Briltil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2275397 (translate me)
ynwennertal
Rigel 3:
De '''Briltil''' is in brêge ([[tille]]) oer it [[Hoendjip]], justjes westlik fan [[Súdhorn]] yn de provinsje [[Grinslân]]. De brêge is neamd nei de krite de ''Bril'' ([[Bruul|bril]] betsjut: ''sompich lân'') noardwestlik fan de brêge.
 
Yn de rin fan de tiid is der in doarpke ûntstien by de tille, dat wilens yn de jierren 70 deun opnaam is yn it útwreidzjende Súdhorn. Briltil waard lykwols gjin wyk fan Súdhorn en hold de eigen namme (en plaknammebuorden). Briltil hie 442449 ynwenners op 1 jannewaris 20082012. Yn 2002 fierde Briltil it 400-jierrich bestean.
 
Briltil wurdt trochsnien fan it Hoendjip dat oant yn de jierren '30 fan de [[20e ieu]] de wichtichste farrûte tusken [[Grins (stêd)|Grins]] nei [[Fryslân]] wie. Dêrtroch ûntstie der wat yndustry op dat plak, in pear [[mûne]]n, in [[skipswerf]] en letter in belangrike [[molkfabryk]]. Mei it oanlizzen fan it [[Van Starkenborghkanaal]] wie it Hoendjip net langer fan belang en naam de drokte yn it doarp ôf. It molkfabryk is it lêst sloopt yn 2003 en moast romte meitsje foar nijbou.
 
Yntiids hat de [[beropsfeart]] syn plak ôfstien oan de [[plezierfeart]], wat laat hat ta de oanlis fan in [[jachthaven]] by Briltil. It âld fearhûs is doarpshûs anneks horekagelegenheid.