Hludana-stien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2364798 (translate me)
L redke
Rigel 1:
De '''Hludana-stien''' is in monumintale [[ûnthjitstien]] dy't yn [[1888]] by ôfgravings fan in [[terp]] yn it [[Fryslân|Fryske]] doarp [[Bitgum]] fûn is. Oan de Latynske ynskripsje is te sjen dat dy ûnthjitstien datearret út it begjin fan de jiertelling. De Stien is wijd oan de goadinne [[Hludane]].
 
De ynskripsje dêrop giet sa: (oerset út it [[Latyn]] wei): ‘''Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren ûnthjit betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.''’
 
Hludana wie net allinnich in wichtige goadinne foar de [[Frisii]], mar ek yn gebieten by de rivier de [[Ryn]] lâns, bygelyks by [[Kalkar]] en, [[XantenKsanten]], en ek by oare folken. By de Ryn lâns binne noch fjouwer fan sokke ûnthjitstiennen fûn. It oprjochtsjen fan sokke stiennen stammet út de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]], yn dy tiid waard dat fenomeen, sij it yn in oare foarm, yntrodusearre opyn ús gebietFrsyslân. De stiennen waarden dan net wijd oan de Romeinske goaden, mar oan de eigen goaden, wêrûnder Hludana dus. Dizze stien is de ienige ûnthjitstien dy't ea yn Fryslân fûn is.
 
It wêzen fan de goadinne is net dúdlik: De Bitgumer stien leit in ferbân mei it fiskjen, wat Hludana in wettergoadinne meitsje soe. Der liket lykwols in sibskip te wêzen mei de Aldnoarske goadinne Hlodyn, in frou fan [[Weda]]. Yn oare ferhalen hjit deselde frou lykwols "Jord", oftewol "Ierde". Dat soe bestjutte dat hja in ierdgoadinne is. Mar Hlodyn wie ek de mem fan de god [[Tonger (god)|Tonger]]. De rol fan mem fan de tonger soe mear dy fan in loft-goadinne wêze, en yn dit ferbân is der wol op wiisd dat de namme besibbe wêze koe oan dy fan [[Holda]], de waar-goadinne.
 
UsIt kenniswitten oer de [[Romeinen yn Fryslân]] is foar in part basearre op de argeologyske fynsten, en oan de oare kant it wurk fan klassike, Grykske en Latynske auteurs. Skriftlike boarnen út it gebiet sels, lykas dizze stien, binne tige seldsum. Wat der is – bygelyks ek it ferneamde [[skriuwplankje fan Tolsum|taffeltsje fan Tolsum]] –, wiist derop dat de Friezen boeren wiene. Hja betellen de Romeinen belesting yn de foarm fan oksehûden[[okse]]hûden. Hoe’t de ferhâlding tusken de Romeinen en de Friezen wie, is noch hieltiten net helder., Der kin wol sein wurde datmar it skriuwplankje fan Tolsum en de Hludana-stien binne wol bewizen binne fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten.
 
It ûnderwerp is opnommen yn de [[Kanon fan Fryslân]].