Tean: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
nije side |
L Robot: he:אצבעות כף הרגל is een etalage-artikel; tekstwiziging |
||
Rigel 1:
[[
In '''tean''' is yn 'e [[anatomy]] fan [[rêchstringdieren]] (wêrûnder de [[minske]]) ien fan in stikmannich útstykjende en ûnôfhinklik beweechbere ûnderdielen fan 'e [[foet]] of poat. By minsken befine de teannen har oan 'e foarside fan 'e foet, mar by guon [[bisten]], lykas de measte [[fûgels]], sit ien tean oan 'e efterside. Yn oare gefallen, lykas by [[bearen]], sitte de teannen sa fier faninoar ôf dat de bûtensten har oan wjerskanten fan 'e poat befine.
== Nammejouwing ==
De minske hat normaalwei fiif teannen oan eltse foet, dy't fan binnen nei bûten ta wat langer wat lytser wurde. De binnenste tean wurdt sadwaande de [[grutte tean]] neamd, en de bûtenste de [[lytse tean]]. De trije middelste teannen hawwe gjin spesifike namme, mar om se te ûnderskieden wurde se fan binnen nei bûten ta wol de twadde, trêde en fjirde tean neamd. De tean is beklaaid mei [[hûd]], dy't oan 'e ûnderkant ornaris fertsjûke is ta [[yl (hûd)|yl]]. Oan 'e boppekant sit op 'e útein fan 'e tean in [[neil]] fan [[hoarnstof]]. Minsken hawwe 14 [[teankeatsje]]s yn eltse foet: 2 yn 'e grutte tean en 3 yn elts fan 'e oare fjouwer teannen.
== Funksje ==
Teannen spylje by de minske in wichtige rol by it rinnen. Flak foar't men jins foet optilt, stipet men op 'e teannen. Wichtiger is noch dat men (ûnbewust) mei teannen jins lykwicht korrizjearret. Minsken dy't ien of mear teannen ferlern hawwe (bgl. oan befriezing), ûnderfine dan earst ek in protte muoite by it rinnen, oant se har oan 'e nije sitewaasje oanpast hawwe. By guon bisten hawwe teannen mear of oare funksjes. Sa hawwe se by [[evenhoevigen]] (lykas [[ko|kij]]) en [[ûnevenhoevigen]] (lykas [[hynder]]s) de funksje fan it rinnen hielendal oernommen fan 'e foet; de [[hakke]] sit by sokke bisten suver healwei de [[skonk]]. By [[apen]] hawwe de teannen har ûntjûn om mei te gripen, en fungearje se min ofte mear itselde as [[finger]]s. De grutte tean is by sokke bisten faak opponearber wurden en fungearret lykas de [[tomme (lichemsdiel)|tomme]] oan 'e [[hân]].
Rigel 13:
[[Kategory:Anatomy]]
{{Link FA|he}}
|