Ynterfryske Flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Keppeling om utens: kt + defsort
Rigel 33:
==Twadde útstel fan de Groep fan Auwerk (2009)==
[[File:Redbadflagge.PNG|thumb|left|250px|De Redbadflagge.]]
Yn in ferklearring fan juny 2009 priizge de Groep fan Auwerk de Fryske Rie om't dy wurd holden hie troch dat jiers mei in flagge te kommen, mar dochs wiene se it net iens mei de kar fan 'e Rie. ItDe beswieren fan 'e Groep fan Auwerk tsjin 'e nije Ynterfryske Flagge wiene fan twaerlei aard: yn it foarste plak liek dy harren net [[heraldyk|heraldysk]] ferantwurde, en boppedat fertsjintwurdige de "sjitskiifflagge" inkeld de Friezen yn Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân, wylst de Groep fan Auwerk graach in universele flagge foar alle Friezen sjen soe, dêr't ek Friezen om utens yn meinommen waarden en dý ynwenners fan eardere Fryske gebieten as West-Fryslân, de Ommelannen en it Dútske lânskip [[Lân Wûrsten|Wûrsten]] dy't har noch Fries fiele.
 
Dêrta stelde de Groep fan Auwerk út om 'e saneamde Redbadflagge, de [[leginde|legindaryske]] flagge fan 'e [[Iere Midsieuwen|ier-Midsieuske]] Fryske kening [[Redbad]], ta ynterfryske flagge te beneamen. De Redbadflagge hat in blau fjild mei dêrop twa goudene, steapele, wache (d.w.s. jin oansjende), geande liuwen mei reade klauwen. Om 'e liuwen hinne binne sulverne (wite) [[peinje]]s ferspraat (neffens de beskriuwing fan 'e Groep fan Auwerk, al lykje dy in fertocht soad op lytse pompebledsjes). It muoide de Groep fan Auwerk dat de Redbadflagge pas sa let yn byld kommen wie, mar dochs liek it harren de bêste kar ta.