Ferlinge draachtiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + [[]]
L kat oars
Rigel 1:
In '''ferlinge draachtiid''' is in [[biology|biologysk]] ferskynsel dat by ferskate [[soarte|bistesoarten]] foarkomt en dat bedoeld is om derfoar te soargjen dat jongen yn 'e geunstichste jiertiid te wrâld komme (yn 'e regel yn 'e [[maityd]] of oan it begjin fan 'e [[simmer]]), sadat se in sa grut mooglike kâns hawwe om oant folwoeksenens te oerlibjen. As de pearing bygelyks hjerstmis of oan 'e ein fan 'e simmer plakfynt, en de eigentlike [[draachtiid]] duorret mar in moanne of seis wiken, dan kin in ferlinge draachtiid meitsje dat de jongen dochs pas it oare jiers yn 'e maityd smiten wurde. In ferlinge draachtiid komt benammentlik foar by [[martereftigen]], lykas de [[wezeling]], [[harmeling]], [[stienmurd]] en [[beamotter]]. Ek by de [[otter]] wurdt it bestean fan in ferlinge draachtiid fermoede.
 
[[Kategory:BiologyFuortplanting]]