Cherokee d'Ass: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
+ foto
Rigel 1:
{{Pornografysk aktrise|
Ofbyld= [[File:CherokeeDAss 2012-07-14 Exxxotica-Chicago 9820.jpg|220px]]|
Ofbyld= ''gjin ôfbyld beskikber op dit stuit'' |
nasjonaliteit= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] |
oare artystenammen= Cherokee, Cherokee Dass |
Rigel 12:
'''Cherokee d'Ass''', echte namme '''Yohanna Renee Kerr''' ([[11 febrewaris]] [[1976]]), is in rêstend [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[neakenmodel]] en [[pornografysk aktrise]] fan [[Afro-Amerikanen|Afro-Amerikaansk]] komôf, wa har artystenamme ek wol stavere waard as "Cherokee Dass". Hja moat net betize wurde mei in oare Amerikaanske pornoaktrise, [[Cherokee (pornografysk aktrise)|Cherokee]], dy't fan [[Yndianen|Yndiaansk]] komôf is.
 
==Libben en karriêre==
Cherokee d'Ass waard berne yn it suden fan 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]] en groeide op yn [[Los Angeles]]. Se rekke yn 'e pornoyndustry behelle doe't se yn [[1999]] reägearre op in fakatuere wêrfan't se op dat stuit noch net wist dat it om [[pornografy]]sk optreden gie. Nei't se har beprate litten hie troch de lju dy't de fakatuere pleatst hiene, makke se koarte tiid letter har debút yn in [[pornografyske film]]. Sûnt spile se yn 141 pornofilms, foar labels as ''[[Black Ice]]'', ''[[Hustler Video|Hustler]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Red Light District]]'', ''[[Bang Productions]]'', ''[[Evasive Angles]]'', ''[[West Coast Productions]]'' en ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]''. Yn [[2009]] sleepte se in nominaasje foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar|Oskars]]'' fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht. Cherokee d'Ass is 1.60 m, mei in gewicht fan 68 kg. Yn [[2007]] liet se har [[boarstfergrutting|boarsten fergrutsje]] fan in kup B nei in kup D, mar se stiet benammen bekend om har grouwe stuten, mei in heupwiidte fan 52 inch, oftewol 132 sm. Yn [[2012]] loek Cherokee d'Ass har út 'e pornoyndustry werom.