Wangpûde: ferskil tusken ferzjes

10 bytes lytser ,  8 jier lyn
L
red
(nije side)
 
L (red)
[[File:Chipetting (say aah).jpg|right|150px]]
[[File:Chipmunk with peanut hidden in cheek pouch.jpg|right|150px]]
In '''wangpûde''' of '''wangsek''' is in oprekbere [[wangholte]] omjûn troch in oprekber stik [[hûd]] yn 'e [[wang]]en, dat foarkomt by beskate [[soarte]]n [[sûchdieren]]. Hoewol't sokke lichemsdielen fral bekend binne fan guon [[kjifdieren]], lykas [[hamsters]], komme se ek foar by û.m. de measte [[apen]], guon [[flearmûzen]] en it [[fûgelbekdier]]. De wangpûden fan [[grûniikhoarntsjes]] kinne like lang as har hiele lichem wêze as se fol sitte.
 
Wangpûden hawwe ferskillende funksjes. Yn it foarste plak meitsje se it flugge sammeljen fan iten mooglik, dat dan letter, op in feilich plak, yn alle rêst bepluze wurde kin; it is dus in [[evolúsjeteory|evolúsjonêre]] adaptaasje om [[predaasje]] tsjin te gean. Dêrnjonken kin yn wangpûden tydlik iten opslein wurde, sadat it meinommen wurde kin nei in oar plak. Fral by apen, dy't yn 'e [[beam]]men gjin lidden frij hawwe om spul mei te tôgjen, is dy funksje fan belang. By beskate soarten hamsters stoppet it wyfke de jongen soms wol yn 'e wangpûden om se allegear yn ien kear nei in oar of feiliger nêst oer te bringen. Sommige hamsters blaze har wangpûden fol mei lucht as se swimme sille, sadat se min ofte mear as [[swimbân|swimbantsjes]] of in [[rêdingsfest]] wurkje.