Brune rôt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Wanderratte is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
{{Soarte útwreide|
Ofbyld= [[FileOfbyld:Rattus norvegicus -Fairlands Valley Park, Stevenage, England-8.jpg|250px]]|
Ryk= [[dieren]] (''Animalia'')|
Stamme= [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')|
Rigel 13:
De '''brune rôt''' ([[Latyn]]ske namme: ''Rattus norvegicus'') is in [[sûchdieren|sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje]] fan 'e [[mûseftigen]] (''Muridae''), de ûnderfamylje fan 'e [[mûzen en rotten fan de Alde Wrâld]] (''Murinae'') en it [[skaai]] fan 'e [[echte rotten]] (''Rattus''), dat nei alle gedachten de bekendste moderne [[echte rotten|rotte]][[soarte]] is. Dit bist wurdt yn it [[Frysk]] ek wol '''ierdrôt''', '''gewoane rôt''' of '''rioelrôt''' neamd, of sels wol "wetterrôt", al is dat eins in hiel oars bist. It tinken is dat de brune rôt fan oarsprong op 'e [[Aazje|Noardaziatyske]] flakten libbe, mar dat er him earne yn 'e [[Midsieuwen]] dêrwei oer de rest fan 'e wrâld ferspraat hat, grutdiels mei (de ûnbedoelde) help fan 'e [[minske]]. Tsjintwurdich komt er frijwol oeral foar, mei útsûndering fan [[Antarktika]]. It is ien fan 'e grutste mûseftigen en de dominante rottesoarte yn [[Jeropa]] en grutte parten fan [[Noard-Amearika]]. Yn [[Nederlân]], [[Fryslân]] ynbegrepen, is syn foarkommen algemien. Wat de fersprieding en ek it oanpassingsfermogen oanbelanget, is it ien fan 'e súksesfolste sûchdieren fan 'e wrâld. Brune rotten wurde ek wol as [[hûsdier]]en en as [[proefdier]]en yn laboratoaria holden.
 
== Fersprieding ==
=== Algemien foarkommen ===
[[FileOfbyld:Brown rat distribution.png||right|thumb|300px|Fersprieding fan 'e brune rôt.]]
It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e brune rôt omfieme wierskynlik de flakten fan noardlik [[Aazje]], yn [[Sina|Noard-Sina]] en [[Mongoalje]]. It is ûndúdlik wannear't er krekt komminsaal mei de [[minske]] waard, mar nei alle gedachten begûn er him fanôf dat punt oer de rest fan 'e wrâld te fersprieden. It tinken is dat dat earne yn 'e [[Midsieuwen]] west hawwe moat. By dy fersprieding folge de brune rôt de rûtes fan minsklike migraasje, oer lân, mar fral ek oer see; brune rotten wiene withoelang de ûnwinske mar ûntsjinkearbere fersteklingen op elts skip.
[[FileOfbyld:Rattus norvegicus 1.jpg|left|thumb|160px|De brune rôt fan tichteby.]]
 
It is mooglik dat de brune rôt al yn [[1553]] yn [[Jeropa]] oanwêzich wie, in konklúzje dy't men wol lûkt op grûn fan in yllústraasje en omskriuwing fan 'e [[Switserlân|Switserske]] [[wittenskipper]] [[Conrad Gesner]] yn dy syn boek ''Historiae Animalium'', dat yn dielen publisearre waard tusken [[1551]] en [[1558]]. Hoewol't Gesner syn omskriuwing ek op 'e [[swarte rôt]] slaan kinne soe, makket er gewach fan in heech persintaazje fan [[albinisme|albino]]-eksimplaren, wat ûnder wylde populaasjes fan 'e brune rôt net ûngewoan is, mar by de swarte rôt frijwol net foarkomt. Yn elts gefal hie de brune rôt yn [[1722]] [[Ierlân (eilân)|Ierlân]] berikt, yn [[1730]] [[Ingelân]], yn [[1735]] [[Frankryk]], yn [[1750]] [[Dútslân]] en yn [[1800]] [[Spanje]]; dêrby giet it om wisse dokumintaasje, mar syn oanwêzigens yn dy lannen giet mooglik folle fierder tebek. Under de [[Yndustriële Revolúsje]] begûn er foar it earst algemien foar te kommen. [[Noard-Amearika]] berikte de brune rôt tusken [[1750]] en [[1755]], [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]] yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde ieu]], en [[Nij-Seelân]] teminsten foàr [[1800]], mooglik sels al op 'e skippen fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[James Cook]].
Rigel 26:
[[Ofbyld:Rattus norvegicus.jpg|left|thumb|250px|In brune rôt.]]
 
=== Foarkommen yn Nederlân en Fryslân ===
Yn [[Nederlân]], [[Fryslân]] ynbegrepen, komt de brune rôt frij algemien foar, al is de populaasje yn 'e lêste desennia wat weromrûn fanwegen de ynfiering fan [[lisboksstâl]]en en oare foar rotten ûngaadlike modernisaasjes yn 'e [[lânbou]], en troch it flugger ôfdekken fan [[jiskebult]]en mei ierde. Allinnich op [[Flylân]], [[Skylge]] en de ûnbewenne [[Waadeilannen]] libje gjin permaninte populaasjes brune rotten.
 
== Uterlike skaaimerken ==
De brune rôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 19-30 sm, mei in sturtlingte fan 15-22 sm en in gewicht fan 250 (♀) oant 350 (♂) g (al kinne útsûnderlik grutte domestisearre eksimplaren hast in kg weagje). Dêrmei is de brune rôt frij grut foar in [[mûseftigen|mûseftige]], en kin er twa kear sa swier wêze as de [[swarte rôt]]. Ferhalen oer brune rotten sa grut as [[hûskat|katten]] binne lykwols fiskerslatyn, of berêste mooglik op misidentifikaasje mei gruttere [[soarte]]n as de [[muskusrôt]] of de [[beverrôt]].
[[FileOfbyld:Comparison_Black_Rat_Brown_Rat_EN.svg|right|thumb|300px|Ferliking fan uterlike skaaimerken fan 'e brune rôt en de [[swarte rôt]].]]
 
Hoewol't se "brún" hjitte te wêzen is de kleur fan 'e frij lange en stribbelige pels fan 'e brune rôt nochal fariabel: de rêchside is ornaris giel- oant griisbrún, de fangen wat ljochtere nuânses brunich en de bealch smoarch wyt oant griis. De dekhierren op 'e rêch stekke net sa dúdlik út as dy fan 'e swarte rôt. [[Albinisme]] komt geregeldwei foar en ek binne der [[melanisme|swarte]] brune rotten (likernôch 2% fan wylde populaasjes). Krektlyk as oare [[kjifdieren]] kinne brune rotten in stikmannich [[patogeen|patogenen]] by har drage, dy't ta sykten as [[Q-koarts]], [[paratyfus]], [[trichinoaze]] (wjirmynfeksje), de [[sykte fan Weil]] en it [[hantafirus]] liede kinne. Harren rol by it oerbringen fan [[hûnsdûmens]], [[tongblier]], [[bargepest]] en de [[sykte fan Bang]] is net bewiisd.
Rigel 37:
Brune rotten hawwe in tige skerp [[gehoar]], en kinne [[ultrasoan]]e lûden hearre, en teffens hawwe se in tigen [[rooksin]]. Har [[gesichtsfermogen]] is lykwols min, en yn albino-eksimplaren noch helte minder. Se sjogge likernôch sa't minsken mei read-griene [[kleureblinens]] sjogge, útsein dat harren blaupersepsje in stik yn it [[ultrafiolet]]te spektrum op giet, wêrmei't se dan wer dingen sjen kinne dy't foar minsken ûnsichtber binne.
 
== Biotoop ==
Brune rotten binne [[komminsaal bist|komminsale bisten]], en hâlde it leafst yn 'e neite fan [[minske|minsklike]] bewenning ta, yn pleatsen, wenten, hokken, pakhuzen, fabriken en winkels. Der wurdt gauris sein dat der likefolle rotten as minsken yn [[stêd]]en wenje, mar dat ferskilt fan gebiet ta gebiet, ôfhinklik fan [[klimaat]] en oare libbensomstannichheden. Skattings fan 'e rottepopulaasje yn in stêd as [[New York (stêd)|New York]] rinne útinoar fan 100 miljoen oant 250.000 eksimplaren. Yn [[Grut-Brittanje]] wurdt wol rûsd dat der 81 miljoen rotten yn it lân libje, wat betsjutte soe dat se yn ferhâlding mei minsken rom yn 'e mearderheid wêze soene.
[[FileOfbyld:Street-rat.jpg|left|thumb|250px|In [[rude|rudige]] stedsrôt (brune rôt).]]
 
Stedske rotten kinne, salang't der genôch fretten foar hannen is, mei in tige beheind wengebiet ta, en bejouwe har dan har hiele libben faak net mear as 20 m fan har nêst. De grutste populaasjes libje yn stêden yn 'e [[rioel]]en (dêrfandinne de beneaming "rioelrôt") en op [[jiskebult]]en, dêr't se troch minsken fan in romme en oanhâldend oanfolle foarrie fretten foarsjoen wurde. Yn ôfwêzigens fan minsken jouwe brune rotten de foarkar oan in fochtich [[biotoop]], lykas [[rivier]]siggen en [[sleat]]swâlen, salang't dy mar ticht begroeid binne, en [[reid]]fjilden. Sels yn sokke [[habitat]]s is harren aksjeradius yn 'e regel minder as 100 m.
 
== Hâlden en dragen ==
De brune rôt is yn it foarste plak in [[nachtdier]], hoewol't er soms ek oerdeis yn 't spier is. It is in goede swimmer, sawol oan it wetteroerflak as ûnder wetter (wat der de reden foar wêze sil dat er soms foar in [[wetterrôt]] oansjoen wurdt), mar oars as de [[swarte rôt]] giet klimmen him min ôf. Brune rotten binne natuerlike gravers, wêrby't se net inkeld har poaten ynsette, mar ek har [[kjiftosk]]en, dêr't se mei troch alderhanne hurde materialen hinne gnauje. Soks kin yn gebouwen grutte skea oanrjochtsje. As se net by de minske ynwenje, grave brune rotten yn wetterrike omkanten frij grutte hoalestelsels yn wâlen en tusken stiennen en [[beam]]woartels, mei gongen dy't sa'n 9 sm yn trochsneed binne. Fral wyfkes en jonge mantsjes hawwe oanstriid ta graven, in ympuls dy't âldere mantsjes hast hielendal ferlieze.
[[FileOfbyld:NYC_Rat_in_a_Flowerbox_by_David_Shankbone.jpg|right|thumb|250px|In brune rôt yn in blommebak yn [[New York (stêd)|New York]].]]
 
Brune rotten binne sosjale bisten, dy't inoars pels oanhâldend fersoargje en mei-inoar op in protsje sliepe, wat in ynstinktive foarm fan waarmtesparring is. Krekt as [[hûn]]eridels hawwe ek rottetroepen in hierargyske opbou, en elts bist wit krekt wat syn posysje yn 'e rottemaatskippij is. Troepgenoaten wrakselje faak mei-inoar, wêrby't se inoar dan yn 'e hals besykje te biten; yn serieuze gefjochten bite se inoar krekt yn it efterein. Sokke serieuze gefjochten komme foar tusken leden fan ferskillende rottetroepen, mei't brune rotten [[territoarium (biology)|territoriale]] bisten binne, en kinne fierders ek foarkomme tusken leden fan deselde troep ûnderinoar as der te min iten of wenromte ûntstiet. Agressive rotten sette har hier op, blaze, piipje en slane mei de sturt.
Rigel 52:
 
De brune rôt hat gjin fêste [[peartiid]], mar kin him it hiele jier troch fuortplantsje, ynsafier't alteast de libbensomstannichheden dat talitte. Dêrby kinne wyfkes wol fiif nêsten jongen jiers produsearje. De [[draachtiid]] duorret 21 dagen, en de nêsten kinne út 1-15 jongen bestean, hoewol't it yn trochsneed in stik as 7, 8 binne. Yn sa'n 5 wiken binne de jongen sels ek wer geslachtsryp. Brune rotten kinne maksimaal 3 jier âld wurde, hoewol't se yn it wyld faak mar kwealk 1 jier folmeitsje. Folwoeksen brune rotten hawwe, alteast yn Nederlân, net in geweldich soad natuerlike fijannen. [[Foks]]en en losrinnende of spesjaal foar de rottejacht belearde [[hûn]]en binne datoangeande it wichtichst. Jonge eksimplaren rinne ek gefaar fan [[ûle]]n en [[hûskat|katten]].
[[FileOfbyld:Rat shoulder.jpg|left|thumb|200px|In [[nuete rôt|domestisearre brune rôt]].]]
 
== Fretten ==
De brune rôt is in wiere [[omnivoar]], dy't hast alles yt dat ytber is (en ferskate dingen dy't dat net binne, sa't dupearre hûseigners befêstigje kinne). It grutste part fan it fretten bestiet lykwols út [[sied]], [[nôt]], [[byt (plant)|biten]] en oar [[planten|plantaardich]] materiaal, [[ynsekt]]en, [[ies]], [[fûgel]][[aai]]en, [[wjirm]]s, piken, lytse [[kjifdieren]], [[slak]]ken, [[swietwettermoksel]]s, [[amfiby]]en en alderhanne ôffalresten. In stúdzje út [[1964]] kaam ta de konklúzje dat [[nuete rôt|domestisearre brune rotten]] it leafst rieraai, makaroany mei tsiis (in typysk [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] gerjocht) en searne nôtkerlen ieten. Rauwe byt, [[pjisk]]en en rauwe [[selderij]] ieten se allinnich mar as it echt net oars koe. It menu fan spesifike populaasjes hinget trouwens faak ôf fan 'e beskikberens fan fretten; sa hawwe brune rotten dy't by in fiskkwekerij yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[West-Firginia]] libje, leard om [[fisk]] te fangen, wylst de populaasje op it [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] [[Waadeilannen|Waadeilân]] [[Noardereach]] [[protter]]s en [[wylde ein]]en beslûpt en opfret.
 
== Status ==
De brune rôt hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige". Krektoarsom, it bist foarmet op plakken in wiere pleach, en kin dan in protte skea en oerlêst feroarsaakje. Dêrfandinne dat brune rotten troch de minske faak yntinsyf bestriden wurdt, û.m. mei [[rottestap]]pen en mei [[gif]] en oare [[gemy]]ske bestridingsmiddels. Yn it ferline waard dêrfoar fral [[arsenikum]] brûkt, dat sadwaande oan syn namme fan "rottegif" of "rottekrûd" kaam. (It spul wie blykber frijwat prizich, wat it [[Frysk]] oan 'e útdrukking "rottekrûddjoer" holpen hat.)
 
== Sjoch ek ==
* [[nuete rôt]]
* [[swarte rôt]]
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.zoogdiervereniging.nl/bruinerat Side oer de brune rôt op it webstee fan 'e ''Zoogdiervereniging''], mei in link (''Voorkomen in Nederland'') nei de side fan 'e ''Nationale Databank Flora en Fauna'', dêr't waarnimmings fan 'e brune rôt yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 81:
[[Kategory:Mûseftige]]
[[Kategory:Rôt]]
 
{{Link GA|de}}