Karel fan Gelre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 8 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q832225
fan nl
Rigel 1:
[[Image:Karl von Egmond.JPG|right|180px|thumb|Karel fan Egmond]]
'''Karel fan Gelre''', ek wol '''Karel fan Egmont''' neamd, ([[Grave]], [[9 novimber]] [[1467]] - [[Arnhim]], [[30 juny]] [[1538]]), wie [[hartoch]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]] en [[greve]] fan [[Greefskip Sutfen|Sutfen]].
'''Karel fan Gelre''',
([[9 novimber]] [[1467]], [[Grave]]
- [[30 juny]] [[1538]], [[Arnhim]])
wie [[hartoch]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]] en [[greve]] fan [[Greefskip Sutfen|Sutfen]].
 
Karel fan Gelre wie de soan fan [[Adolf fan Gelre]] en [[Katarina fan Bourbon]].
 
Yn [[1473]] oerweldige [[Karel de Dryste]] Gelre, en naam er de seis jier âlde Karel fan Gelre mei nei [[Gent]] sa't dy oan it Boergondyske hof grutbrocht wurde koe. Dêrom focht Karel fan Gelre ek mei tsjin [[Karel VIII fan Frankryk]]. Yn de [[Slach by Betune]] yn [[1487]] waard er finzennaam, en it duorre oant [[1492]] eart er frijkaam.
 
Doe't er werom kaam yn Gelre waard er dêr as hartoch fan Gelre erkend, mar om't Karel de Dryste Gelre ynnaam hie, woe keizer [[Maksimiliaan I fan Eastenryk]] Karel fan Gelre net mei Gelre beliene. Neffens him wie Karel dêrom net Karel fan Gelre, mar 'Karel fan Egmond''.
 
Yn [[1505]] waard [[Filips fan Boergonje]] troch syn heit, Maksimiliaan beliend mei Gelre. Filips bea oan it Karel yn efterlien te jaan, mar Karel woe de erkenning hawwe, dat hy woe Gelre allinnich fan Maksimiliaan beliend krije. Hjirop begûn Filips oan it oerweldigjen fan Gelre, oant Karel yn him syn hear erkenne. Mar doe Filips nei Spanje gie naam Karel Gelre wer werom.
Line 17 ⟶ 14:
Op it hichtepunt fan syn macht bestie syn gebiet út [[Gelre]], [[Sutfen]], [[Oerisel]], [[Drinte]], [[Fryslân]] en [[Grinslân]] (in pear stêden útsein), en hy besocht ek noch [[Utert (stift)|Utert]] yn 'e besnijing te krijen. Mar nei 1522 ferlear er de oare gewesten wer, en [[Hindrik fan Beieren]], biskop fan Utert, stie yn [[1528]] de wrâldske macht fan Utert ôf oan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]], foar syn beskerming tsjin Gelre.
 
Yn dat jier, [[3 oktober]] 1528, waard lang om let yn it [[Ferdrach fan Gorkum]] regele dat Karel fan Gelre fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] beliend wurde soe mei Gelre en Sutfen, en Karel V soe ôfsjen fan syn rjochten, behalve as Karel fan Gelre gjin bern krige. Om't Karel fan Gelre yndie gjin bern hie woe er it ferdrach net tekenje, en begûn de oarloch op 'e nij. Earst [[10 desimber]] [[1536]] eindigeeinige de striid mei it [[Ferdrach fan Grave]], wat Karel fan Gelre minder rjochten joech, mar dêr't Karel V it erfrjocht net yn krige.
 
Karel fan Gelre ferstoar [[30 juny]] [[1538]]. Hy leit begroeven yn de [[Eusebiustsjerke]] yn Arnhim. Hy waard opfolge troch [[Willem II fan Kleef]].
 
[[Kategory:Hartoch fan Gelre]]
[[Kategory:Hûs Egmont]]
[[Kategory:Sutfenske greve]]