De Raven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:The Raven is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Tenniel-TheRaven.jpg|thumb|right|250px|In yllústraasje by it gedicht út [[1858]], troch [[John Tenniel]].]]
'''''De Raven''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Raven''''', is in [[gedicht]] fan 'e hân fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[redakteur]] en [[literatuer]]kritikus [[Edgar Allan Poe]] ([[1809]]-[[1849]]). Dit gedicht wurdt gauris priizge om 'e muzikaliteit, it stylearre taalgebrûk en knaphandige rym, en de boppenatuerlike sfear dy't derfan útgiet. Poe makket yn ''The Raven'' gebrûk fan sawol einrym as yntern rym as [[alliteraasje]]. It rymskema is: ''abcbbb'', of, as yntern rym meirekkene wurdt: ''aa-b-cc-cb-b-b''. It gedicht fertelt it ferhaal fan it riedselich midsnachtlike besyk fan in pratende [[raven]], dy't inkeld it wurd ''nevermore'' ("nea wer") seit, oan in oeralle minner dy't treuret om it ferlies fan syn leafste Lenore. Dêrby toant it de stadige delgong fan 'e jongeman nei sljochtsinnigens.

''The Raven'', dat út 18 kûpletten bestiet fan elk 5 lange regels en ien koartenien, is nei alle gedachten Poe syn meast ferneamde en bewûndere wurk, en it is sûnder mis it meast adaptearre. Dy adaptaasjes nimme gauris de foarm oan fan [[parody]]en wêrby't fral de pratende raven persiflearre wurdt; de fraze ''Quoth the Raven'' (argaysk Ingelsk foar "Spriek de Raven") wurdt dan yn 'e regel meisin misbegrepen as de eigennamme fan it bist. ''The Raven'' waard foar it earst publisearre yn [[1845]], yn 'e [[krante]] de ''New York Evening Mirror'', en waard al rillegau withoefaak werprinte. It wie sa'n súkses dat it Poe grutte bekendheid besoarge, al die it him yn finansjeel opsjoch net folle fertuten. De earste [[Frysk]]e oersetting fan ''The Raven'' datearret út [[1949]], en is fan 'e hân fan [[Douwe Tamminga]].

== Ynhâld ==
Yn ''The Raven'', dat [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], wurdt in nammeleaze ferteller folge, dy't op in desimbernacht yn boeken mei healfergetten kennis omsneupt om it ferlies fan syn leafste Lenore (yn Tamminga syn oersetting: Lénoar) te ferjitten. Hy is sa slûch dat er kop der suver net mear by hâlde kin, en dan wurdt er ynienen opskrikt troch in klopjen op syn keamersdoar. As er iependocht, is der lykwols nimmen, mar fuort letter wurdt der op syn rút tikke. Hy docht it rút iepen en is ferheard om in raven te sjen, dy't syn keamer binnen stapt en plaknimt op it boarstbyld fan [[Pallas Atene|Pallas]], boppe de doar.

Rigel 11:
Likegoed giet er fierder mei de raven yn petear, al docht er sels frijwol alle praten. Syn tinzen dwale ôf nei syn ferlerne Lenore, en it is krekt as wurdt de lucht tsjûker en kin er de oanwêzigens fan [[ingel]]s wol fiele, dat hy freget him ôf oft [[God]] him yn 'e foarm fan 'e raven in teken stjoerd hat dat er Lenore ferjitte moat – mar de raven seit fan: "''Nevermore''". De ferteller fettet dat op as teken dat er nea frij wêze sil fan syn tryste oantinkens, en hy ûntstekt yn grutte grime, wêrby't er de raven útmakket foar in "ûnheilsboade" en in "stille nytger". Einlings, as er de raven freget oft er ea yn 'e [[himel]] weriene wurde sil mei Lenore, en dêrop it foarspelbere antwurd kriget, wurdt er alhiel breinroer, skelt it bist út foar leagner en befellet it werom te gean nei de ''Night's Plutonian shore'' (Tamminga: "Hades' nacht"), de [[ûnderwrâld (kosmology)|ûnderwrâld]] dus. Mar de raven komt net fan syn plak ôf; nei't men oannimme mei sit er op it stuit dat de ferteller syn gedicht foardraacht noch altiten op Pallas' boarstbyld boppe de doar. Uteinlik moat de ferteller tajaan dat syn siel fêstsit ûnder it skaad fan 'e raven en "''nevermore''" oprize sil.

== Fryske oersetting ==
De earste [[Frysk]]e oersetting fan ''The Raven'' wie fan 'e hân fan [[dichter]] en [[oersetter]] [[Douwe Annes Tamminga]] ([[1909]]-[[2002]]), en ferskynde yn [[1949]] yn it [[literatuer|literêr]] [[tydskrift]] ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''. Deselde oersetting, foarsjoen fan in ynlieding troch [[Freark Dam]], makke yn [[1984]] diel út it boekje ''Jaarwisselingsgeschenk 1984-1985'', in útjefte fan 'e ''[[Friese Pers Boekerij]]'', en waard yn [[2011]], ûnder de ôfwikende titel ''De Ballade fan de Raven'', jitris publisearre, no as ûnderdiel fan Tamminga syn ''Samle Fersen'', útjûn troch de [[Stifting FLMD]] en de ''Friese Pers Boekerij''. In nije Fryske oersetting fan it gedicht waard yn [[2008]] makke troch [[Redbad Veenbaas]], dy't dy dat jiers publisearre yn it novimbernûmer fan it tydskrift ''[[HJIR]]''.

=== Ferliking ===
{| class="wikitable vatop"
! oarspronklike [[Ingelsk]]e tekst, [[Edgar Allan Poe]]
Rigel 20:

Once upon a midnight dreary, while I pondered, weak and weary,

Over many a quaint and curious volume of forgotten lore—

While I nodded, nearly napping, suddenly there came a tapping,

As of some one gently rapping, rapping at my chamber door.

"'Tis some visiter," I muttered, "tapping at my chamber door—

:Only this and nothing more."

Op in hjerstnacht doe't it rûze, wylst ik wurch en heal yn dûze

by myn boeken mymre en sûze oer in lear dy't gyng te loar,

wylst myn kriich aloan fersloppe en ik mei de sliep omtoppe,

hommels wie 't as waard der kloppe, súntsjes kloppe op myn doar.

"Grif in lette gast," bepreuvle ik, "klopjend op myn keamersdoar,

:inkeld sa'n ien en gjin oar."

Rigel 49:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

{{Link FA|en}}