Willem IV fan Oranje-Nassau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
L Oanfolling by 'Ferskaat'en ferheldering besteande twa punten (dy't as aparte items 'ferskaat' besjoen wurde moatte)
Rigel 14:
Op [[21 oktober]] [[1733]] gie hy foar it Gerjocht fan Ljouwert yn [[ûndertrou]].<ref>[http://www.tresoar.nl Tresoar - Frysk Histoarysk en letterkundich Sintrum]</ref>It houlik dat steld wie yn novimber [[1733]] waard útsteld, omdat de bemuoienissen fan syn takomstige skoanheit [[George II fan Grut-Brittanje|George II]] mei de Republyk net op priis steld waarden. Willem waard, mei troch alle alteraasje, siik en gie nei it kueroard [[Bath (Ingelân)|Bath]]. Pas inkele moannen letter wierd er genôch opknapt om te trouwen.
 
[[Georg Friedrich_HändelFriedrich Händel|Händel]], dy't Anna en har jongere sussen klavesimbel- en muzykles jûn hie, en har as syn bêste learling beskôge, komponearre ta gelegenheid fan it houlik syn Serenata ''Il Parnasso in Festa'' (HWV 73), wêrfoar't dielen út ''Athalia'' (HWV 52) brûkt binne. Op [[25 maart]] [[1734]] troude it pear yn de Frânske kapel fan it Paleis fan St. James. Händel komponearre hjirfoar, op in tekst fan Prinses Anna (nei twa psalmen), it antem ''This is the day the Lord hath made'' (HWV 262).
 
Yn Amsterdam waard it pear op [[8 maaie]] [[1734]] mei sa'n bytsje animo ûntfongen troch boargemaster [[Lieve Geelvinck]], dat it paar al nei in heal oere besluet om troch te reizgjen nei Ljouwert.
Rigel 22:
== As steedhâlder ==
[[Ofbyld:StadhouderWillemIV(3).jpg|thumb|''Steedhâlder Willem IV''|link=Ofbyld:StadhouderWillemIV%283%29.jpg]]
Yn 1740 bruts fannijs de [[Eastenrykske Suksesjeoarloch]] út, wêryn Eastenryk en Frankryk foar elkoar oer stiene. De Republyk keas yn 1747 de kant fan Eastenryk, om sa in buffersône tusken de republyk en Frankryk yn stân te hâlden, wêrnei't Frânske troepen de súdlike Nederlannen binnenfoelen. Yn in pear wike tiid feroveren de troepen fan [[Loadewyjk XV fan Frankryk|Loadewyk XV]] de wichtichste plakken yn Sieusk-Flaanderen. Yn panyk waard de prins op [[2 maaie]] [[1747]] beneamd as Kaptein-Generaal en [[Steedhâlder]] fan alle gewesten fan de Republyk. Oer syn foegen koe Willem it nei in oantal kearen net iens wurde mei de Steaten-Generaal.<ref>[http://www.nationaalarchief.nl/webviews/page.webview?eadid=NL-HaNA_3.01.22&pageid=N10128 3.01.22 - Inventaris van het archief van Anthonie van der Heim, (1710) 1737-1746]</ref> Se leinen him in ynstruksje foar dy't lyk wie mei dy út de [[Uny fan_Utert_fan Utert (1579)|Uny fan Utert]]. Willem woe allinnich de eed ôflizze op de ynstruksje fan syn foargonger [[Willem III fan Oranje-Nassau|Willem III]].
 
Op 11 maaie 1747 die de prins syn yntree yn Amsterdam. As begroeting wienen net allinnich de boargemaster, mar ek alle predikanten oanwêzich. Wa't gjin oranje droech rûn de kâns yn de grêft dondere te wurden. Sels de hyns en ek de oksen op wei nei de slachter wienen der mei fersierd.<ref>{{Aut|Evenhuis, R.B.}} (1974): ''Ook dat was Amsterdam'', diel IV, side 282.</ref> Yn novimber fan datselde jier folge ferheffing ta [[erfsteedhâlder]] fan de Republyk, wêrby't ek de opfolging yn froulike line regele waard, want Willem IV hie doe allinnich mar in dochter. Hjirmei kaam in ein oan it [[Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek]]. De organisator wie de porseleinferkeaper [[Daniël Raap]], in reedlik [[Doelisten|Doelist]], dy't de Oranjegesinde befolking mobilisearre.
Rigel 33:
Willem krige te krijen mei in weromrinnende ekonomy. It krewearjen om de hannel oan te trúnjen troch it ynstellen fan in frijhaven, rûn troch tsjinwurking fan de admiraliteitskolleezjes op neat út. De bankier [[Thomas Hope]] en de polityk ekonoom [[Isaac de Pinto]] leanne hy mei respektyflik in funksje yn de [[West-Ynjeske Kompanjy|WIC]] en [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]].
 
Willem IV stelde in soad belang yn in oanstelling fan [[Loadewyk Ernst_fan_BrunswykErnst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|Loadewyk Ernst, hartoch fan Brunswyk-Wolfenbüttel]] doe't syn sûnens efterút gie. Anna fan Hannover nom de rinnende saken oer. Willem IV stoar op 22 oktober 1751 yn De Haach nei in kuer yn [[Aken (stad)|Aken]]. De beierdiging wie op [[4 febrewaris]] 1752 yn de [[Grêfkelder fan_Oranjefan Oranje-Nassau|grêfkelder fan de Oranjes]] yn Delft. De erfsteedhâlder waard opfolge troch syn trije jier âlde soan. Anna fan Hannover naam de lânssaken waar oant 1759; Fryslân beneamde har skoanmem [[Maria Louise fan Hessen-Kassel|Marijke Meu]], dy't de funksje fan regintesse útoefene oant 1765.
 
== Bern ==
Rigel 40:
* twa nammeleaze bern yn ([[1736]]), ([[1739]]),
* [[Carolina fan Oranje-Nassau|Wilhelmina ''Carolina'']] (1743-1787), troud mei [[Karel Christiaan fan Nassau-Weilburg]],
* [[Anna fan_Oranjefan Oranje-Nassau_Nassau (1746)|''Anna'']] (1746),
* [[Willem V fan Oranje-Nassau|''Willem'' Batavus]] (1748-1806), de lettere Erfsteedhâlder Willem V, troud mei [[Wilhelmina fan_Pruisen_fan Pruisen (1751-1820)|Wilhelmina fan Pruisen]] (1751-1820).
 
== Ferskaat ==
Rigel 54:
}}
[[Kategory:Greve fan Nassau]]
[[Kategory:Hûs Oranje-Nassau]]
[[MediaWiki:Badtitletext]]
[[Kategory:Frysk steedhâlder]]
[[MediaWiki:Badtitletext]]
[[Kategory:Nederlânsk steedhâlder]]
[[MediaWiki:Badtitletext]]
[[Kategory:Prins fan Oranje]]
[[Kategory:Universiteit fan Frjentsjer]]
[[Kategory:Nederlânsk frijmitselder]]
[[MediaWiki:Badtitletext]]