelle. Uteinlik komt Mark thús en besiket de Escobarezen mei beriddenearre arguminten fan har arrestaasje ôf te bringen, mar dêr liket it dan al te let foar te wêzen.