De '''evenhoevigen''' ([[Latyn]]ske namme: ''Artiodactyla'') foarmje in [[skift]] fan 'e [[klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia'') dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolle [[herbivoar|plante-iters]] dy't der binne. Lang wiene de [[ûnevenhoevigen]] de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn it [[Mioseen]] de wâlden romte makken foar gerzige flakten.
Troch de ynpassing fan 'e walfiskeftigen yn dit skift is de yndieling op 't heden noch wat in rommeltsje; wêr't hjirûnder "takson" stiet, wol dat sizze dat dy [[taksonomy]]ske groep noch net in nije rang tawiisd krigen hat.