Analog Science Fiction and Fact: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]]
Rigel 1:
'''''Analog Science Fiction and Fact''''', yn 'e regel ôfkoarte ta '''''Analog Magazine''''' of sljochtwei '''''Analog''''', is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[tydskrift]] op it mêd fan [[science fiction]]-[[literatuer]]. It is in moanneblêd, dat yn [[1930]] oprjochte waard as in [[pulpmagazine]] mei de titel ''Astounding Stories'', mar yn [[1938]] sloech it mei as nije namme ''Astounding Science Fiction'' ûnder [[haadredakteur]] [[John W. Campbell]] in nije rjochting yn. Yn [[1960]] waard it omneamd ta ''Analog Science Fact and Fiction'', en yn [[1992]] waard it lêste part fan 'e namme feroare fan ''Fact and Fiction'' yn ''Fiction and Fact''. Mei in âlderdom fan krapoan 85 jier is it de âldste science fiction-útjefte dy't sûnder ûnderbrekking bestien hat. Boppedat is it it ynfloedrykste tydskrift út 'e skiednis fan syn sjenre, sasear sels dat it tsjinwurdich suver in ikoan fan 'e Amerikaanske science fiction wurden is.
 
''Analog'' wie fan grutte ynfloed op 'e karriêres fan grutheden út 'e science fiction-literatuer, lykas [[Isaac Asimov]] en [[Robert A. Heinlein]]. Yn [[1950]] brûkte [[L. Ron Hubbard]], de lettere oprjochter fan 'e [[scientology]]beweging, it as foarum om syn iere teoryen bekend te meitsjen. Trochdat it blêd geregeldwei wurk fan nijynkommelingen publisearret, holp it yn 'e jierren santich de karriêres fan [[George R.R. Martin]], [[Orson Scott Card]] en [[Joe Haldeman]] op 'e gleed, yn 'e jierren tachtich dy fan [[Harry Turtledove]], [[Timothy Zahn]] en, [[Lois McMaster Bujold]] en [[Elizabeth Moon]], en yn 'e jierren njoggentich dy fan [[Paul Levinson]] en [[Michael A. Burstein]]. As wichtichste foarum út it saneamde [[Gouden Tiidrek fan de Science Fiction]] hat ''Analog'' letter in protte wurken fan skriuwers as [[Isaac Asimov]], [[Robert A. Heinlein]], [[H.P. Lovecraft]] en oaren werpublisearre.
 
Fan in hichtepunt fan sa'n 115.000 eksimplaren de moanne yn [[1983]] sakke de oplaach dêrnei werom ta 26.493 yn [[2011]]. Lykwols begûn de sirkulaasje doe wer oan te winnen, fanwegen in groei yn digitale abboneminten. Elts jier hâldt ''Analog'' in opinypeiling ûnder syn lêzers, it ''Analytical Laboratory'' of ''AnLab'', om fêst te stellen hokker [[koart ferhaal|koarte ferhalen]], artikels en omslachkeunst, dy't it jiers tefoaren yn it tydskrift publisearre binne, oft de foarkar fan 'e lêzers hawwe. De winners krije dan de ''Analytical Laboratory Award'' of ''AnLab Award'' takend.