Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L [[]]
Rigel 45:
Der kaam ek in súdlike oanbou. De Hallumers sprekke oer de 'Koarte Gaarde'. Dat is in ferbastering fan ''Corps du Garde''. Yn [[Frânske tiid]] wie der in Frânske besetting yn Hallum. De Hallumer toer wie in part fan it seinstelsel dat [[Napoleon]] oer syn hiele ryk brûkte foar it trochjaan fan befellen.
 
Yn [[1804]] wie Hallum yn 't nijs. By wurksumheden foel de sealdaktoer yn. It Hinz-oargel dat der noch mar sa'n 40 jier stie, waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn [[1806]] stie de spitse toer, sa as dy der noch stiet, der. Yn [[1811]] spile der wer in nije oargel. Dat is boud troch [[Johan Adolf Hillebrand]], de masterfeint fan de oargelbouwers [[Albertus vanfan Gruisen]] en Soannen. It liket dat der nochal wat oan net yn 'e oarder west hat. [[Willem Hardorff|Hartdoff]] en oaren hawwe der faak feroarings oan oanbrocht.
 
De preekstoel is makke yn [[1773]]. Hy is ryk fersierd mei moai snijwurk fan [[Durk Embderveld|Embderveld]]. Ek sit der oan de oargelkas snijwurk.