East-Aazje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L redke
LNo edit summary
Rigel 2:
'''East-Aazje''' is de loskes definiëarre eastlike [[geografy]]ske regio fan it [[wrâlddiel]] [[Aazje]]. It omfiemet yn elts gefal [[Japan]], [[Taiwan]], [[Noard-Koreä|Noard]]- en [[Súd-Koreä]], [[Mantsjoerije]], [[Hongkong]], [[Makau]] en eastlik en sintraal [[Sina]]. Oare dielen fan Sina wurde der soms, krekt as Mongoalje, ek ta rekkene, mar oer it algemien komme [[Mongoalje]] en [[Sinkiang-Oeigoerje]] faak better ta har rjocht yn [[Sintraal-Aazje]] (dêr't se in protte kulturele en [[ekology]]ske oerienkomsten mei hawwe), wylst [[Tibet]] soms ta [[Súd-Aazje]] en soms ta [[Sintraal-Aazje]] rekkene wurdt.
 
As Mongoalje en hiel Sina ta East-Aazje rekkene wurdtwurde, hat it gebiet in oerflak fan sa'n 12 miljoen km², wat 28% fan Aazje is, en 15% grutter as hiel [[Jeropa]]. Fierders hat East-Aazje sa'n 1,5 miljard ynwenners, wat 38% fan 'e befolking fan Aazje is en 22% fan 'e wrâldbefolking. Dêrmei komt it gebiet op in [[befolkingstichtens]] fan 133 minsken de km², wat in protte is yn ferhâlding ta it wrâldgemiddelde fan 45 minsken de km² (mar as de tige tinbefolke gebieten yn West-Sina en Mongoalje net meirekkene wurde, sjit dat sifer noch folle fierder de hichte yn).
 
Kultureel kin East-Aazje fierhinne lykslein wurde mei de saneamde [[sinosfear]], it gebiet dat [[skiednis|histoarysk]] sjoen ûnder tige sterke Sineeske kulturele ynfloed stie (al heart [[Fjetnam]] dêr dúdlik ek ta). Dy ynfloed docht û.m. bliken út de fersprieding fan it [[Sineesk skrift|Sineeske skrift]] en de [[Sineeske kalinder]] en fan 'e gewoante om 'e efternamme foar de foarnamme te setten (dy't bûten de sinosfear inkeld foarkomt yn [[Hongarije]]). De grutte [[godstsjinst]]en fan East-Aazje binne it [[boedisme]], mei yn Sina en Taiwan dêrby it [[Sineesk universalisme|Sineeske tradysjonele leauwe]], it [[konfusianisme]] en it [[taoïsme]], yn lannen as Mongoalje en Súd-Koreä it [[sjamanisme]] en yn Japan it [[sjintoïsme]].