Each: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: an:Uello is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 3:
 
== Anatomy ==
* It each bestiet út in hurde bûtenrâne, dy't oan 'e foarkant trochsichtich is (de ''cornea'' = hoarnflues) en foar de rest ûntrochsichtich (de ''sclera'' = it 'wyt'). It each sit yn 'e eachkas dêr't it troch seis eksterne [[spier]]en op syn plak holden wurdt. Dy spieren meitsje it ek mooglik dat it each draaie kin. Oan 'e efterkant ferlit de eachsenuw (''nervus opticus'' = twadde [[harsensenuwharsenssenuw]]) it each. It each is fold mei glêseftich lichem. Tegearre mei it hoarnflues en de lins soarget dat foar de brekking fan it ljocht.
* Yn it each, efter it hoarnflues leit de lins. De lins is mei help fan spierkes ferfoarmber. Dit makket it mooglik om sawol fan tichtby as fierôf skerp te sjen (akkomodaasje)
* Tusken hoarnflues en lins sit de ''iris'' (reinbôgeflues). Dit flues hat yn 'e midden in iepening dêr't it ljocht troch falt. Troch spierkontraksjes kin dizze iepening grutter en lytser wurde, sadat der mear as minder ljocht yn't it each falt.