Koraalsee-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 27:
Hoewol't it Koraalsee-eilanneterritoarium in oerflak hat likernôch 780.000 km², bestiet mar 10 km² dêrfan út lân. It gebiet strekt him út yn 'e [[Koraalsee]], noardeastlik fan it [[Grutte Barriêrerif]], foar de kust fan 'e Australyske steat [[Queenslân]], dat sels net ta it territoarium heart. Der binne likernôch 30 ûnderskate [[rif]]fen en [[atol]]len yn 'e [[eilannegroep]], wêrfan't 12 der by [[heech tij]] alhiel ûnder strûpe, wylst 18 oaren ien of mear stikjes droech lân hawwe. Dy achttjin atollen omfiemje mei-inoar yn totaal 51 [[eilân|eilantsjes]], wêrfan't guon in foarm fan begroeiïng hawwe, wylst oaren folslein keal binne.
 
De atollen ferskille tige yn grutte, want wylst guon mar in pear km yn trochsneed binne, heart ek it op ien nei grutste atol fan 'e wrâld ta de groep, [[Lihou ReefRif]], dat 100 by 30 km mjit en in oerflak hat fan 2.500 km² (de [[lagune]] ynbegrepen). Fan 'e 51 eilantsjes yn it territoarium hearre der 18 ta Lihou ReefRif. De measte atollen kinne opdield wurde yn twa groepen: in gruttere noardwestlike groep, mei û.o. [[Osprey ReefRif]], [[Willis (eilân)|Willis]] en Lihou ReefRif, en in behindiger súdeastlike groep, mei û.o. [[Fredericks ReefsRif]] en [[Cato ReefRif]]. Trije atollen falle bûten dy groepen: [[Mellish ReefRif]], dat fier nei it noardeasten leit en dêrmei it fierst fan 'e Australyske kust ôf, en [[Middleton ReefRif]] en [[Elizabeth ReefRif]], dy't tegearre mear as 800 km nei it suden lizze, en feitliks in lytse eksklave fan it Koraalsee-eilanneterritoarium yn 'e noardlike [[Tasmansee]] foarmje. Dy beide riffen lizze folle tichter by it eilân [[Lord Howe (eilân)|Lord Howe]], dat ta [[Nij-Súd-Wales]] heart (en likernôch 150 km nei it suden leit), as by de rest fan it territoarium.
 
Alle eilannen yn it territoarium lizze tige leech, en rinne mei de stiging fan 'e seespegel it risiko om der foargoed ûnder te strûpen. Automatyske waarstasjons binne op 8 fan 'e atollen oanlein, wylst op fiif fan 'e atollen ûnbemanne [[fjoertoer|fjoertuorren]] steane. Hoewol't it territoarium gjin permaninte bewenners hat, is it eilân [[Willis (eilân)|Willis]] it iennichste dat bewenne wurdt, mei't dêr yn [[1921]] in [[meteorology]]sk stasjon boud is dêr't it jier rûn in pear [[wittenskip]]pers (yn 'e regel net mear as fjouwer) tahâlde.
 
==Skiednis==
De Koraalsee-eilannen waarden yn [[1803]] foar it earst yn kaart brocht. Yn 'e 1870-er en 1880-er jierren waard der op 'e eilannen [[gûano]] wûn (seefûgelstront, oftewol [[fosfaat]], foar [[keunstmest]]), mar it ûntbrekken fan in permaninte swietwetterfoarrie kearde op 'e lange termyn de [[kolonisaasje]] fan it gebiet tsjin. Yn [[1901]], doe't seis [[Grut-Brittanje|Britske]] koloanjes de [[Austraalje (lân)|Australyske Federaasje]] foarmen, kamen de eilannen by Austraalje te hearren, as ûnderdiel fan 'e steat [[Queenslân]]. Nei hast santich jier waarden se yn [[1969]] bestjoerlik fan Queenslân losmakke, en waard it [[Koraalsee-eilanneterritoarium]] oprjochte, dat yn [[1997]] útwreide waard mei it súdlike [[Middleton ReefRif]] en [[Elizabeth ReefRif]].
 
==Bestjoer==