Taksonomy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 18:
* alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.
 
In takson dat net oan de earste eask foldocht wurdt ''polyfyletysk'' neamd, en in takson dat wol oan de earste mar net oan de twadde eask foldocht wurdt ''parafyletysk'' neamd. Fierder hat men yn guon foarmen fan taksonomy de organisaasjelagen heger as skaai mar ôfskaft, omdat der geandewei mear tuskenlagen en laachjes by kamen. ([[boppeskift]], [[ûnderskift]], [[boppefamylje]], [[ûnderfamylje]], ensf.).
 
Probleem is lykwols dat guon taksa, dy't noch stamme út de tiid fan Linnaeus, sa ynboargere binne dat se diel útmeitsje fan de deistige taal en dêrom beswierlik ôf te skaffen binne. In foarbyld dêrfan is de Klasse [[Reptilen]], ''Reptilia''. binne in sa ynboargere begryp dat se in diel fan it gewoane spraakgebrûk wurden binne. Taksonomysk is de Klasse Reptilia net akseptabel omdat bygelyks de fûgels dêryn misse, hoewol ek dy ôfstamme fan de lêste mienskiplike foarâlden dy't de tsjintwurdige slangen, krokodillen skylpodden ensf. mien hawwe. Reptilia is dêrmei in parafyletyske takson.