Heuvel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
L + synonym
Rigel 1:
[[File:Clouds over hills.jpg|right|thumb|250px|Heuvels.]]
In '''heuvel''' as '''hichte''' is in ferhef yn it lân, dat hegernôch is om ûnderskaat te wurden fan in gloaiïng, mar leger as in [[berchtme|berch]]. Formeel is de grins tusken heuvels en bergen fêststeld by in top dy't 200 m boppe syn om-en-by útstekt; dêrboppe is it in berch, dêrûnder in heuvel.
 
Yn [[Nederlân]], dat gjin echte bergen hat, wurde heuvels al hiel gau bergen neamd, lykas de [[Faalserberch]] of de [[Sint-Pitersberch]], dat eins gewoan heuvels binne. De bekendste heuvels fan Nederlân binne sitewearre yn [[Súd-Limburch]], mar ek yn [[Gelderlân]] (de [[Hege Feluwe]]), [[Utert (provinsje)|Utert]] (de [[Uterter Heuvelrêch]]) en [[Oerisel]] (de [[Sallânske Heuvelrêch]]) komme se foar. De [[sân]]heuvels oan 'e [[Hollân]]ske kust en op 'e [[Waadeilannen]] en de [[Seelân|Sieuske Eilannen]] wurde [[dún|dunen]] neamd en oer it algemien net as echte heuvels beskôge, hoewol't se dat strikt nommen wol binne.