Mûzen en jerboä's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 31 jul 2014 om 16.40

De mûsfoarmigen (Latynske namme: Myomorpha) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't hast 1.400 soarten ta hearre. Dat komt del op hast in fearn fan alle sûchdieresoarten. Alle mûsfoarmigen hawwe gemien dat se yn 'e regel nachtdieren binne. Se libje op alle kontininten útsein Antarktika. It ûnderskift kin opdield wurde yn twa boppefamyljes, te witten dy fan 'e jerboä's (Dipodoidea), en dy fan 'e mûzen en rotten (Muroidea). De grutste en teffens bekendste famyljes dy't ta dit ûnderskift hearre, binne dy fan 'e mûseftigen en de wrotmûseftigen, mei tige algemiene soarten as de hûsmûs, de brune rôt, de fjildmûs en de muskusrôt.

In Sinaïstikelmûs.

Underskiftopbou

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.