Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 10 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1758944
LNo edit summary
Rigel 4:
'''Rottumereach''' is in [[Grinslân]]sk waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei ''Rottum''. It heart ta de gemeente [[Iemsmûn]]. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan [[Rottum (Iemsmûn)|Rottum]]. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske [[kleaster Sint Juliana]] yn dat doarp.
 
Yn it noarden grinzet it oan de [[Noardsee]] en yn it suden oan de [[Waadsee]]. Yn it westen leit [[Rottumerplaat]] en yn it easten [[Borkum]]. It eilân is, mei Rottumerplaat en de [[Suderdúntsjes]] (in lyts resteilantsje besuden Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de [[Natoerbeskermingswet]] (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide mienskiplik beheard troch [[Rykswettersteat]], [[Steatsboskbehear]] en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De beide eilannen binne net frij tagonklik en simmers wurde Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beheint oantaltal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach út [[Noardpoldersyl]] wei.
 
Op it eilân stiet in âlde, út [[1883]] stamjende [[jitizer]]en [[Kaap (beaken)|kaap]], dy't ea as beaken foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn [[1986]] erkend as [[ryksmonumint]] en, waard yn 1989 hielendal ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.
 
== Skiednis ==