Evenhoevigen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 45:
In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch de [[minske]] en binne fan krúsjaal [[ekonomy]]sk belang, lykas de [[ko]], it [[skiep]], de [[geit]], de [[baarch]], it [[kamiel]], de [[lama]] en it [[rindier]]. Hja binne wol tige fetber foar sykten as [[tongblier]], wat de ûnevenhoevigen (lykas it [[hynder]] en de [[ezel]]) wer net binne.
 
Foarhinne bestie it skift fan 'e evenhoevigen út trije ûnderskiften: de [[barge-eftigenbaarcheftigen]], de [[kamieleftigen]] en de [[wjerkôgers]]. Fan 'e [[nylhoarsen]] is lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e [[bargen]] en de [[pekarys]], mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e [[walfiskeftigen]]. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de [[taksonomy|taksonomyske yndieling]], mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. It skift wurdt sadwaande no ek wol ''Cetartiodactyla'' of "walfiskeftigen en evenhoevigen" neamd.
 
Yn elts gefal kin no sein wurde dat de evenhoevigen oeral op 'e wrâld (mei útsûndering fan [[Antarktika]]) foarkomme. Kwa uterlik rinne se útinoar fan 'e [[lytse kantjyl]], dy't noch gjin 3 kg weaget, oant de [[blauwe finfisk]], dy't in gewicht fan 170 ton berikke kin.