Stuten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
+ de wichtichste spier
Rigel 1:
[[File:Human buttocks.jpg|right|thumb|200px|Minsklike stuten (b. ♀; û. ♂).]]
De '''stuten''' (inkeltal: stút) binne de beide rûne dielen fan 'e [[minske|minsklike]] [[anatomy]] dy't oan 'e efterkant fan 'e romp op 'e hichte fan it [[bekken (lichemsdiel)|bekken]] sitte, en mei [[heup]]en ferbûn binne troch in grut tal [[spier]]en dêr't de [[grutte bilspier]] (''musculus glutaeus maximus'') de wichtichste fan is. Oare nammen foar dizze lichemsdielen binne it '''efterst''' of '''achterst''', it '''efterwurk''' of '''achterwurk''', it '''sitflak''', as men tsjin bern praat de '''poepert''' en by (wat) rûger taalgebrûk it '''gat''', de '''kont''', de '''kanus''' of de '''reet'''. Ien fan 'e gongberste (fatsoenlike) nammen, de '''billen''', is yn it [[Frysk]] wat problematysk, om't dat ek (en fan âlds yn it foarste plak) de beneaming is foar de [[boppeskonk]]en.
 
By minsken, [[minskapen]] en in grut tal oare [[fjouwerpoatigen]] wurde de stuten foarme troch in laach [[hûd|ûnderhûdsk]] [[fet (weefsel)|fet]] dy't oer de [[grutte stútspier]] (''musculus glutaeus medius'') en de [[lytse stútspier]] (''musculus gluteaus minimus'') hinne leit. Stuten komme altyd by twaen foar; útsûnderings dêrop binne hiel seldsum en dogge har inkeld foar by tige slimme ôfwikings, lykas by guon [[Siameeske twilling]]s. De stuten lizze as inoars spegelbyld oan wjerskanten fan 'e [[anus]]. [[Fysiology]]sk binne se bedoeld om 'e [[skonk]]en en [[foet|fuotten]] te ûntlêstgjen troch [[sitten]] mooglik te meitsjen.