MULO: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bloksma (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L [[]] oars
Rigel 4:
Nei de fjouwerjierrige Mulo koe trochstreamd wurde nei de [[middelbere famkesskoalle|mfs]] of [[Hegere Boargerskoalle|hbs]]. It skriftlike en mûnling eksamen bestie út [[Nederlânsk]], [[Frânsk]], [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[algebra]], [[mjitkunde]], [[ierdrykskunde]], [[skiednis]] en [[natuerkunde]]. Ek waard in sifer jûn foar skriuwen (hânskrift of fersoarging skriftlik wurk), dat lykwols net meitelde foar de útslach. Neist dizze eksamenfakken waard ek lesjûn yn [[biology]], [[hannelskennis]], [[Boekhâlding|boekhâlden]], [[bedriuwsrekkenjen]] en [[gymnastyk]]. In R.K. Mulo hie ek noch [[godstsjinstlear]] op it programma.
 
Neist de gewoane Mulo, ek wol Mulo-A neamd, wie der de Mulo-B; yn it lêste jier, it eksamenjier waard ekstra algebra, mjitkunde (o.a. [[goniometry]]) en [[fysika]] (natuerkunde mei [[meganika]]) jûn en eksaminearre. As tagelyk eksamen foar Mulo en Mulo-B dien waard, koe ien fan de frjemde talen en ierdrykskunde of skiednis ferfalle. Fansels ferfoel dan ek de 'normale' algebra, mjitkunde en natuerkunde. Fierders koe eksamen dien wurde yn boekhâlden, bedriuwsrekkenjen, hannelskennis, [[bedriuwslear]] en [[rjochts- en wetskennis]]. Yn sa'n gefal krige men in oantekening op it diploma, dat lykweardich oan it [[middenstânsdiploma]] wie. Dan wienen der skoallen dêr't fakultatyf eksamen dien wurde koe yn tekenjen of [[skiedkundeskiekunde]] (mei in ienfâldiger en in moeiliker programma).
 
It skoaltype Mulo waard yn 1968 ferfongen troch de [[Middelber algemien fuortset ûnderwiis|Mafû]].