Ferskil tusken ferzjes fan "Ekspedysje fan Lewis en Clark"

L
Robot: sv:Lewis och Clarks expedition is een goed artikel; tekstwiziging
(nije side)
 
L (Robot: sv:Lewis och Clarks expedition is een goed artikel; tekstwiziging)
[[FileOfbyld:Carte Lewis-Clark Expedition-en.png|right|thumb|350px|De rûte fan 'e ekspedysje fan Lewis en Clark.]]
De '''Ekspedysje fan Lewis en Clark''', dy't in begryp is yn 'e [[skiednis]] fan 'e [[Feriene Steaten]], wie de earste Amerikaanske ekspedysje dy't it lân trochkrúste dat no de westlike helte fan 'e Feriene Steaten foarmet. It wie in lange, gefaarlike en bytiden barre tocht fan [[Sint-Louis]], oan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]], dwers troch de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], de [[Rocky Mountains]] en de [[Cascades]] nei de kust fan 'e [[Stille Oseaan]] en wer werom, dy't mear as twa jier duorre, fan [[14 maaie]] [[1804]] oant [[23 septimber]] [[1806]]. Om 'e ekspedysje út te fieren waard in groep frijwilligers út it [[Amerikaanske Leger]] útkeazen, ûnder befel fan kaptein [[Meriwether Lewis]] en dy syn freon luitenant [[William Clark (ûntdekkingsreizger)|William Clark]]. It is suver ûnfoarstelber dat se mar ien stjergefal te betreurjen hiene, nammentlik dat fan serzjant Charles Floyd, dy't in akute [[blinetermûntstekking]] krige.
 
De ekspedysje waard útfierd yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint [[Thomas Jefferson]], koart nei't de Feriene Steaten har mei de [[Louisiana-Oankeap]] ([[1803]]) in ûnbidich grut stik lân yn 'e midden fan it [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] [[kontinint]] oanskaft hiene (op 'e kaart rjochts oanjûn yn grien). It wichtichste doel fan 'e ûntdekkingstocht wie om it nij oankochte gebiet te ferkennen en yn kaart te bringen, in Amerikaanske oanwêzichheid yn dat gebiet te pleatsen foar't [[Grut-Brittanje]] of ien fan 'e oare [[Jeropa|Jeropeeske]] grutmachten it ynpikte, en in praktyske rûte nei de westkust te finen. Fierders moasten de leden fan 'e ekspedysje ek [[wittenskip]] en [[ekonomy]] net út it each ferlieze; se hiene opdracht om 'e [[floara]] en [[fauna]] te bestudearjen en om hannelsrelaasjes mei de dêr wenjende [[Yndianen|Yndiaanske]] stammen oan te knoopjen. De eachtsjûgeferslaggen, deiboeken, lânkaarten en eksimplaren fan planten en bisten dêr't de ekspedysje mei weromkearde, befetten in wiere skat oan ynformaasje dy't de Amerikanen fan dy tiid foar it earst yn 'e kunde komme liet mei it [[Wylde Westen|Westen]], en dy't noch altyd heech yn oansjen stiet yn 'e Amerikaanske wittenskip.
[[FileOfbyld:Lewis and Clark.jpg|left|thumb|220px|[[Meriwether Lewis]] en [[William Clark (ûntdekkingsreizger)|William Clark]].]]
 
Under de Yndiaanske folken dêr't de ekspedysje mei yn kontakt kaam, wiene de [[Oto (folk)|Oto]] (''Otoe''), [[Missoeria (folk)|Missoeria]] (''Missouria''), [[Jankton (stamme)|Jankton]]-[[Dakota (folk)|Dakota]] (''Yankton Dakota''), [[Lakota (folk)|Lakota]], [[Arikara (folk)|Arikara]], [[Mandan (folk)|Mandan]], [[Hidatsa (folk)|Hidatsa]], [[Sjosjoanen]] (''Shoshone''), [[Nez Persé (folk)|Nez Persé]] (''Nez Perce''), [[Sjinnûk (folk)|Sjinnûk]] (''Chinook''), [[Klatsop (folk)|Klatsop]] (''Clatsop'') en [[Swartfuotten (folk)|Swartfuotten]] (''Blackfeet'').
[[Kategory:Wylde Westen]]
[[Kategory:Skiednis fan de Feriene Steaten]]
 
{{Link GA|sv}}
45.637

bewurkings