Taalfamylje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 84 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q25295
L red, korr, oanf
Rigel 1:
[[File:Primary Human Language Families Map.png|right|thumb|550px|In yndruk fan 'e fersprieding fan taalfamyljes oer de wrâld.]]
In '''taalfamylje''' is in grutte kloft talen dy't ûnderling [[etymology]]sk gearhingje en dêrom as [[sibskip|besibbe]] beskôge wurde. Oft dy besibbens wier betsjut dat alle talen yn in taalfamylje altiten fan ien mienskiplike grûntaal ôfstamme, is lykwols lang net wis.
In '''taalfamylje''' is in kloft [[taal|talen]] dy't mei-inoar besibbe binne om't se ûntstien binne út in mienskiplike foarâlderlike oertaal, dy't oantsjut wurdt mei it foarheaksel "proto-". De term "famylje" yn it wurd "taalfamylje" ferwiist nei it [[stambeam]]model fan taaloarsprong yn 'e [[histoaryske taalkunde]], dat gebrûk makket fan in [[metafoar]] wêrby't talen ferlike wurde mei [[minske]]n yn in [[biology]]ske famyljestambeam, of oars mei [[bist]]e- of [[plant]]e[[soarte]]n yn in [[taksonomy]]ske stambeam dy't de [[evolúsjeteory|evolúsjonêre]] [[skiednis]] oanjout. By it tapassen fan sa'n systeem op talen ûntbrekt fansels de komponint fan biologyske ôfstamming, en taalbesibskip stiet dan ek folslein los fan 'e al of net besteande [[biology]]ske of [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasiale]] sibskip tusken de sprekkers fan 'e oangeande talen.
 
==Taalbesibskip==
Tusken taalfamyljes komt by definysje gjin oarspronklike besibbens foar; wol kin letter [[ûntliening]] foarkomme. Dy besibbens yn in taalfamylje is lykwols net altiten like dúdlik. Sa waard it [[Keltysk]] eartiids net ta it [[Yndogermaansk]] rekkene, oant dochs in sibskip mei de Yndogermaanske talen fûn waard.
Op grûn fan 'e [[ferlykjende taalkunde]] wurdt útmakke oft in beskate taal al of net diel útmakket fan in taalfamylje. Talen dy't binnen in taalfamylje op deselde hichte steane, wurde sustertalen neamd; de taal dêr't sokke talen út fuortkomme, hjit dan de memmetaal, dy't sels ek wer sustertalen hawwe kin, ensfh. It bewiis foar taalkundige sibskip leit yn waarnimbere mienskiplike skaaimerken dy't net feroarsake wurde troch kontakt mei buortalen of it oernimmen fan [[lienwurd]]en.
[[File:Languages of Europe map.png|left|thumb|400px|Talen en taalfamyljes yn [[Jeropa]].]]
 
Besibbe talen beskikke oer oerbliuwsels fan 'e mienskiplike oertaal dy't net ferklearre wurde kinne troch ûntliening of oare foarmen fan taalkontakt. Fierders kin oantoand wurde by hokker tûke fan in taalfamylje oft in taal heart troch mienskiplike ynnovaasjes dy't net foarkomme yn 'e oertaal of yn talen dy't ta oare tûken fan deselde taalfamylje hearre. Om in foarbyld te jaan: de [[Germaanske talen]], dêr't it [[Frysk]] ta heart, binne "Germaansk" om't se [[wurdskat|fokabulêre]] en [[grammatika]]le skaaimerken gemien hawwe dy't net foarkamen yn 'e [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]e oertaal en dy't likemin foarkomme yn 'e oare tûken fan 'e [[Yndo-Jeropeeske talen]], mar wêrfan't ynstee oannommen wurdt dat se har ûntjûn hawwe yn it [[Proto-Germaansk]], de oertaal fan alle Germaanske talen.
 
Hjoed de dei binne der 5.000 oant 8.000 libbene talen op 'e wrâld (ôfhinklik fan wêr't men de grins lûkt tusken [[taal]] en [[dialekt]]). Dêrnjonken binne der noch hûnderten, miskien wol tûzenen [[deade taal|útstoarne talen]]. As men derfan útgiet dat de [[minske]] as [[soarte]] op ien plak ûntstien is, moatte al dy talen logyskerwize weromgean op ien oarspronklike oertaal. Mar talen binne libbene dingen, dy't oanhâldend oan it feroarjen binne, en yn it ferline nei alle gedachten noch folle mear as no, mei't it ferskynsel skreaune taal as in rem op dy feroaring wurket.
 
Sadwaande is it faak tige dreech om noch oerienkomsten tusken talen te finen dy't hiel, hiel yn 'e fierte mooglik mei-inoar besibbe binne. Yn it ferline waarden sadwaande de [[Keltyske talen]] earst net ta de [[Yndo-Jeropeeske talen]] rekkene, oant der dochs besibskip ûntdutsen waard. Tsjintwurdich is de taalkunde op it mêd fan it gearstallen fan taalfamyljes hast safier kommen as dat mooglik is, en bejouwe taalwittenskippers har hieltyd faker op it tinne iis fan teoretyske taalbesibskip.
 
==Yndieling fan talen yn taalfamyljes==
===Supertaalfamyljes===
Ien fan 'e meast foaroansteande en ek ien fan 'e kontroversjeelste [[taalkundige]]n fan 'e [[tweintichste ieu]] wie de [[Feriene Steaten|Amerikaan]] [[Joseph Greenberg]], dy't oerienkomsten seach op plakken dêr't oaren dy net seagen. Ek oare taalkundigen, lykas [[Edward Sapir]], hawwe de lêste ieu op dy manear oan 'e gong west. Dêrmei is in ramtwurk fan supertaalfamyljes skepen dat yn grutte linen in universele yndieling fan talen werjout, ek al is it net algemien akseptearre of hielendal sekuer. Hjirûnder in oersjoch, op folchoarder fan sprekkersoantal.
 
{| class="wikitable"
|-
! taalfamylje
! tal talen
! tal sprekkers
! foarbylden fan talen
|-
| de [[Yndo-Jeropeeske talen]]
|<small> ±440 talen </small>
|<small> ± 3 miljard spr.</small>
|<small>[[Ingelsk]], [[Frânsk]], [[Spaansk]], [[Portegeesk]], [[Russysk]], [[Dútsk]], [[Italjaansk]], [[Nederlânsk]], [[Frysk]], [[Gryksk]], [[Armeensk]], [[Perzysk]], [[Koerdysk]], [[Pataansk]], <br>[[Hindy]], [[Pûndjaby]], [[Oerdû]], [[Maratysk]], [[Bingaleesk]], [[Singaleesk]], [[Nepaleesk]], [[Latyn]] †, [[Hettitysk]] †, mooglik [[Filistynsk]] †</small>
|-
| de [[Sino-Tibetaanske talen]]
|<small> ±400 talen </small>
|<small> 1,3 miljard spr.</small>
|<small>[[Mandarynsk]], [[Kantoneesk]], [[Birmeesk]], [[Tibetaansk]]</small>
|-
| de [[Niger-Kongoleeske talen]] <br><small>(foarhinne de Niger-Kordofaanske talen)</small>
|<small> >1.500 talen</small>
|<small> 600 miljoen spr.</small>
|<small>[[Swahily]], [[Jorûba (taal)|Jorûba]] (''Yoruba''), [[Ibo (taal)|Ibo]], [[Fûlany (taal)|Fûlany]], [[Kikûjû (taal)|Kikûjû]] (''Kikiyu''), [[Sjona (taal)|Sjona]] (''Shona''), [[Sûlû (taal)|Sûlû]] (''Zulu''), [[Kosa (taal)|Kosa]] (''Xhosa'') </small>
|-
| de [[Austronezyske talen]]
|<small> <1.300 talen </small>
|<small> 390 miljoen spr.</small>
|<small>[[Yndonezysk]], [[Maleisk]], [[Javaansk]], [[Filipynsk]], [[Sebûaansk]], [[Balineesk]], [[Malagassysk]], [[Maoary (taal)|Maoary]] (''Maori''), [[Hawajaansk]]</small>
|-
| de [[Afro-Aziatyske talen]]
|<small> ±300 talen </small>
|<small> >350 miljoen spr.</small>
|<small> [[Arabysk]], [[Hebrieusk]], [[Amhaarsk]], [[Somalysk]], [[Malteesk]], [[Berbertalen]], [[Egyptysk]] †, [[Akkadysk]] †</small>
|-
| de [[Altayske talen]]
|<small> 66 talen</small>
|<small> ±350 miljoen </small>
|<small>[[Turksk]], [[Azerbeidzjaansk]], [[Kazachsk]], [[Turkmeensk]], [[Kirgizysk]], [[Oezbeeksk]], [[Oeigoersk]], [[Mongoalsk]], [[Jakoetysk]], [[Ewinkysk]]</small>
|-
| de [[Dravidyske talen]]
|<small> 73 talen </small>
|<small> ±225 miljoen spr.</small>
|<small>[[Tamylsk]], [[Telûgû (taal)|Telûgû]], [[Kanareesk]], [[Malayalam]]</small>
|-
| de [[Japanske talen]]
|<small> 7 talen </small>
|<small> 127 miljoen spr. </small>
|<small>[[Japansk]], [[Okinawaansk]]</small>
|-
| de [[Tai-Kadai-talen]]
|<small> ±95 talen</small>
|<small> 100 miljoen spr.</small>
|<small>[[Taisk]], [[Laotiaansk]], [[Sjan (taal)|Sjan]] (''Shan''), [[Sjûang (taal)|Sjûang]] (''Zhuang'')</small>
|-
| de [[Austro-Aziatyske talen]]
|<small> ±170 talen</small>
|<small> 80 miljoen spr.</small>
|<small>[[Fjetnameesk]], [[Kmer (taal)|Kmer]] (''Khmer''), [[Mon (taal)|Mon]]</small>
|-
| de [[Koreaanske talen]]
|<small> 2 talen </small>
|<small> 77 miljoen spr.</small>
|<small>[[Koreaansk]], [[Djedjûaansk]]</small>
|-
| de [[Nilo-Saharaanske talen]]
|<small> ±205 talen </small>
|<small> 50 miljoen spr.</small>
|<small> [[Lûo (taal)|Lûo]] (''Luo''), [[Songhai (taal)|Songhai]], [[Dinka (taal)|Dinka]], [[Kanoery (taal)|Kanoery]] (''Kanuri''), [[Masaï (taal)|Masaï]] (''Maasai'')</small>
|-
| de [[Ameryndyske talen]]
|<small> ±1.000 talen</small>
|<small> ±26 miljoen spr.</small>
|<small>[[Ketsjûa (taal)|Ketsjûa]] (''Quechua''), [[Aymara (taal)|Aymara]], [[Azteeksk]], [[Sjeroky (taal)|Sjeroky]] (''Cherokee''), [[Sjajinsk]] (''Cheyenne''), [[Sû (taal)|Sû]] (''Sioux''), [[Odjibwe (taal)|Odjibwe]] (''Ojibwe''), [[Kry (taal)|Kry]] (''Cree'')</small>
|-
| de [[Oeralysk-Jûkagierske talen]]
|<small> 41 talen</small>
|<small> 25 miljoen spr.</small>
|<small>[[Finsk]], [[Estysk]], [[Hongaarsk]], [[Oedmoertysk]], [[Neder-Mary (taal)|Mary]], [[Komy-Syrjeensk|Komy]]</small>
|-
| de [[Yndo-Pasifyske talen]]
|<small> ±1.100 talen </small>
|<small> ±10 miljoen spr.</small>
|<small>[[Westlik Dary (taal)|Westlik Dary]], [[Ekary (taal)|Ekary]], [[Enga (taal)|Enga]], [[Hûly (taal)|Hûly]] (''Huli''), [[Melpa (taal)|Melpa]], [[Eastlik Torresstrjitte-eilânsk]]
</small>
|-
| de [[Hmong-Miën-talen]]
|<small> 17 talen </small>
|<small> 8,3 miljoen spr.</small>
|<small>[[Hmong-talen]], [[Miën-talen]]</small>
|-
| de [[Noardkaukazyske talen]]
|<small> 38 talen</small>
|<small> 5,9 miljoen spr.</small>
|<small>[[Tsjetsjeensk]], [[Sirkassysk]], [[Abgazysk]], [[Yngûsjetysk]], [[Avaarsk]]</small>
|-
| de [[Súdkaukazyske talen]]
|<small> 4 of 5 talen </small>
|<small> 5,2 miljoen spr.</small>
|<small>[[Georgysk]], [[Mingrelysk]]</small>
|-
| de [[Koisan-talen]]
|<small> 20-40 talen</small>
|<small> ±300.000 spr.</small>
|<small>[[Sandawe (taal)|Sandawe]], [[Nama (taal)|Nama]], [[Hadza (taal)|Hadza]], [[Taa (taal)|Taa]]</small>
|-
| de [[Dené-Jenisejaanske talen]]
|<small> ±55 talen </small>
|<small> ±180.000 spr. </small>
|<small>[[Navaho (taal)|Navaho]], [[Apache-talen]], [[Tlingit (taal)|Tlingit]], [[Haida (taal)|Haida]], [[Sarsy (taal)|Sarsy]] (''Sarcee''), [[Kettysk]]</small>
|-
| de [[Eskimo-Aleoetyske talen]]
|<small> ±13 talen </small>
|<small> ±120.000 spr.</small>
|<small>[[Grienlânsk]], [[Inûktitût]] (''Inuktitut''), [[Inûvialûktûn]] (''Inuvialuktun''), [[Inûpiat]] (''Iñupiat''), [[Middenalaskaansk Jûpik]] (''Central Alaskan Yup'ik''), [[Aleoetysk]]</small>
|-
| de [[Australyske talen]]
|<small> ±230 talen </small>
|<small> 52.000 spr.</small>
|<small> [[Tiwy (taal)|Tiwy]], [[Warlpiry (taal)|Warlpiry]], [[Mabûjak (taal)|Mabûjak]] (''Mabuyag''), [[Westwoastynsk]] (''Western Desert'')</small>
|-
| de [[Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen]]
|<small> 5 talen </small>
|<small> 8.000 spr.</small>
|<small>[[Tsjûktsjysk]], [[Korjaaksk]]</small>
|-
| de [[Tyrreenske talen]]
|<small> 3-7 talen </small>
|<small> útstoarn</small>
|<small>[[Etruskysk]] †, [[Retysk]] †, [[Lemnioatysk]] †</small>
|-
| de [[Hoerritysk-Oerarteeske talen]]
|<small> 2-3 talen </small>
|<small> útstoarn</small>
|<small>[[Hoerritysk]] †, [[Oerarteesk]] †, mooglik [[Kassitysk]] †</small>
|}
 
===Sekuerdere yndieling===
Hjirûnder in list fan alle taalfamyljes (d.w.s., allinne de grutste ferbannen werjûn).
[[File:Africa ethnic groups 1996.jpg|right|thumb|300px|Talen en taalfamyljes yn [[Afrika]].]]
[[File:Langs N.Amer.png|right|thumb|400px|Talen en taalfamyljes yn [[Noard-Amearika]].]]
 
== Yndieling ==
Neffens de tige ynfloedrike en kontroversjele Amerikaanske linguïst [[Joseph Greenberg]] en in oantal oare taalkundigen kinne de measte talen op de wrâld yndield wurde yn sântjin haadgroepen, te witten:
* de [[Koisan talen]]
* de [[Niger-Kordofan talen]]
* de [[Nilo-Saharyske talen]]
* de [[Afro-Aziatyske talen]]
* ''de [[Altayske talen]]'' <small>(noch altyd net hielendal algemien akseptearre)</small>
* de [[Kaukasyske talen]]
** de [[Yndo-JeropeeskeMongoalske talen]]
** itde [[UralyskTûngûzysk-JûkagjersMantsjoeske talen]]
** de [[AltayskeTurkske talen]]
* ''de [[Ameryndyske talen]]'' <small>(fierre fan algemien akseptearre)</small>
* [[Tsjûktjisk-Kamtsjatkaansk]]
** ''de [[Almosaansk-Kerresûaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
* de [[Eskimo-Aleoetyske talen]]
*** ''de [[Kerresûaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** de [[Kerresaanske talen]]
**** ''de [[Makro-Sûaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Irokeeske talen]]
***** de [[Keddoaanske talen]]
***** de [[Sûaanske talen]]
*** ''de [[Almosaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** ''de [[Makro-Algonkwynske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Algyske talen]]
***** de [[Jûkyske talen]]
***** de [[Muskogeeske talen]]
**** ''de [[Mosaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Salisjaanske talen]]
***** de [[Tsimakûaanske talen]]
***** de [[Wakasjaanske talen]]
** ''de [[Andeaansk-Ekwatoriale talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** ''de [[Andeaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** de [[Alakalûfaanske talen]]
**** de [[Araukaanske talen]] <small>(of mooglik yn 'e Makro-Penûtiaanske taalfamylje)</small>
**** de [[Esmerelda-Jarûro-talen]]
**** de [[Hibito-Tsjoloanske talen]]
**** de [[Hivaroaanske talen]]
**** de [[Katakoaanske talen]]
**** ''de [[Ketsjûmaraanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Aymaraanske talen]]
***** de [[Ketsjûaanske talen]]
**** ''de [[Makro-Arawakaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Arauaanske talen]]
***** de [[Arawakaanske talen]]
***** de [[Katembry-Harûmaanske talen]]
***** de [[Otomakoaanske talen]]
***** de [[Tinigûaanske talen]]
***** de [[Tsjapakûraanske talen]]
***** de [[Urû-Tsjipayaanske talen]]
**** de [[Patagoanyske talen]] <small>(ek wol de Chon-talen neamd)</small>
**** de [[Salivaanske talen]]
**** de [[Samûkoaanske talen]]
**** de [[Saparoaanske talen]]
**** de [[Timoteaanske talen]]
**** de [[Tsjahûapaanske talen]]
**** de [[Tûpiaanske talen]]
*** ''de [[Ekwatoriale talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** ''de [[Makro-Tûkanoaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Arûtany-Sape-talen]]
***** de [[Katûkinaanske talen]]
***** de [[Nambikwaraanske talen]]
***** de [[Pûinaafske talen]]
***** de [[Tekiraka-Kanitsjaanske talen]]
***** de [[Tûkanoaanske talen]]
**** ''de [[Tsjiptsjaansk-Paézaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Janomamyske talen]]
***** de [[Lenkaanske talen]]
***** de [[Misûmalpaanske talen]]
***** ''de [[Paézaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
****** de [[Barbakoaanske talen]]
****** de [[Hiraharaanske talen]]
****** de [[Kokonûkaanske talen]]
****** de [[Mûraanske talen]]
****** de [[Tsjimûaanske talen]]
****** de [[Tsjoko-talen]]
***** de [[Sjinkaanske talen]] <small>(ek wol stavere as Xinca-talen)</small>
***** de [[Tsjiptsjaanske talen]]
** ''de [[Azteeksk-Tanoaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** de [[Jûto-Azteekske talen]]
*** de [[Sapotekaanske talen]]
*** de [[Oto-Mangeaanske talen]]
*** de [[Popolokaanske talen]]
*** de [[Tanoaanske talen]]
** de [[Hody-talen]]
** ''de [[Hokaansk-Koähûyltekaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** de [[Hokaanske talen]]
*** de [[Koähûyltekaanske talen]]
*** de [[Sjûmassyske talen]]
*** de [[Tolûpaanske talen]] <small>(ek wol stavere as Jicaque- of Xicaque-talen)</small>
** ''de [[Makro-Penûtiaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** de [[Araukaanske talen]] <small>(of mooglik yn 'e [[Andeaansk-Ekwatoriale taalfamylje)</small>
*** de [[Mayaanske talen]]
*** de [[Maidûaanske talen]]
*** de [[Mys-Sok-talen]] <small>(ek wol stavere as Mixe-Zoque-talen)</small>
*** de [[Penûtiaanske talen]]
*** de [[Sahaptynske talen]]
*** de [[Totonaakske talen]]
*** de [[Wintûaanske talen]]
** de [[Nadahûp-talen]]
** ''de [[Sjê-Pano-Karibyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** ''de [[Makro-Karibyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** de [[Karibyske talen]]
**** de [[Peba-Jagûaanske talen]]
**** de [[Witotoaanske talen]]
*** ''de [[Makro-Panoaanske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** de [[Lûle-Wilela-talen]]
**** de [[Maskoiaanske talen]]
**** ''de [[Matako-Gûaiakûrû-talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
***** de [[Gûaiakûrû-talen]]
***** de [[Matakoaanske talen]]
**** de [[Mosetenaanske talen]]
**** de [[Pano-Takanaanske talen]]
**** de [[Tsjarrûaanske talen]]
*** ''de [[Makro-Sjê-talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
**** de [[Borôro-talen]]
**** de [[Jabûtiaanske talen]]
**** de [[Kamakaanske talen]]
**** de [[Kariry-talen]]
**** de [[Krenakaanske talen]]
**** de [[Masjakalaanske talen]]
**** de [[Pûriaanske talen]]
**** de [[Sjê-talen]]
* ''de [[Australyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
** ''de [[Arnhimlânske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre; hjir soene ek twa isolearre talen ta hearre)</small>
*** de [[Burraraanske talen]]
*** de [[Giimbiyu-talen]]
*** de [[Iwaidjaanske talen]]
** de [[Bunaba-talen]]
** de [[Daly-talen]]
** de [[Djeragaanske talen]]
** de [[Gunwinyguaanske talen]]
** de [[Limilngaanske talen]]
** de [[Mirndy-talen]]
** de [[Nyulnyulaanske talen]]
** de [[Pama-Nyungaanske talen]]
** de [[Wororaanske talen]]
* de [[Austro-Aziatyske talen]]
* de [[Austronezyske talen]]
* de [[Dené-Jenisejaanske talen]] <small>(de earste koartby bewiisde besibskip tusken in Aziatyske taalfamylje (de [[Jenisejaanske talen]] fan Sibearje) en in Amerikaansken-ien, de [[Na-Dené-talen]]))</small>
* de [[Dravidyske talen]]
* de [[Eskimo-Aleoetyske talen]]
* de [[Hoerritysk-Oerarteeske talen]] † <small>(mooglik besibbe oan 'e Noardeastkaukazyske talen)</small>
* de [[Hmong-Miën-talen]]
* de [[Yndo-Jeropeeske talen]]
* ''de [[Yndo-Pasifyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
** de [[Andamaanske talen]]
** ''de [[Papoeaaske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** de [[Baining-talen]]
*** de [[Eastfûgelkop-Sentany-talen]]
*** de [[Eastpapoeaaske talen]] <small>(ek wol Middensalomoneilânsk talen neamd)</small>
*** de [[East-Trans-Fly-talen]]
*** de [[Fas-talen]]
*** de [[Gielfinkbaaitalen]]
*** de [[Yele-Westnijbrittanyske talen]]
*** de [[Yuat-talen]]
*** de [[Kwomtary-talen]]
*** de [[Lofts-May-talen]]
*** de [[Mairasy-talen]]
*** de [[Marreflaktetalen]]
*** de [[Nimboran-talen]]
*** de [[Noardbougainvylske talen]]
*** de [[Papoeaaske Grinstalen]]
*** de [[Piawy-talen]]
*** de [[Ramû-Nedersepik-talen]]
*** de [[Senagy-talen]]
*** de [[Sepik-talen]]
*** de [[Sko-talen]]
*** de [[Súdbougainvylske talen]]
*** de [[Tor-Kwerba-talen]]
*** de [[Torricelli-talen]]
*** de [[Trans-Fly-Bulaka-talen]]
*** de [[Transnijguineeske talen]]
*** de [[Westpapoeaaske talen]]
** de [[Tasmaanske talen]] †
* de [[Japanske talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Altayske talen)</small>
* ''de [[Kaukazyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
** ''de [[Noardkaukazyske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
*** de [[Noardeastkaukazyske talen]] <small>(ek wol Kaspyske talen neamd)</small>
*** de [[Noardwestkaukazyske talen]] <small>(ek wol Pontyske talen neamd)</small>
** de [[Súdkaukazyske talen]] <small>(ek wol de Kartvelyske talen neamd)</small>
* ''de [[Koisan-talen]]'' <small>(lange tiid as taalfamylje beskôge, mar koartby wjerlein en no net mear akseptearre)</small>
** de [[Kcha-talen]]
** de [[Koe-talen]]
** de [[Tû-talen]]
* de [[Koreaanske talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Altayske talen)</small>
* de [[Mande-talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Niger-Kongoleeske talen)</small>
* de [[Niger-Kongoleeske talen]] <small>(foarhinne Niger-Kordofaanske talen)</small>
* ''de [[Nilo-Saharaanske talen]]'' <small>(noch altyd net hielendal algemien akseptearre)</small>
** de [[Fûr-talen]]
** de [[Kadû-talen]]
** de [[Komaanske talen]]
** de [[Mabaanske talen]]
** de [[Saharaanske talen]]
** de [[Songhaiske talen]]
** de [[Tsjary-Nyl-talen]]
* ''de [[Oeralysk-Jûkagierske talen]]'' <small>(net algemien akseptearre)</small>
** de [[Jûkagierske talen]]
** de [[Oeralyske talen]]
* de [[Ongyske talen]] <small>(ek wol Súdandamaanske talen neamd; mooglik ûnderdiel fan 'e Austronezyske talen)</small>
* de [[Siangyske talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Austronezyske talen)</small>
* de [[Sino-Tibetaanske talen]]
* de [[Tai-Kadai-talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Austronezyske talen)</small>
* [[Austrysk]]
* de [[YndopasifyskeTyrreenske talen]]
* de [[Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen]] <small>(ek wol Luorawetlaanske talen neamd)</small>
* de [[Australyske talen]]
* de [[Ubangyske talen]] <small>(mooglik ûnderdiel fan 'e Niger-Kongoleeske talen)</small>
* [[Na-dene]]
 
* de [[Amerindyske talen]]
==Isolearre talen==
Njonken de taalfamyljes binne der dan noch de [[isolearre taal|isolearre talen]]. Dat binne talen wêrfan't (oant no ta) gjin besibskip mei oare talen oantoand is. De bekendste isolearre taal, en de iennichste yn [[Jeropa]], is it [[Baskysk]], mar ek it [[Ainû (taal)|Ainû]] fan noardlik [[Japan]] is der ien, krekt as it [[Taraskysk]] fan [[Meksiko]] en it [[Bûrûsjasky (taal)|Bûrûsjasky]] út 'e [[Pakistan|Pakistaanske]] [[Himalaya]]. Ek ferskate útstoarne, mar goed dokumintearre talen út 'e [[Aldheid]] fan it [[Midden-Easten]] wurde as isolearre beskôge: it [[Elamitysk]], it [[Sûmearysk]] en it [[Hattysk]]. Yn totaal binne der sa'n 74 isolearre talen; dêrby wurdt lykwols gjin rekken holden mei de boppesteande, net algemien akseptearre taalfamyljes, dêr't behalven lytsere taalkloften ek in flink tal talen yn opnommen binne dy't oars as isolearre beskôge wurde. De isolearre talen binne sa oer de wrâld ferdield: yn [[Midden-Amearika|Midden]]- en [[Súd-Amearika]] 28; op [[Nij-Guineä]] 15; yn [[Noard-Amearika]] 14; yn [[Aazje]] 8; yn [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]] 5; yn [[Afrika]] 3; en yn [[Jeropa]] 1.
 
==net-klassifisearre talen==
In oar soarte fan talen dat net ta taalfamyljes heart, wurdt foarme troch de net-klassifisearre talen. Dat binne talen dy't men, sa't de namme al seit, (noch) net ûnderbringe kinnen hat yn in taalfamylje. Fan sokke talen binne der op 'e hiele wrâld sa'n 47. De reden foar dit brekme oan yndieling is yn 'e regel dat se útstoarn binne sûnder genôch skreaun materiaal nei te litten dat klassifikaasje mooglik makket. Dat is bgl. it gefal mei it [[Ibearysk]], dat yn 'e pre-[[Romeinske Ryk|Romeinske]] tiid op it [[Ibearysk Skiereilân]] sprutsen waard, en mei it [[Piktysk]], dat oant yn 'e [[Midsieuwen]] yn [[Skotlân]] sprutsen waard. Foar it Ibearysk tinkt men oan in relaasje mei de [[Berbertalen]] fan [[Noard-Afrika]], en oangeande it Piktysk liket in [[Keltyske talen|Keltyske]] oarsprong foar de hân te lizzen, mar soks falt net te bewizen mei de ynformaasje dy't op it stuit beskikber is.
 
In oare reden dat in taal noch net klassifisearre is, kin wêze om't der gjin kontakt mei de sprekkers bestiet. Dat is bgl. sa yn it gefal fan it [[Sentineleesk]], de taal dy't sprutsen wurdt troch de lânseigen stamme op it eilantsje [[Sentinel (Andamanen)|Sentinel]], dat diel útmakket fan 'e [[Andamanen]], in [[Yndia]]aske arsjipel yn 'e [[Golf fan Bingalen]]. Mei dy stamme is troch de Westerske wrâld noch altyd gjin kontakt lein, en it regear fan Yndia hat it eilantsje útroppen ta in reservaat, dêr't net ien komme mei.
 
==Mingtalen en kreoalske talen==
== Oertaal ==
Ta einbeslút binne der dan noch de [[mingtaal|mingtalen]] en de [[kreoalske taal|kreoalske talen]], dy't har ek min yndiele litte yn taalfamyljes. De reden dêrfoar is dat sokke talen ûntstien binne troch ûnderskate grûntalen (dy't faak fan hiel ferskillende taalfamyljes binne) trochinoar te mjuksjen. De likenissen dy't sokke talen mei de grûntalen fertoane, berêst dus net op besibskip, mar op ûntliening. Sadwaande wurde mingtalen en kreoalske talen ornaris yn har eigen kategoryen pleatst, dy't los steane fan taalkundige taalfamyljes.
Der is in teory dat alle taalfamyljes út deselde taal of prototaal ûtstean binne, wat de taalfamyljes stagen fan ien grutte taalfamylje meitsje soe. It is lykwols net ienfâldich om it al as net bestean fan in sibskip út in sa fier ferline te bewizen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
== Literatuer ==
*{{aut|Crystal, D.}}, ''The Penguin Dictionary of Language (Second Edition)'', Londen, 1999 (Penguin), ISBN 978-0 14 05 14 162.
{{aut|Ruhlen, M.}}, ''A Guide to the World's Languages, Volume One: Classification'', 1987-London.
*{{aut|Ruhlen, M.}}, ''A Guide to the World's Languages, Volume One: Classification'', Londen, 1987.
----
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Language_family ''Notes'' en ''Further reading'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Taalfamylje| ]]
[[Kategory:Taalkunde]]