Stins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +foto
L [[]]
Rigel 7:
De hearehuzen wiene oarspronklik it besit fan de [[adel]]ike famyljes dy't oer in soad lân beskikten. It meastepart fan de stinzen is yn de [[19e ieu]] ôfbrutsen, omdat goed ûnderhâld faak te djoer waard foar de eigners. Yn guon fan de noch besteande stinzen binne tsjintwurdich museums fêstige. Faak lizze by stinzen en boargen prachtige krûdetunen. Foar krûdetunen dy't al út de [[16e ieu]] of [[17e ieu]] stamje wurdt it wurd ''stinzetún'' brûkt.
 
Stinzen komme ek foar yn [[East-Fryslân]] en yn [[Grinslân]] ([[Grinslânsk]]: ''stainhoes''). Yn dy kontrijen hjitte dy lykwols - letter - [[boarch|boargen]]. It iennichst oerbleaune stienhûs yn Grinslân is it [[Iwema-Stienhûs]] yn [[Niebert]]. [[East-Fryslân]] hat der noch ien yn [[Bunderhee]] by [[Bûnde (Dútslân)|Bunde]].
Tanksij satellytprogramma's as [[Google Earth]] en [[Virtual Earth]] binne al in pear kear fûneminten fûn fan oant dan ta ûnbekende stinzen yn [[Grinslân]]. [[Amateurhistoarikus]] Johan Feikens hat ferskate yn de kontrei om de [[Dollard]] hinne fûn.