Katarina de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L The file Image:Rokotov_ekaterina.jpg has been replaced by Image:Catherine_II_by_F.Rokotov_after_Roslin_(1780s,_Hermitage)_2.jpg by administrator commons:User:Ymblanter: ''File renamed: [[commons:COM:FR#reasons|File ren...
L [[]]
Rigel 7:
Harren relaasje wie fan begjin ôf oan min. Dat waard fersterke troch it egoïstyske en swartgallige karakter fan de pokte troanopfolger dy’t troch in bernesykte ek hast hielendal keal wie. Yn it houlik kamen der yn it begjin gjin bern oant Peter troch in operaasje yn steat wie om op in normale manier in seksuele relaasje te hawwen. Nei njoggen jier houlik krige Katarina in soan, [[Paul I fan Ruslân|Paul]]. Dizze soan waard fuortendaliks meinomd troch beppe Elisabeth wêrtroch Katarina har soan somtiden moannenlang net te sjen krige. Peter bestiigde de troan fan Ruslân nei it ferstjerren fan tsarina Elisabeth yn [[1761]]. Peter wie in grut bewûnderer fan Ruslâns froegere fijân, de [[Prusen|Prusyske]] [[Frederik II fan Pruisen|kening Freark]]. Peter herfoarme it Russyske leger nei Pruisysk foarbyld, soks ta grutte argewaasje fan de striidmacht sels. Yn juny [[1762]] kamen in grut oantal Russyske offisieren yn opstân en krigen Katarina safier om har oan harren side te krijen. Katarina spruts de soldaten ta en frege om beskerming tsjin de wraak fan har echtgenoat. Peter wie op dat stuit mei syn mêtressen en mei syn gefolch op it keizerlike bûtenferbliuw “[[Oranienbaum]]”. Peter ferskûle him yn [[Kronstadt]] in fersterke stêd tichtby [[Sint Petersburch]]. Dêr hearde hy dat Katarina útroppen wie ta tsarina. Twongen om syn troan op te jaan waard Peter yn de finzenis goaid. Twa wike letter ferstoar hy ûnder mysterieuze omstannichheden.
 
Katarina giet rap oan it wurk as tsarina. Se organisearre de finânsjes, yntrodusearre moderne lânboumetoaden en seach ta op de ûntwikkeling fan de skipfeart, de minen, de tekstylyndustry en in netwurk fan diken, spoaren en brêgen. Dat late ta in eksplosive groei fan de wolfeart fan Ruslân. Ek wie se ferantwurdlik foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis, sûnenssoarch en it oprjochtsjen fan weeshuzen. Se hat in soad dien foar Ruslân. Dôchs waard se bespot om har priveelibben. Se wie iensum en se hie ferskeidene affêres hân dy’t troch har hege posysje faak swier oerdreaun waarden. Har minnaars wienen faak ministers. De ferneamdste wie [[Grigori Aleksandrowitsj Potemkin|Potemkin]]. Katarina hat nea in waarme relaasje ûntwikkelje kind mei har soan en erfgenamt Paul, mar se hie wol in ôfgryslik sterke bân mei har beppesizzer.
Katarina skreau graach brieven. Dat die se mei ferskillende minsken troch hiel Jeropa hinne. Se skreau bygelyks mei [[Voltaire]] en [[Denis Diderot|Diderot]].