Snitswike: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
Muijz (oerlis | bydragen)
spatie; keppeling
Rigel 13:
[[Hurdsyldei]] is de oarsprong fan de Snitswike. De earste hurdsyldei wie al yn [[1814]], mar earst yn [[1934]] waard de Snitswike deromhinne organisearre. It hurdsilen is ûntstien út it [[Admiraalsilen]], wedstriden dy't opdroegen waarden oan de [[steedhâlder|Oranjesteedhâlder]]. Troch de komst fan de Frânsken oan de ein fan de [[17e ieu]] waarden dizze tradysjes ûnderbrutsen. Nei de befrijing fan de Frânsken yn [[1814]] grepen de Snitsers de earste de beste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden. Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stêdgenoat [[Jacob Sjoukes Visser]] út Frânse [[kriichstsjinst]] desertearre wie en sûn en wol op [[De Jouwer]] oankomd wie. Nei de oprjochting fan de (Keninklike) Syl Feriening Snits yn [[1851]] waard soms op de tongersdei nei Hurdsyldei admiraalsilen hâlden. Nei [[1917]] groeide dizze tongersdei út ta jierlikse syldei. De yn [[1902]] oprjochte Sneeker Zeil Club (SZC) wie doe al begûn mei it hâlden fan wedstriden op de snein foar Hurdsyldei.
 
Om [[1930]] begûn de SZC ek op sneon wedstriden te organisearjen. Yn dy dagen makken Fryske silers kennis mei de [[Kaagwike]], dy't yn [[1918]] foar de earste kear holden waarden. De Friezen wurdearren it farren fan in rige wedstriden en net te ferjitten de gesellichheid. Oarsom dienen ek hieltiten mear silers út it Westen mei. Harren boaten waarden mei in frachtskip nei Snits ta brocht.
Op 1 maart 1934 stelde Johannes Olij - destiids de gongmakker fan it silen yn de Wetterpoartestêd - de SZC foar om de wedstriden op sneon te skrassen en ynstee dêrfan op snein, moandei en tiisdei te farren. Mei oanslutend de KZVS-wedstriden op Hurdsyldei en tongersdei koe dan ''een Sneeker Zeilweek'' útskreaun wurde.
Op 26 april fan dat jier waard dit foarstel fannijs besprutsen. Undanks de eangst foar finansjele skea (fan ynskriuwjild wie noch gjin sprake) doarden de Snitser sylferienings it oan, mar pas healwei juny - amper twa moanne foar de start - waard de knoop trochhakt. De earste 'Sneek-Week' wie fan 18 o/m 23 augustus [[1934]]. Omdat der op dy tiisdeis merke yn Snits wie waard dy dei net syld. Op Hurdsyldei wurdt yn it sintrum fan Snits tsjintwurdich de Hurdsyldei-merke hâlden, oanfold mei alle eveneminten om de Snitswike hinne.
 
Hoewol't de SZC en de KZVS yn in soad saken harren eigen gong gean bleaune - de ynskriuwing moast fia twa adressen, der waarden twa programmaboekjes útjûn, der waarden ferskillende banekaarten brûkt en beide klups hienen eigen boeien - waard de earste Snitswike in súkses. Der dienen hast twahûndert silers mei, destiids in flink oantal.
74 Edysjes fierder (yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] is de Snitswike twa kear net hâlden) stiet de teller op mear as 50.000 stjoerlju. Alve kear skreaunen har mear as tûzen silers yn, de earste kear yn 1977 (1142). It rekordoantal ynskriuwings is wyls 25 jier âld. Yn 1985 skreaunen har 1224 persoanen yn, wêrfan 157 planksilers. Fjouwer jier earder wienen KZVS en SZC opgien yn de KWS. Yn 29010 wienen der 900 stjoerlju.