Parafily: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Parafily (fan it Gryksk para παρά = neist en -philia φιλία = freonskip, hjir leafde) is in begryp yn de seksuology en psychology dy’t in seksuele driuw mei objekten en...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 20 jul 2014 om 14.56

Parafily (fan it Gryksk para παρά = neist en -philia φιλία = freonskip, hjir leafde) is in begryp yn de seksuology en psychology dy’t in seksuele driuw mei objekten en situaasjes ferbynt dy’t ôfwykt fan de gongbere noarm yn de mienskip. De ôfwikende seksuele praktiken kinne ridlik ûnskuldich wêze, mar ek tsjin it morbide oan sitte. As in persoan yn syn deistige libben hinder hat fan syn seksuale driuw kin der sprake wêze fan in psychyske sykte.

Klinyske definysje

Foar klinisy is net elke parafily fan belang, of it moat in beheining wêze foar it funksjonearjen fan de persoan. Yn de DSM-IV wurde ferskate parafilyën neamd. Dêrneist is der noch in groep parafilyën dy’t net yn de DSM-IV steane, mar as dy ta in beheining oangeande it funksjonearjen fan de persoan wêze soenen kin der likegoed sprake wêze fan in psychyske ôfwiking.

Yn de DSM-IV steane de neikommende parafilyën omskreaun[1]:

Yn it hânboek DSM-IV stiet ek in restgroep sûnder neiere omskriuwing. Under dy restgroep falle nekrofily (liken), klismafily (rektaal ynbringen fan floeistof), koprofily (ûntlêsting), telefoankatalogy (obseniteiten oer de telefoan), urofily (urine) en partialisme (lichemsdielen). Troch de ûnderlizzende seksuele driuw soe apotemnofily bygelyks (djip langstme nei it amputearjen fan sûne lichemsdielen, gauris sûnder medysk tafersjoch of oare begelieding) ta it partialisme rekkene wurde kinne.

Kontroverse

Yn de psychology en psychiatry binne ferskate tsjinlûden oer de klassifikaasje fan parafilyën as psychyske sykten. Der is in groep dy’t úthâld dat de klassifikaasje te bot hinget op maatskiplike noarmen en ideeën. Homofily wie bygelyks in selsstannige parafily yn de DSM-II, sadat der in diagnoaze jûn wurde koe as de eigen homoseksualiteit oer in langere tiid problematyske gefolgen hie. Yn de aktuele DSM-IV-TR stiet in diagnoazekategory „net neier omskreaune seksuele steuring “ dêr’t ek in yngong „duorsum en dúdlik lijen oan de seksuele oriïntearring “ yn stiet.

  1. [ http://www.psyonline.nl/parafilieen.html List mei parafilyën op psyonline.nl]