Huzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Schrans -> Skrâns; Verlengde Schrans -> Ferlingde Skrâns
L Julianalaan -> Julianaleane; Wibald van Stablo -> Wibald fan Stablo
Rigel 2:
'''Huzum''' wie froeger in doarp yn de gritenij [[Ljouwerteradiel]]. Tsjinwurdich is it in wyk yn de [[Fryslân|Fryske]] haadstêd [[Ljouwert]]. Der binne likernôch 9.000 bewenners.
 
Yn Ljouwert wurd ûnderskied makke tusken ''Huzum doarp'' en ''Huzum West''. De grins hjirtusken is de [[Skrâns]] en de [[Ferlingde Skrâns]]. Huzum doarp leit rûchwei tusken de [[Potmarge]] en de ''Adlânsdyk''. Huzum West tusken de ''JulianalaanJulianaleane'' en en it spoar.
 
Huzum is wol wat in spesjaal diel fan Ljouwert. De minsken dy't er wenje neame harren sels ''Huzumers''. Dit komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Der is fan alles te keap en derom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean lykwols minder.
 
==Skiednis==
It âlde doarp Huzum is boud op in [[terp]]. Sûnt [[1000]] n. Kr. waard ik foar it earst bewenne. De earste skriftlike boarne wêr't yn melding makke wurd fan Huzum is in brief fan [[Wibald vanfan Stablo]], de abt fan [[Corvey]]. Dizze skreau syn brief út namme fan de "Khristenen van de Parochie Lieuward ten jaren 1149" oan de biskop fan [[Utert (stêd)|Utert]]. Besiden foarstellen oer de tsjerke fan Ljouwert, joech dizze abt yn syn brief advizen om de oanlis en de bewenning fan Huzum opgien te litten yn die fan Ljouwert.
 
Oant [[1 jannewaris]] [[1944]] wie Huzum de haadplak fan de gemeente [[Ljouwerteradiel]]. Under de Dútske besetting, waard it súdlike stik fan de gemeente Ljouwerteradiel, it [[Sudertrimdiel]], by de gemeente Ljouwert foege. Hjirtroch waard Huzum in wenwyk fan Ljouwert.