Moassen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 4:
Moassen binne almeast griene planten, gauris mei sawol in [[stâle (plant)|stâle]] as struktueren dy't op [[blêd (plant)|blêden]] lykje (mar as it derop oan komt gjin echte blêden binne). Se hechtsje har mei [[rizoïde]]n (woarteleftige struktueren), mar beskikke net oer echte [[woartel (plant)|woartels]]; rizoïden wurde, oars as echte woartels, net brûkt foar it opnimmen fan fiedingsstoffen út 'e ûndergrûn. Fierders hawwe se ek gjin wier systeem fan fetten foar it transport fan [[wetter]] en fiedingsstoffen, sa't de [[faskulêre planten]] (''Tracheophyta'') dat hawwe. Ek produsearje se gjin [[sied (plant)|sied]], mar plantsje se har fuort mei [[spoar (plant)|spoaren]], krekt sa't [[rintfearren]] (farens) en [[poddestuollen]] dat dogge.
 
De stamme fan 'e moassen (''Bryophyta'') omfiemet sa'n 12.000 ûnderskate [[soarte]]n. Foarhinne waarden ta dizze [[taksonomy]]ske groep ek de [[levermoassen]] (''Marchantiophyta'') en de [[haumoassen]] (''Anthocerotophyta'') rekkene, mar neffens moderne ynsichten foarmje dy elts in aparte [[stamme (taksonomy)|stamme]], en steane se dus binnen it ûnderryk fan 'e [[lânplanten]] op deselde hichte mei de moassen en de faskulêre planten. Yn it deistich spraakgebrûk wurde de moassen lykwols noch altyd mei de levermoassen en de haumoassen ûnder de oantsjutting [[moas]] beflapt. De [[koarstmoassen]] of lichens binne lykwols gjin moassen en sels gjin lânplanten, mar ynstee gearwurkingsfoarmen tusken [[skimmels]] en [[grienwieren]] en/of [[blauwieren]]. De stúdzje nei moassen wurdt [[bryology]] neamd; op dat mêd is yn [[Nederlân]] de [[Bryologyske en Lichenologyske Wurkgroep]] aktyf.
 
==Stamme-opbou==