Ferskil tusken ferzjes fan "Lord Howe (eilân)"

L
Robot: en:Lord Howe Island is een goed artikel; tekstwiziging
L (red)
L (Robot: en:Lord Howe Island is een goed artikel; tekstwiziging)
{{Oerseesk gebietsdiel
|namme = Lord Howe <br /><small>''Lord Howe Island''</small>
|flagge = [[Ofbyld:Flag of Lord Howe Island.svg|125px]]
|wapen =
|biedwurd = <small>(gjin biedwurd)</small>
|lânkaart = [[Ofbyld:Lord Howe Island.PNG|200px]]
|gebietsdiel fan = [[Ofbyld:Flag of Australia (converted).svg|20px]] [[Austraalje (lân)|Austraalje]]<br />● [[Ofbyld:Flag of New South Wales.svg|20px]] [[Nij-Súd-Wales]]
|pol. status = [[Austraalje (lân)#Bestjoer|territoarium ûnder steatsbestjoer]]
|haadstêd = [[Ned's Beach]]
'''Lord Howe''' ([[Ingelsk]]: ''Lord Howe Island'', foarhinne: ''Lord Howe's Island'') is in [[subtropysk klimaat|subtropysk]] [[eilân]] yn 'e [[Tasmansee]], tusken [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Nij-Seelân]] yn. It leit 500 km eastlik fan [[Port Macquarie]], op it Australyske fêstelân, en 770 km noardeastlik fan [[Sydney]], en is in populêre (sij it frij prizige) fakânsjebestimming. Neffens gegeven fan 'e Australyske folkstelling fan [[2006]] waard Lord Howe doe bewenne troch krapoan 350 minsken. It eilân, dat in oerflak hat fan 14,6 km², falt bestjoerlik ûnder de Australyske steat [[Nij-Súd-Wales]]. Mei in stikmannich lytsere, ûnbewenne eilantsjes deromhinne foarmet Lord Howe de [[Lord Howe-eilannen]], dy't troch de [[UNESCO]] op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] set binne fanwegen har unike [[floara]] en [[fauna]].
 
== Etymology ==
It eilân waard yn [[1788]] ferneamd nei [[Richard Howe, 1ste greve Howe]], dy't doedestiden de [[Grut-Brittanje|Britske]] ''First Lord of the Admiralty'' wie.
[[FileOfbyld:Lord_Howe_ISS006-E-5731.png|left|thumb|200px|In satellytfoto fan Lord Howe.]]
 
== Geografy ==
Lord Howe hat in oerflak fan 14,6 km², en in [[befolkingstichtens]] fan 24 minsken de km², al wurdt mar 398 ha lân bewenne, en bestiet it grutste part fan it eilân út ûnoantaast wâldgebiet. It healmoannefoarmige eilân is 10 km lang fan noard nei súd en hat in breedte fan tusken de 2 km en 300 m. It is it oerbliuwsel fan in [[fulkaan]], en bestiet grutdiels út [[stjurringsstientme]]. By de westkust lâns leit in [[sân]][[strân]] oan in [[lagune]] dy't heal ôfsletten is troch in [[rif|koraalrif]]. It grutste part fan 'e befolking wennet yn it noardlike leechlângebiet, wylst it suden fan it eilân dominearre wurdt troch beboske rotsige heuvels dy't opriizje nei it heechste punt fan Lord Howe, de [[Mount Gower]], mei in hichte fan 875 m.
 
Om it haadeilân hinne lizze yn totaal 28 ûnbewenne [[eilân|eilantsjes]] en boppe de see útstekkende rotsformaasjes, dy't mei-inoar de [[Lord Howe-eilannen]] foarmje. Njonken Lord Howe sels is de opmerklikste dêrfan [[Ball's Pyramid]], 23 km nei it súdeasten, dat in steile rotspjuts fan 551 m heech is. Benoarden it haadeilân lizze de [[Admiraliteitseilannen (Lord Howe)|Admiraliteitseilannen]], in groepke fan sân lytse ûnbewenne eilantsjes deun byinoar.
 
== Floara en fauna ==
Lord Howe stiet fral bekend om 'e lânseigen [[kentiapalm]], in [[soarte]] fan [[palmbeam]] dy't nearne oars foarkomt en dy't it symboal fan it eilân wurden is. Der komme yn totaal 202 ferskillende [[soarte]]n [[fûgel]]s op it eilân foar, wêrûnder sawol permaninte populaasjes fan [[seefûgel]]s en [[lânfûgel]]s, as jierliks weromkeardende [[trekfûgel]]s. De [[Lord Howe-wâldhin]] hat it fermogen om te fleanen ferlern, en komt sadwaande nearne oars foar. Mei't er op it eilân gjin natuerlike fijannen hie, hoegde er ek net fleane te kinnen, mar doe't Lord Howe [[kolonisaasje|kolonisearre]] waard troch de [[minske]], waard er in maklike proai foar minsken, [[hûn]]en, [[hûskat|katten]] en [[rôt|rotten]]. Yn 'e 1970-er jierren wiene der noch 30 eksimplaren oer, mar troch in fokprogramma en reyntroduksje yn it wyld, njonken in fûleindige bestriding fan 'e ferwyldere katten en teffens fan 'e rotten (dy't de aaien en piken opfrieten) is de populaasje no wer stabyl en oanwoeksen ta in ridlik nivo.
[[FileOfbyld:LordHoweIslandPigeonByGeorgeRaper.jpg|right|thumb|200px|In ôfbyld fan 'e [[Lord Howe-wythalsdo]] (út [[1790]]), dy't foàr [[1900]] útstoar.]]
 
Guon oare lânseigen soarten wiene net sa lokkich. De [[Lord Howe-moerashin]], de [[wythalsdo]], de [[readkroanparkyt]] en de [[tasmangint]] waarden allegear al foàr [[1900]] troch de minske útroege, itsij troch oerbejaging, itsij om't se it op 'e lânbougewaaksen fan 'e minsken foarsjoen hiene en as skealik ûngedierte beskôge waarden. Der is noch mar ien lânseigen [[sûchdier]] op Lord Howe oer: de [[grutte wâldflearmûs]]. De [[Lord Howe-langearflearmûs]] is inkeld bekend fan bonkeresten, en men giet derfan út dat dy útroege is troch de rotten. De beide lânseigen [[reptilen|reptilereptilesoarten]]soarten, de [[Lord Howe-skink]] en de [[Lord Howe-gekko]], binne op it haadeilân seldsum, mar komme op 'e lytsere eilantsjes noch rûnom foar.
 
It [[Lord Howe-stôkynsekt]] ferdwûn fan it haadeilân koart nei de komt fan 'e rotten, en waard as útstoarn beskôge, mar yn [[2001]] waard der in lytse populaasje ûntdutsen yn ien inkele strûk op 'e fierders ûnbegroeide skeanten fan [[Ball's Pyramid]]. It mânske bist is ûnderwilens sa súksesfol yn finzenskip fokt, dat de kâns op útstjerren wykt is. Men is fan doel om him mei koarten op it haadeilân te reyntrodusearjen. Ek de lânseigen [[Lord Howe-flaaksslak]] hie slim te lijen fan 'e rotten. De soarte is sadwaande no bedrige, en ek hjirfoar is in fokprogramma yn finzenskip opset.
[[FileOfbyld:Lord_Howe_Island_stick_insect_Dryococelus_australis_10June2011_PalmNursery.jpg|left|thumb|250px|It [[Lord Howe-stôkynsekt]], dat hàst útstoarn wie, mar no hast ree is om wer útset te wurden yn it wyld.]]
 
De [[hûskat]] kaam yn 'e [[njoggentjinde ieu]] mei de minske op it eilân, mar de populaasje [[ferwyldere kat]]ten is sûnt de santiger jierren eliminearre. [[Baarch|Bargen]], [[geit]]en en [[skiep]] waarden yn deselde tiid mei sin op it eilân loslitten en hawwe der ferwyldere populaasjes fêstige. De [[hûsmûs]] kaam yn [[1860]] mei skippen fan it eilân [[Norfolk (eilân)|Norfolk]] oer, en de [[swarte rôt]] berikte it eilân yn [[1918]], doe't de SS ''Makambo'' skipbrek litte en strâne by Ned's Beach. Yn 'e 1920-er jierren waard de [[Tasmaanske maskere ûle]] op it eilân loslitten yn in ûnsúksesfol besykjen om 'e rottepopulaasje te bestriden. Twa útlânske repile- en amfibyesoarten, de [[túnskink]] en de [[mjêkjende beamkikkert]], binne by fersin yntrodusearre fan it Australyske fêstelân. Troch al dit minsklik yngripen binne yn totaal twa plantesoarten, njoggen lânfûgelsoarten, ien flearmûzesoarte en teminsken fjouwer soarten fan [[lidpoatigen]] en oar krûpend dierte útstoarn. Yn [[1982]] kaam Lord Howe fanwegen syn unike [[floara]] en [[fauna]] op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan 'e [[UNESCO]].
 
== Skiednis ==
Lord Howe waard op [[17 febrewaris]] [[1788]] ûntdutsen troch de [[Grut-Brittanje|Britske]] luitenant [[Henry Lidgbird Ball]], de befelfierder fan it marineskip de HMS ''Supply'', dy't doe ûnderweis wie fan 'e [[strafkoloanje]] op it eilân [[Norfolk (eilân)|Norfolk]] nei dy fan [[Botany Bay]], by it lettere [[Sydney]]. Op 'e weromreis socht er it eilân wer op en stjoerde in diel fan syn bemanning oan lân om it te ferkennen. Ball naam it eilân yn besit út namme fan 'e Britske Kroan en ferneamde it nei [[Richard Howe, 1ste greve Howe|Richard Howe]], de doetiidske oerbefelhawwer fan 'e [[Britske Keninklike Marine]].
[[FileOfbyld:Ball's_Pyramid2.jpg|right|thumb|200px|It rotseilantsje [[Ball's Pyramid]].]]
 
Neitiid waard Lord Howe earst in befoarriedingsstasjon foar de [[walfiskfeart]], en yn juny [[1834]] waard it permanint [[kolonisaasje|kolonisearre]] troch trije [[jeropide ras|blanke]] seelju mei harren [[Maoary (folk)|Maoary]]-froulju en twa Maoary-jonges. Nei't it skynt wie it eilân foartiid ûnbekend by de [[Polyneezje|Polynezyske]] folken fan 'e [[Stille Súdsee]]. Yn [[1849]] wennen der noch mar alve minsken op it eilân dy't der klauwen oan hiene om te oerlibjen, mar dat feroare yn 'e 1850-er jierren. Doe waard der op it Australyske fêstelân nammentlik op ferskate plakken [[goud]] fûn, mei as gefolch dat in grut part fan 'e bemannings fan 'e skippen dy't de havens dêr oandiene, útpykte om syn lok yn 'e goudfjilden te prebearjen. Fan gefolgen besochten de skippers it fêstelân safolle mooglik te mijen, en dat late ta in ûnbidige groei yn 'e hannel dy't der op Lord Howe dreaun waard. De bewenners begûnen [[jirpel]]s, [[woartel (griente)|woartels]], [[maïs]], [[pompoen]]en, [[taro]], [[wettermeloen]]en, [[drúf|drúven]], [[passyfrucht]]en en sels [[kofje]] te ferbouwen en [[baarch|bargen]], [[skiep]] en [[geit]]en te fokken om oan 'e fraach te foldwaan fan 'e skippen dy't it eilân besochten.
 
Yn [[1855]] waard Lord Howe offisjeel in ûnderdiel fan 'e koloanje [[Nij-Súd-Wales]]. Fan 'e 1860-er jierren ôf sakke de hannel op it eilân wer yn trochdat tsjin dy tiid de sitewaasje op it Australyske fêstelân normalisearre wie, wylst it yn dyselde snuorje mei de walfiskfeart yn it neigean rekke. Soms gie der wol in healjier of sels in jier foarby ear't it folgjende skip it eilân oandie. Uteinlik seach it Nijsúdwelske regear nei it eilân om, en yn [[1878]] waard kaptein [[Richard Armstrong]] oansteld as de earste pleatslike bestjoerder. Hy soarge derfoar dat der op Lord Howe in skoalle boud en in pear wegen oanlein waarden en liet mei [[dynamyt]] yn it rif in tagong foar seeskippen ta de lagune meitsje. Teffens moedige er it kweken fan [[kentiapalm]]en as [[sierplant]]en oan, en fan 'e 1880-er jierren ôf waarden dy it wichtichse [[eksport]]produkt fan it eilân. Yn [[1883]] waard der foar it earst in fêste feartsjinst nei en fan it Australyske fêstelân opset, en yn 'e tritiger jierren fan 'e [[tweintichste ieu]] begûn foar it earst it [[toerisme]] op te kommen, dat sûnt de wichtichste ynkomsteboarne fan Lord Howe wurden is.
[[FileOfbyld:Lord Howe Island from North.jpg|left|thumb|250px|Utsjoch fan it noardlike part fan Lord Howe oer de lagune mei yn 'e fierte de súdlike heuvels.]]
 
== Bestjoer ==
Lord Howe makket ûnderdiel út fan 'e Australyske steat [[Nij-Súd-Wales]]. Bestjoerlik hat it de status fan in "net-ynkorporearre gebiet", dat bestjoerd wurdt troch de [[Lord Howe Island Board|Lord Howe-eilânried]] (''Lord Howe Island Board''). Dat is in fertsjintwurdigjend orgaan fan sân leden (sûnt [[2004]]), wêrfan't fjouwer keazen wurde troch de ynwenners fan it eilân. De eilânried is rekkenskip skuldich oan 'e Nijsúdwelske Minister fan Miljeu en Erfskip. Troch dizze bestjoerskonstruksje genietet Lord Howe folle mear autonomy as lykfol hokker oar diel fan Nij-Súd-Wales.
 
== Ekonomy ==
De [[ekonomy]] fan Lord Howe stipet op mar twa dingen: de [[eksport]] fan [[kentiapalm]]en as [[sierplant]]en, en it [[toerisme]]. De lânseigen kentiapalm wurdt op it eilân de ''thatch palm'' ("tekpalm") neamd, mei't de iere kolonisten de blêden brûkten om 'e dakken fan harren wenten mei te bedekken. It mylde [[klimaat]] hat makke dat dizze [[palmbeam|palmpalmsoarte]]soarte mei in bytsje ljocht, in droege lucht en legige [[temperatuer]]en takin, wat it in ideäle [[plant]] makket foar binnendoar. It is no de populêrste sierplant fan 'e wrâld, en mei de ferkeap fan sied en jonge planten fertsjinnet Lord Howe [[Australyske dollar|Au$]]2 miljoen jiers – net in reuseftich bedrach, mar dochs net gek foar in befolking fan mar 350 minsken.
[[FileOfbyld:Endemic_Howea_forsteriana_Palms-_Neds_Beach,Lord_Howe_Island.jpg|right|thumb|250px|De lânseigen [[kentiapalm]]en fan Lord Howe.]]
 
Wat it [[toerisme]] oanbelanget, kin Lord Howe 400 man tagelyk oan, wat it, yn 'e mande mei de loftreis derhinne (de iennichste manear om der te kommen, of it moat wêze dat men in priveejacht hat), ta in frij eksklusive en nochal prizige fakânsjebestimming makket. Der binne op it eilân gjin [[slange]]n, bitende [[ynsekt]]en of gefaarlike [[bist]]en of [[plant]]en, noch komme der ornaris [[haai]]en foar yn 'e wetters om it eilân hinne. Men kin der sinnebaaie op ien fan 'e 11 [[strân|strannen]], [[kuierjen|kuierje]], it natoerskientme en de lânseigen fauna bewûnderje, [[snorkeljen|snorkelje]], [[djipseedûken|djipseedûke]], de in meter lange [[gielsturthoarsmakriel]] út 'e hân fuorje, [[surfen|surfe]], [[wynsurfen|wynsurfe]], [[kajakjen|kajakje]] en [[angeljen|angelje]].
 
== Foarsjennings ==
Der wurde fêste loftferbinings ûnderholden tusken Lord Howe en de stêden [[Sydney]], [[Brisbane]] en [[Port Macquarie]] op it Australyske fêstelân, en teffens mei it eilân [[Norfolk (eilân)|Norfolk]], fierder de [[Stille Oseaan]] yn. Op it eilân binne in [[bakker]]ij, in [[slachter]]ij, in [[supermerk]]je, in [[sliter]]ij, ferskate [[restaurant]]s, in [[post]]kantoar, in [[museum]] anneks besikerssintrum, in lytse [[botanyske tún]] mei lânseigen planten, in [[bowlen|bowlingbaan]], in [[tennis]]baan, in [[golf (sport)|golfbaan]], in [[radio]]stjoerder en in [[jildautomaat]]. It eilân is ek oansletten op it fêste [[tillefoan]]netwurk fan Austraalje en hat ferbining mei it [[ynternet]], mar [[mobile tillefoan]]en dogge it der net.
[[FileOfbyld:Bushwalkig_to_Little_island_along_the_Mt_Lidgbird_track_Lord_Howe_Island_8June2011.jpg|left|thumb|250px|Op in kuiertocht troch it rotsige suden fan Lord Howe.]]
 
== Demografy ==
Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan [[2006]] hie Lord Howe doe 348 ynwenners, mei in [[befolkingstichtens]] fan 24,0 minsken de km². De grutste delsetting en it haadplak is [[Ned's Beach]], yn it noarden fan itn eilân. De oarspronklike befolking bestie út [[Grut-Brittanje|Britske]] seelju, [[Maoary (folk)|Maoary]]-froulju en letter guon [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] walfiskfarders, en harren neiteam wennet foar in grut part nei seis generaasjes noch altyd op it eilân. Yn in gebiet dat de "tsjerkegreide" (''Church Paddock'') neamd wurdt, steane [[Anglikaanske Tsjerke|anglikaanske]], [[roomsk-katolisisme|roomske]] en [[sânde-deisadvintisme|advintistyske]] [[tsjerke]]n, en de befolking bestiet foar 30% út anglikanen, foar 22% út [[ateïsme|ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]], foar 18% út roomsen en foar 12% út sânde-deisadvintisten.
 
== Klimaat ==
Lord Howe hat in [[subtropysk klimaat]], mei mylde of waarme, ridlik droege [[simmer]]s en koele, dweiltrochwiete [[winter]]s. [[Hjerst]] en [[maityd]] foarmje koarte oergongen tusken de beide haadseizoenen. De waarmste moanne, mei in trochsneed [[temperatuer]] oerdeis fan 25,7&nbsp;°C, is [[febrewaris]], wylst [[july]] en [[augustus]] mei in gemiddelde fan 18,9&nbsp;°C oerdeis, de "kâldste" moannen binne. It eilân kriget jiers yn trochsneed 1.499 mm [[rein (delslach)|rein]]. Inkeld hat Lord Howe te lijen fan tropyske [[sykloan]]en, al komt dat net faak foar.
 
[[Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed]]
 
{{Link GA|en}}
45.586

bewurkings