Otter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynlieding wat útwreide; +commonscat
L red
Rigel 8:
Skaai= [[fiskotters]] (''Lutra'') |
Namme= Lutra lutra |
Beskriuwer, jier= [[Linnaeus]], 1758 |
IUCN-status= [[IUCN-status]]: gefoelich
}}
Line 19 ⟶ 20:
== Uterlike skaaimerken ==
De otter hat trochinoar in kop-romplingte fan 60-95 sm, mei in sturtlingte fan 35-50 sm en in gewicht fan 4½-12 kg. Mantsjes binne dúdlik swierder as wyfkes. Otters hawwe in ferwielsêfte pels dy't op 'e rêch dûnkerbrún oant dûnkerbêzje is en op 'e bealch wyt oant fealwyt. Se binne folslein oanpast oan it libben yn it wetter, mei swimfluezzen tusken alle teannen, tige gefoelige snorhierren, lytse hûdflapkes dy't ûnder it dûken de earen en noasters tichthâlde, in spiersterke sturt dy't by it swimmen as roer tsjinnet, en in wettertichte behierring.
[[Ofbyld:European Otter area.png|right|thumb|300px|Fersprieding fan 'e otter.]]
 
== Biotoop ==
[[Ofbyld:European Otter area.png|right|thumb|300px|Fersprieding fan 'e otter.]]
Otters hâlde yn 'e regel ta oan 'e iggen fan beken, rivieren, marren en puollen mei skjin wetter, in goede fiskstân en genôch beskûl yn 'e foarm fan bosk of strewelleguod. Se kinne ek oan 'e seekant libje, sa't se bygelyks dogge yn [[Skandinaavje]], [[Skotlân]], [[Ierlân]] en [[Bretanje]], mar dan moat der wol swiet wetter deunby wêze, want sâlt wetter kinne se net drinke.
 
== Hâlden en dragen ==
[[Ofbyld:European Otter.jpg|thumb|left|300px|In otter oan 't miel.]]
De otter is eins in skruten bist, dat fral nachts aktyf is, al giet er it deiljocht net út 'e wei as er him feilich fielt. Krekt oarsom, want hy mei graach sinnebaaie. Hy hat in semy-akwatyske libbensstyl, wêrby't er mear yn as út it wetter tahâldt. By it dûken kin er oant 4 minuten lang ûnder wetter bliuwe ear't er wer boppekomme moat om te sykheljen. Otters libje yn prinsipe solitêr, mar de jongen bliuwe in jier lang by de mem, en sawol mem as jongen hâlde en dragen har dan gauris tige boartlik. Sa meitsje se by glysterige wâlen del of winterdeis as der snie leit faak in glydbaan, dêr't se har dan om bar by del glydzje litte, nei't it skynt poer foar harren eigen fermaak.
 
[[Ofbyld:European Otter.jpg|thumb|left|300px|In otter oan 't miel.]]
It [[territoarium]] fan in mantsjesotter is likernôch 15 km yn trochsneed en dat fan wyfkes sa'n 7 km. Nachts wurdt in grut part dêrfan besocht op streuptocht nei fretten. Jonge of ferballe bisten kinne tsientallen kilometers ôflizze op 'e siik nei in nij wengebiet.
It [[territoarium]] fan in mantsjesotter is likernôch 15 km yn trochsneed en dat fan wyfkes sa'n 7 km. Nachts wurdt in grut part dêrfan besocht op streuptocht nei fretten. Jonge of ferballe bisten kinne tsientallen kilometers ôflizze op 'e siik nei in nij wengebiet. Otters hawwe almeast gjin fêste peartiid, al falt dy yn [[Skotlân]] en [[Noarwegen]] en op 'e [[Sjetlâneilannen]] yn 'e maityd. De wyfkes binne it hiele jier troch om 'e seis wiken fruchtber. De draachtiid duorret likernôch 9 wiken, mar men hâldt it derop dat der in [[ferlinge draachtiid]] fan sa'n 9 moannen foarkomt as de pearing op in ûngeunstige tiid fan it jier plakfynt. De jongen wurde ek it hiele jier troch smiten, mar it faakst tusken febrewaris en april yn. In ottersmeet bestiet ornaris út 2 of 3 jongen, al kin dat oantal ûnder ekstreme omstannichheden oprinne ta 6. Nei in jier binne de jongen selsstannich en nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Otters hawwe frijwol gjin natuerlike fijannen mear, mar it ferkear makket in protte slachtoffers. As se dêroan ûntsnappe, kinne se oant 18 jier âld wurde.
 
Otters hawwe almeast gjin fêste peartiid, al falt dy yn [[Skotlân]] en [[Noarwegen]] en op 'e [[Sjetlâneilannen]] yn 'e maityd. De wyfkes binne it hiele jier troch om 'e seis wiken fruchtber. De draachtiid duorret likernôch 9 wiken, mar men hâldt it derop dat der in [[ferlinge draachtiid]] fan sa'n 9 moannen foarkomt as de pearing op in ûngeunstige tiid fan it jier plakfynt. De jongen wurde ek it hiele jier troch smiten, mar it faakst tusken febrewaris en april yn. In ottersmeet bestiet ornaris út 2 of 3 jongen, al kin dat oantal ûnder ekstreme omstannichheden oprinne ta 6. Nei in jier binne de jongen selsstannich en nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Otters hawwe frijwol gjin natuerlike fijannen mear, mar it ferkear makket in protte slachtoffers. As se dêroan ûntsnappe, kinne se oant 18 jier âld wurde.
 
== Fretten ==
Line 55 ⟶ 54:
 
[[Kategory:Sûchdier]]
[[Kategory:Rôfdier]]
[[Kategory:Martereftige]]