Tonger (god): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: eu:Thor is een etalage-artikel; tekstwiziging
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== De hammer fan Tonger ==
Wat de Fryske god Tonger spesifyk oangiet binne wy tige min ynformearre, omdat de Friezen út it tiidrek fan de [[iere midsieuwen|tsjustere midsieuwen]] yn de 7e en 8e ieu harren goaden loslieten en oerstapten op it [[Kristendom|Kristlike]] leauwen. Fan dizzedy perioade is amperoan wat bekend omdat skriftlike boarnen ûntbrekke. Foar mear ynformaasje moatte wy liene by oare Germaanske folken dêr't wol mear fan bekend is, benammen fan de Noarske Germanen.
Yn de [[Edda]], dêr't de Noarske mytology yn beskreaun wurdt, komt Tonger nei foaren as de wichtichste ûnder alle goaden en jildt hy as beskermhear fan sawol goaden as minsken ([[Asgaard]] en [[Midgard]]). Op in wein lutsen troch twa [[geiten|bokken]], rydt hy troch de loft.