Ferskil tusken ferzjes fan "Baarch"

69 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
red
L (Robot: vls:Zwyn is een etalage-artikel; tekstwiziging)
L (red)
{{Undersoarte|
Ofbyld= [[Ofbyld:Pig 8907.JPG|250px]]|
Ryk= [[Dierendieren]] (''Animalia'')|
Stamme= [[Rêchstringdierenrêchstringdieren]] (''Chordata'')|
Klasse= [[Sûchdierensûchdieren]] (''Mammalia'')|
Skift= [[Evenhoevigenevenhoevigen]] (''Artiodactyla'') |
Famylje= [[Bargenbargen]] (''Suidae'') |
Skaai= [[Echteechte swinen]] (''Sus'') |
Soarte= [[Everswyneverswyn]] (''Sus scrofa'') |
Namme= Sus scrofa domesticus |
IUCN-status= [[IUCN-status]]: n.f.t. (húsdier)
 
[[Ofbyld:Clp Bentheimer Schwein.jpg|left|thumb|250px|In bûnte Bentheimer.]]
==Algemien beskriuwing==
De baarch is een yntelligint, nijsgjirrich, sosjaal en, nettsjinsteande syn reputaasje, relatyf skjin bist, dat goed te belearen is. Troch fokkerij besteane der hjoed de dei witwat ûnderskate bargerassen. As selskipsdier is fral it [[hingbúkswyn]] populêr. Yn grutte parten fan 'e wrâld besteane populaasjes fan ferwyldere bargen, wêrfan't de foarâlden faak útset binne troch westerske seelju om op fêste punten op harren reizen oan farsk fleis komme te kinnen. Gauris rjochtsje sokke ferwyldere bargen grutte [[ekology]]ske skea oan yn dy gebieten, bgl. om't se der gjin natuerlike fijannen hawwe en/of om't it plantelibben net tsjin harren opwoeksen is. Kontreien dêr't ferwyldere bargen foarkomme, binne û.o. [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]] en in grut tal eilannen yn 'e [[Stille Súdsee]].
 
==Hâlden en dragen en Fryske terminology==
Yn it [[Frysk]] wurdt in mantsjebaarch in bear of bargebear neamd en in wyfke in sûch ([[Klaaifrysk]]) of mot ([[Wâldfrysk]]). As in sûch tyldriftich wurdt, is er [[tyldrift|rûzich]], wylst in bear dan [[tyldrift|bearich]] wurdt. Dêr komt gauris biggerij fan en dan moat de boer te biggefangen of te biggeljen. In bargejong is in bigge en in smeet biggen wurdt in team neamd; in kastrearre mantsjebigge is bargebigge en in noch by de mem sûgjend jong is in tatebigge. In baarch fan minder as in jier âld dy't gjin bigge mear is, hjit in spjalling of spalling, wylst in bigge dy't bedoeld is foar de slacht in potfûgel neamd wurdt. Slachtsje waard foarhinne yn 'e hjerst dien; in baarch dy't dêroan ûntkaam, hiet in winterbaarch. Wat uterlik oanbelanget, hjit in baarch mei delhingjende earen in lodear of flodear, en in baarch mei rjochtopsteande earen in staach of steilear.