Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red hiele side + soad oanf
Rigel 9:
| webstee = [http://www.dronrijp.com/ Webstee fan Dronryp]
}}
'''Dronryp''', of ek wol '''De Ryp''', is in [[Fryslân|Frysk]] [[doarp]] dat op 'e grins fan 'e [[Bouhoeke]] mei de [[Greidhoeke]] leit, ynklamme tusken de [[autosnelwei]] [[Rykswei 31|A31]] (tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Frjentsjer]]) oan 'e noardkant, en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant. It doarp heart ta de gemeente [[Menameradiel]], dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn [[2011]]) de grutste wenkearn is, noch foàr it haadplak [[Menaam]]. Dronryp genietet ek bûten [[Fryslân]] in beskate bekendheid as it berteplak fan 'e [[18e ieu|achttjinde-ieuske]] [[astronoom]] [[Eise Eisinga]] en de [[19e ieu|njoggentjinde-ieuske]] [[keunstskilder]] [[Lourens Alma-Tadema]].
'''Dronryp''' is in doarp yn de gemeente [[Menameradiel]], súd fan [[Menaam]]. It is it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 3.250 ynwenners (2004). D'Alde Wite, de [[protestantisme|protestantske]] tsjerke, is de byldbepalende tsjerke fan it doarp (en stiet dêrom ek op 'e doarpsflagge).
 
==Etymology==
Dronryp leit sawol oan it [[Van Harinxmakanaal]] as oan de autosnelwei de [[Rykswei 31|A31]] tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Frjentsjer]]. It doarp hat in [[Stasjon Dronryp|stasjon]] oan it spoar [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]]-[[Stasjon Harns Haven|Harns Haven]].
Oangeande de [[etymology]] fan 'e namme "Dronryp" tinkt men wol dat de delsetting oarspronklik fêstige wurden is op in smelle stripe lân (in "ryp") tusken twa [[slinke]]n yn. Dy "ryp" soe doe noch ophege wêze mei [[terp]]en, mei't de [[seedyk|seediken]] pas yn 'e [[tsiende ieu|tsiende]] of [[alfde ieu]] oanlein waarden. Oer "dron-" sitte de saakkundigen eins wat mei de hannen yn 't hier, al wol ien teory hawwe dat it in gearlûking is fan 'e ier Fryske famyljenamme "Drenning". En fierders is der fansels noch it (net serieus bedoelde) rymke fan [[Y.H. Bosma]], publisearre yn ''[[Iduna]]'', yn [[1851]], wêryn't de dichter de skiednis fan Dronryp mei de gek beslacht troch út te lizzen hoe't men it plak bepaalde dêr't de [[tsjerke]] komme moast: men liet twa keppele [[okse]]n in nacht los, en wêr't men dy de oare moarns oantreffe soe, dêr soe boud wurde. De oare moarns siet it hiele lân ûnder de ryp, en fan 'e oksen wie gjin spoar te bekennen. Mar úteinlik hearde men har droanende gebalt, en doe die bliken dat se yn in [[reid]][[poel]] yn 'e drek leine. Dat de tsjerke waard op it plak fan 'e reidpoel boud en it doarp dat deromhinne groeide kaam Dronryp te hjitten, fan "droan" en "ryp".
[[Ofbyld:Dronrijp Tsjerkebuoren.jpg|left|thumb|250px|D'Alde Wite, oan 'e Tsjerkebuorren, de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
 
==Geografy==
By it doarp steane in trijetal [[poldermûne]]n: [[De Puollen]] (1850), [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]] (1870) en de [[Hatsumermûne]] (1878).
Dronryp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Dronryp hat altyd ta de gemeente [[Menameradiel]] heart, en dêrbinnen grinzget de Rypster [[himrik]] yn it noarden oan [[Menaam]], yn it noardwesten oan [[Skingen]] en yn it easten oan [[Deinum]] en [[Blessum]]. Yn it westen grinzget Dronryp oan it [[Frjentsjerteradiel]]ster doarp [[Sweins]], en yn it suden (fan west nei east) oan 'e [[Littenseradiel]]ster doarpen [[Wjelsryp]], [[Baaium]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Húns]] en [[Hilaard]]. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de [[Rykswei 31]] oan 'e noardkant en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. In kilometer as twa besuden it doarp leit de [[útbuorren]] [[Hatsum]], mei in eigen [[Stasjon Dronryp|stasjon]] oan it [[spoarwegen|spoar]] fan [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] nei [[Stasjon Harns Haven|Harns]]. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit [[De Puollen (Dronryp)|De Puollen]], dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.
== Schatzenburg ==
[[File:Dronrijp.DePosthoorn.JPG|right|thumb|250px|Kafee ''De Posthoorn''.]]
Oan de Eastryp stiet it bûtenplak Schatzenburg, ek wol [[Brantsmastate]] fan foar [[1698]]. It hat û.o. bewenne west troch [[Johannes Lambertus Huber]], [[Hermanus Huber]], [[Cornelis Martinus Haersma]] en dr. [[Assuerus Quaestius]].
 
;Strjitten
== Oorbiet ==
Foar in opsomming fan alle strjitten yn Dronryp, sjoch de list op [[strjitten yn Dronryp|dizze side]].
Oan It Tichelwurk stiet it hûs fan de direkteur fan it ôfbrutsen stienfabryk. Op in tinkstien steane twa fjochtsjende manlju mei de tekst:
 
<br>
==Skiednis==
''Door de Nyt wordt Twist Geboren''<br>
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[argeology]]ske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd [[ierdewurk]] foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene [[fingerring|ring]] út 'e [[trêde ieu]], in byldsje fan 'e [[Romeinske mytology|Romeinske oarlochsgod]] [[Mars (god)|Mars]] en fierders [[dakpanne]]n by 't kroadfol.
''Door Gebyt Dit Oir Verloren''<br> Neffens it ferhaal soene twa soannen fan de slothear fan [[Grut Heerema]] spul krigen om in famke. By in fjochterij soe de iene by de oar in ear ôfbiten ha. De stienfabryk soe dêrtroch de namme Oorbiet krigen hawwe.
 
Yn 'e [[Midsieuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: Fetsa-, Grut Dotinga-, Osinga- en Hobbemastate yn of fuort by de buorren, Foppingastate oan 'e súdkant fan 'e âlde [[Harnzer Trekfeart]], Glinsstate (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en Hommemastate op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.
[[File:Dronrijp.Vredenhof.JPG|left|thumb|250px|It âldste diel fan it [[gasthûs]] "Vredenhof", oan 'e Dûbelestreek.]]
 
Yn 'e tiid fan 'e partijskippen tusken [[Skieringers|Skier]] en [[Fetkeapers|Fet]] stie Dronryp ienriedich oan kant fan 'e [[Skieringers]], krektlyk as omlizzende doarpen lykas [[Berltsum]], [[Bitgum]], [[Marsum]], [[Deinum]], [[Blessum]] en [[Boksum]]. Dêrmei hearde dizze krite ta de ynfloedssfear fan it Skieringer [[Frjentsjer]], en kanten de doarpen har oan tsjin it [[Fetkeapers]]ke [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dat doe ek al op útwreiding út wie. Lykwols hie Dronryp in stik minder te lijen ûnder de [[boargeroarloch]] as guon buordoarpen, wat nammers te krijen hie mei it feit dat der doedestiden noch gjin himelsbrede lânferbining tusken Ljouwert en Frjentsjer oer Dronryp bestie. Ynstee rûn de âlde haadwei oer [[Marsum]], [[Bitgum]], [[Berltsum]], [[Rie (doarp)|Rie]] en [[Doanjum]], dêr't er behearske waard troch de haadlingen dy't yn dy doarpen op harren [[stins|stinzen]] sieten, in feit dat de Ljouwerters min nei 't sin wie. Mar likegoed wiene de Rypsters solidêr mei har buorlju en tekenen se yn [[1496]] yn 'e mande mei de oare doarpen in ferbûn mei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]. Yn [[1497]] fûn der sels in gearkomste fan 'e Steaten fan [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] yn Dronryp plak, wêrby't de stridende partijen in bestân sleaten. Mooglik wiist it plak fan gearkomste derop dat de Rypsters by de ûnderhannelings in rol as midsman ferfollen.
 
Yn 'e [[Slach by Frjentsjer]] sneuvele yn [[1500]] û.o. [[Heare Rynks]], haadling te Dronryp, yn 'e striid tsjin 'e troepen fan [[Albrecht fan Saksen]]. Doe't de Saksers úteinlik har rjochten yn Fryslân oerdiene oan 'e [[Habsburch (geslacht)|Habsburgers]], bliek dat foar Dronryp gjin ferbettering te wêzen, want yn [[1516]] waard it doarp plondere en ferwuostge troch de troepen fan [[Floaris fan Egmond]], de [[steedhâlder]] fan 'e Habsburchske lânshear [[Karel V]], dy't de befolking útmoarden en de froulju [[ferkrêfting|ferkrêften]]. Doe't it yn [[1524]], nei hast tritich jier fan oanhâldende oarloch, wer frede waard, krige men nije swierrichheden op it mêd fan [[godstsjinst]], mei't dat de tiid fan 'e [[Reformaasje]] wie. De ûnrêst dy't dêrmei mank gie, hold in heale ieu oan, oant úteinlik ûnder de [[Tachtichjierrige Oarloch]] de bân mei [[Spanje]] trochsnien waard en de Reformaasje yn [[1580]] formeel trochfierd wurde koe.
[[File:Dronryp Schatzenburg 1900.jpg|right|thumb|250px|It bûten [[Skatzenburch]] yn [[1900]].]]
 
Neitiid rekken de âlde haadlingelagen fan Dronryp, ynsafier't se net útstoaren, yn jildpine, mei as gefolch dat de staten fan it doarp stadichoan ôftakelen. Fan Fetsastate, bygelyks, is bekend dat om [[1700]] hinne de doetiidske eigner, Teake Sybrand Camminga fan Burmania, de seis rigen [[yp|ipebeammen]] oan 'e opreed, dy't de pronk fan it doarp wiene, foar heal jild foar it hout ferkeapje moast. Tsjin [[1750]] wie Fetsastate in ferfallen rottekleaster wurden. Ek Osingastate en Hommemastate waarden al ier wei, mar de oaren bleaune likemin sparre. Hobbemastate, dat tsjin 'e ein fan 'e [[achttjinde ieu]] ôfbrutsen waard, hold it noch it langste út. Inkeld in folle jonger slot, [[Skatzenburch]], dat yn 'e saneamde Kwestjebosk drekt benoarden it doarp stiet (oan 'e noardkant fan 'e [[A31]]), bestiet noch altyd. Skatzenburch (dat net betize wurde moat mei it rekreaasje-oard ûnder [[Menaam]], dat dernei ferneamd is) waard yn [[1698]] boud yn opdracht fan [[Harmannus Huber]], de siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]].
 
Wat it sljochtwei folk oanbelange, dat hie it yn 'e [[achttjinde ieu]] net maklik, mei't Fryslân yn dy tiid troch de [[feepest]] troffen waard, in besmetlike feesykte dy't yn [[juny]] [[1714]] yn De Puollen by Dronryp foar it earst útbrutsen liket te wêzen. De sykte bleau jierrenlang omwaarjen, wêrby't ferskate boeren mear as ien kear yn har libben har hiele feebestân kwytrekken (yn in tiid dat [[fersekering]]en noch net bestiene). Yn it boek ''Skiednis fan Menameradiel'' makket O. Santema melding fan in Piter Hindriks Hiemstra, dy't yn [[1740]] yn [[Ypekolsgea]] berne waard, [[boere-arbeider]] waard te [[Iens]], troude mei in boeredochter en sadwaande yn [[Tsjom]] op 'e pleats kaam en dêr 37 jier buorke, mar twaris al syn bisten ferlear oan 'e feepest. Nei de twadde kear moast er fan 'e pleats ôf en waard er mei 60 jier [[kastlein]] yn [[Blauhûs]], dêr't syn frou stoar. Fjouwer jier letter wied er wer opklaud ta pachtboer, diskear yn Dronryp, dêr't er nochris 33 jier buorke. Op syn 97ste, nei 70 jier boer west te hawwen, sette er him yn [[1837]] nei wenjen yn in boargerhúske yn 'e buorren, mar doe't dat ôfbrutsen wurde moast, gied er by de bernsbern yn, dêr't úteinlik op [[4 novimber]] [[1844]] yn 'e hege âlderdom fan 104 jier kaam te ferstjerren.
[[File:Dronrijp - molen Kingmatille vanaf de openbare weg.jpg|left|thumb|200px|De [[mûne]] [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]].]]
 
Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn [[1850]] krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten [[strjitferljochting]], neffens Santema "''in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei.''"<ref>Santema, O., ''Dronryp'', yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, ''Skiednis fan Menameradiel'', s. 404.</ref> Om deselde tiid hinne krige Dronryp in wolfoarsjoene [[bibleteek]], en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) [[legere skoalle]]. Teffens naam de [[skipfeart]] oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn [[1951]] kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e [[feart]] ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omnamme ta it [[Van Harinxmakanaal]]. Yn [[1863]] kaam it [[spoarwegen|spoar]], en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in [[strjitwei]] oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't oan 'e noardkant by it doarp lâns rûn. Fan [[1900]] ôf ried dêr de [[tram]], en sûnt de 1930-er jierren de [[autobus|bus]].
 
Yn it lêst fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], op [[woansdei]] [[11 april]] [[1945]], brochten de [[Dútslân|Dútsers]] fjirtjin gizelders út it hûs fan bewar yn Ljouwert nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in [[trein]] ûntspoare litten hie. Om't de [[brêge]] oer it nije [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen dêr út 'e frachtwein helle en oan 'e [[igge]] fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it [[talud]] fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dizze [[Dronryp-represaille]] útfierd waard, stiet noch altyd in [[tinkteken]] yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers binne: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. De fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle, en oerlibbe de moardpartij op wûnderbaarlike wize, temear om't de slachtoffers ûnder skerpe Dútske bewekking 24 oeren ûnoanroerd bleaune.
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|300px|D'Alde Wite, de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
 
==Doarpsbyld==
Yn totaal telt Dronryp 41 [[ryksmonumint]]en. It wichtichste dêrfan is sûnder mis [[D'Alde Wite]], de [[protestantisme|protestantske]] tsjerke, dy't de byldbepalende tsjerke fan it doarp is (en dêrom ek op 'e doarpsflagge stiet). Hy hjit eins fan Salviustsjerke, mei't er foar de herfoarming fan [[1580]] oan 'e hillige [[Salvius]] wijd wie. It is in [[beuk (arsjitektuer)|ienbeukich]] tsjerkegebou yn 'e [[romaanske boukeunst|romaanske]] styl mei in houten [[tonferwulft]], dat yn 'e [[tolfde ieu]] set is. Yn 'e flier lizze ferskate [[grêfsark]]en. By in grutte ferbouwing yn [[1504]] hawwe benammen it [[koar (tsjerke)|koar]] en de súdmuorre in [[goatyske boukeunst|goatysk]] karakter krigen. Yn 'e midden fan 'e [[santjinde ieu]] is de tsjerke fan binnen sterk ferfraaid, yn 't bysûnder troch de pleatsing fan in sântal sterk opinoar lykjende oerkape famyljebanken en in nije [[preekstoel]], en troch it oanbringen fan [[houtfykwurk]]. Teffens is it [[oargel]] doe oanskaft, dat út [[1653]] datearret en dêrmei it âldste oargel fan Fryslân is. It waard makke troch de bruorren [[Arnoldus Bader|Arnoldus]] en [[Tobias Bader]], dy't der fiif jier oan wurken en der sa'n 4.900 [[Karolusgûne]]n oan fertsjinnen, noch bûten de [[oargelkast]] en it fykwurk. Yn 'e [[njoggentjinde ieu]] is it restaurearre troch [[Willem Hardorff]], en yn 'e [[tweintichste ieu]] nochris troch [[Bakker & Timmenga]].
 
De [[tsjerketoer|toer]] is yn [[1544]] boud en bestiet út sterk fersnijende lidden dy't bekroane binne mei in trêde lid dat in achtsidige, iepenwurke foarm hat dy't ek wol in "lantearne" neamd wurdt. Sokke tuorren komme wol mear foar yn [[Seelân]], en ek yn [[Elst]], yn 'e [[Betuwe]], mar yn Fryslân sjocht men dizze foarm inkeld yn [[Pepergea]] werom. De súdyngong fan 'e toer hat in [[fronton (boukunde)|fronton]] mei in deadskop flankearre fan twa [[obelisk]]en. Njonken de yngong befynt him in tinkstien ta oantins oan [[Eise Eisinga]]. De fronton boppe de eastyngong hat trije bylden fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[deugd]]en [[leauwe]], [[hope]] en [[leafde]]. Yn 'e toer hongen foarhinne twa [[tsjerkeklok|klokken]], in grutten en in lytsen. De grutte, dy't der noch altyd hinget, waard yn [[1493]] getten troch [[Geert van Wou]]. De lytse klok datearre fan [[1632]] en wie getten troch [[Hans Falck van Neurenberg]], út Ljouwert, mar dy is yn 'e besettingstiid troch de Dútsers opfoardere en omsmolten.
[[File:Dronrijp.RKkerk.MariaGeboorte-2.JPG|left|thumb|200px|De [[roomsk-katolisisme|roomske]] Marije Bertetsjerke.]]
 
De [[roomsk-katolisisme|roomske]] tsjerke fan Dronryp, de Marije Bertetsjerke, datearret út [[1839]], doe't der nei ieuwen fan inkeld [[gewissefrijheid]] (wêrby't de roomsen en [[minnisten]] yn [[skûltsjerke]]n gearkomme moasten), wiere [[godstsjinstfrijheid]] yn [[Nederlân]] kaam. Mei't de âlde roomske (skûl)tsjerke boufallich wie, waard doe besletten dat der in nij gebou komme moast, mar de gemeente wie te earm om dat sels te bekostjen. Dêrta sprong it Ryk doe by mei in subsydzje fan ƒ8.000. De nije [[Wettersteatstsjerke]] waard ûntwurpen troch [[arsjitekt]] [[A. van der Moer]], en krige persiis hûndert jier nei de bou in oanpaste [[foargevel]] en in opfallende toer. Dy nije eleminten waarden ûntwurpen troch [[J.M. van Hardeveld]].
 
Fierders stiet yn Dronryp oan It Tichelwurk 11-12 de wente fan 'e direkteur fan it stienfabryk, dat yn it doarp bestie fan [[1736]] oant [[1919]], en yn [[1920]] ôfbrutsen waard. Dit fabryk hiet ''d'Orebyter'', de direkteurswente giet troch it libben as ''De Oorebyt''. Op in tinkstien yn 'e direkteurswente, dy't sels datearret út [[1731]], steane twa fjochtsjende manlju ôfbylde mei dêrby de tekst:
::::::::::::''Door de Nyt wordt Twist Geboren''<br>
::::::::::::''Door Gebyt Dit Oir Verloren''<br>
Neffens it ferhaal soene twa soannen fan 'e slothear fan Grut Heeremastate spul krigen hawwe om in fanke. By de slaanderij dy't dêrop folge, soe de iene by de oare in [[ear (lichemsdiel)|ear]] ôfbiten hawwe. It [[tichelwurk]] soe dêrtroch oan syn namme kommen wêze.
[[File:Schatzenburg-Dronrijp.jpg|right|thumb|250px|It haadgebou fan it bûten [[Skatzenburch]], mank de beammen fan Kwestjebosk.]]
 
Bûten it doarp stiet oan 'e Eastryp it bûtenplak Skatzenburch (''Schatzenburg''), dat dêr yn [[1698]] troch [[Harmannus Huber]], de siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]], sette litten waard op it stee dêr't earder [[Brantsmastate]] stie. Neffens Santema waard it bûten doedestiden omskreaun as ''een nieuw woonjuys met een Vlaams gewel''. Yn 'e earste helte fan 'e [[achttjinde ieu]] wenne dêr [[Alida Agnes Huber]], dy't it [[gasthûs]] (âldereintehûs) "Vredenhof" yn it doarp stifte. Oare bewenners fan it bûten wiene û.o. [[Johannes Lambertus Huber]], [[Cornelis Martinus Haersma]] en dr. [[Assuerus Quaestius]]. Dy lêste makke yn [[1887]] Skatzenburch mei trije [[pleats]]en oan it gasthûs ta om dat in finansjeel solide basis te ferskaffen. Sûnt mocht it bûten troch de fâden en fâdessen fan it gasthûs bewenne wurde. Om it bûten hinne stiet in kloft beammen dy't yn 'e folksmûle (alteast, foarhinne) Kwestjebosk neamd waard, neffens it ferhaal nei in net by namme neamde jonker fan Skatzenburch dy't oer alles sei: "Tsja, 't is in kwestje."
 
It al neamde gasthûs "Vredenhof", dat yn [[1745]] sftifte waard troch [[Agnes Alida Huber]], bestie yn 't earstoan út seis wenten. Persiis in ieu letter, yn [[1845]], waarden dêr oan 'e efterkant nochris seis wenten tsjinoan boud. Dy dûbele rige fan tolve wenten waard yn 'e [[tweintichste ieu]] gearfoege en ferboud ta seis wat rommere huzen (Dûbelestreek 19-29). It gehiel is wytkalke en hat oan 'e strjitkant twa [[klokgevel]]s mei [[oansetkrol]]len. Yn 'e jierren [[1872]]-[[1876]] is der 100 m súdliker in útwreiding kommen oan 'e trochgeande wei troch it doarp (It Heech 6-40). Dat waard in rige wenten yn [[neoklassisisme|neoklassisistyske]] styl nei in ûntwerp fan [[C.S. Reitsma]], dat yn trije fazen set waard en in [[1980]] yngeand ferboud is.
[[File:Dronrijp.Vredenhof.uitbreiding-01.JPG|left|thumb|250px|De útwreiding fan it [[gasthûs]] "Vredenhof", oan It Heech, fan 'e sydkant ôf besjoen.]]
 
Yn 'e Rypster [[himrik]] steane fierders in trijetal [[poldermûne]]n: [[De Puollen]], [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]] en de [[Hatsumermûne]]. De Puollen, dy't yn 'e eardere útbuorren mei deselde namme likernôch 1 km eastlik fan it doarp stiet, is in [[grûnsiler]] dy't yn [[1850]] boud waard foar de bemealling fan 'e 365 ha grutte Easterpolder, tsjintwurdich ûnderdiel fan 'e polder De Puollen. Lang ferkearde dizze mûne yn in ferfallen steat, mar yn [[1984]]/[[1985]] is er restaurearre, en hoewol't er net mear oansletten is op 'e Fryske [[boezem (wetter)|boezem]], is er noch wol mealfeardich. De grûnsiler Keimpetille stiet súdwestlik fan 'e Rypster buorren, oan 'e súdkant fan it Van Harinxmakanaal, foar de eigentlike útbuorren [[Keimpetille]] oer, dy't oan 'e noardkant fan it kanaal yn [[Frjentsjerteradiel]] leit. Dizze mûne datearret út [[1870]] en waard yn [[1987]] op syn hjoeddeistige lokaasje pleatst om 'e Hatsumerpolder te bemeallen. De Hatsumeremûne, ta einbeslút, stiet súdlik fan Dronryp yn 'e útbuorren [[Hatsum]]. Dit is ek al in grûnsiler, dy't yn [[1878]] boud waard foar de bemealling fan 'e 60 ha grutte polder Sikma. Hy is yn [[1988]]/[[1989]] restaurearre en yn [[2003]] fan in nije kap foarsjoen. Alle trije poldermûnen binne eigendom fan 'e [[Stifting Moles yn Menameradiel]] en kinne op ôfspraak besichtige wurde.
[[File:Dronrijp - molen De Poelen.jpg|right|thumb|250px|De [[mûne]] [[De Puollen]], by Dronryp.]]
 
== Mienskip ==
Dronryp beskikt oer in iepenbiere [[bibleteek]], in [[supermerk]] en ferskate oare [[winkel]]s. Der binne trije [[basisskoalle]]n, wêrfan't de Iepenbiere Basisskoalle "De Romte" de âldste is. De roomske Sint-Radbodusskoalle waard yn [[1875]] iepene, en de Kristlike Basisskoalle "It Anker", stifte troch [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|otterdoks-herfoarmden]] en [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearden]], datearret fan [[1908]]. Foar senioaren is der it soarchstipepunt "Drenningahof" en Stifting "It Palet". Foar de jongerein wie der earder it jeugdsintrum "Interije". It [[molkfabryk]] "De Takomst" (oprjochte yn [[1892]] as "De Volharding"), dat op [[6 novimber]] [[2009]] noch lanlik yn it nijs kaam doe't der in wolk [[salpetersoer]] ûntsnapte, moast yn [[2011]] slute. Oan it Van Harinxmakanaal stiet noch wol de [[hin]]neslachterij fan Van der Meer, dy't no ien fan 'e grutste wurkjouwers yn it doarp is. It doarpsblêd fan Dronryp hjit ''De Gearfetter''. Alle jierren is wurdt yn it doarp de [[Rypster Merke]] holden, de grutste [[merke|doarpsmerke]] fan [[Noard-Nederlân]].
De ynwenners neame harsels geregeld "Rypsters". Yn oerlis mei de bewenners is in Doarpsfisy opsteld fan 2006-2011. It doarp hat trije basisskoallen: De Romte, It Anker en Sint Radbodus. Der is in iepenbiere bibleteek. Foar senioaren is der it soarchstipepunt Drenningahof en Stifting 'It Palet'. Foar de jongerein wie der jeugdsintrum [[Interije]]. It doarpsblêd hjit ‘De Gearfetter’.
Alle jierren is hjir de [[Rypster Merke]], de grutste doarpsmerke fan Noard-Nederlân.
 
=== Ferienings ===
* [[Fuotbalferiening Dronryp]] - [[fuotbal]]
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|400px|D'Alde Wite, de protestantske tsjerke fan Dronryp.]]
* It Nut
* [[Fuotbalferiening Dronryp]]
* It Nut -
* d'Alde Wite - aktiviteiten
* Sjirk de Wal - [[keatsen]]
Line 38 ⟶ 79:
* DSVS - [[follybal]]
* Gezelligheid Troef - [[bridge]]
* Studio Si Nan Ju - [[Tangsudotangsudo]]
* De Alve Oksen - karnavalsferiening[[karnaval]]sferiening
* Hâld Moed - [[toaniel]]
[[File:Dronrijp - Hatsumermolen.jpg|right|thumb|200px|De [[Hatsumermûne]], yn 'e útbuorren [[Hatsum]].]]
 
==Demografy==
=== Bekende Rypsters ===
Oant fier yn 'e 1970-er jierren ta wie Dronryp yn grutte altyd it twadde doarp fan 'e gemeente [[Menameradiel]], nei [[Berltsum]], mar foàr it haadplak [[Menaam]]. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren santich is it doarp lykwols ek Berltsum foarby stribbe. De ynwennerstallen fan Dronryp litte in stadige stiging sjen, mei inkeld yn 'e midden fan 'e fyftiger jierren fan 'e [[tweintichste ieu]] in lytse tebekfal. De ynwenners fan Dronryp binne Rypsters. Harren tradysjonele skelnamme is "oksen".
* Sir [[Lawrence Alma Tadema]]
* [[Eise Eisinga]]
* [[Michael Jan de Goeje]], oriïntalist en arabist (1836-1909)
* [[Hermanus Huber]]
* [[Elizabeth Huber-de Hertoghe]]
* [[Johannes Lambertus Huber]]
* dr. [[Assuerus Quaestius]]
 
=== BefolkingBefolkingsgroei ===
{|
*[[1954]] - 2018
|-
*[[1959]] - 1981
| valign="top" |
*[[1964]] - 1902
{| class="wikitable"
*[[1969]] - 1906
|-
*[[1974]] - 2254
! style="background:#efefef;" | Jier
*[[2004]] - 3250
! style="background:#efefef;" | Befolking
*[[2008]] - 3400
|-
*[[2011]] - 3500
|[[1714]]
|align=right|750
|-
|[[1748]]
|align=right|760
|-
|[[1796]]
|align=right|919
|-
|[[1815]]
|align=right|1.043
|-
|[[1855]]
|align=right|1.647
|-
|[[1880]]
|align=right|1.942
|-
|[[1954]]
|align=right|2.018
|}
| valign="top" |
{| class="wikitable"
|-
! style="background:#efefef;" | Jier
! style="background:#efefef;" | Befolking
|-
|[[1959]]
|align=right|1.981
|-
|[[1964]]
|align=right|1.902
|-
|[[1969]]
|align=right|1.906
|-
|[[1974]]
|align=right|2.254
|-
|[[2004]]
|align=right|3.250
|-
|[[2008]]
|align=right|3.400
|-
|[[2011]]
|align=right|3.500
|}
|}
[[File:Interieur,_overzicht_naar_het_orgel_met_preekstoel,herenbanken_en_doopvont_-_Dronrijp_-_20337694_-_RCE.jpg|right|thumb|250px|It ynterieur fan D'Alde Wite.]]
[[File:Dronrijp Salviuskerk.jpg|right|thumb|250px|It oargel fan D'Alde Wite.]]
 
=== Berne yn Dronryp Godstjinst===
Dronryp stiet derom bekend dat it ien fan 'e grutste [[roomsk-katolike|roomske]] enklaven yn [[Fryslân]] is, yn 'e mande mei sokke plakken as [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Reahûs]] en [[Blauhûs]]. De Rypster [[parochy]] hat altyd de iennichste fan [[Menameradiel]] west. Yn [[1796]] wiene der 173 belidende roomsen op in totale doarpsbefolking fan 919 minsken, wat delkomt op 18,8% fan 'e befolking, oftewol krapoan in fyfdepart. Oan 'e [[protestantisme|protestantske]] kant wie Dronryp yn 'e [[njoggentjinde ieu]] en de earste helte fan 'e [[tweintichste ieu]] útsprutsen [[frijsinnigens|frijsinnich]]; de [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|otterdoks-herfoarmden]] tsjerken yn [[Menaam]]. Yn [[1897]] waard der yn Dronryp troch bemuoienis fan 'e [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde]] [[klassis]] [[Frjentsjer]] in selsstannige grifformearde gemeente oprjochte. Dy is nei [[2000]] yn in ''Samen op Weg''-proses mei de herfoarmden opgien yn 'e feriene protestantske gemeente. [[Minnisten]] hawwe der yn Dronryp nea net in soad west; sels yn [[1796]] waarden der mar fiif teld.
* [[Douwe fan Glins]] ([[1573]]), Frysk frijheidsstrider
* [[Petrus Schotanus à Sterringa]] ([[1601]]), keunstskilder
* [[Eise Eisinga]] ([[1744]]), astronoom
* [[Laurens Alma Tadema]] ([[1836]]), keunstskilder
* [[Cornelis Boersma]] ([[1901]]), keatspublisist
* [[Theo Lambooij]] ([[1901]]), musikus
* [[Willem van Althuis]] ([[1926]]), byldzjend keunstner
 
===Ferneamde Rypsters===
== Strjitten ==
Alle [[strjitten;Berne yn Dronryp]].
* [[Douwe fan Glins]] (†1573), Frysk frijheidsstrider
 
* [[Petrus Schotanus à Sterringa]] (1601-<1675), [[keunstskilder]]
== Fotogalerij ==
* [[Eise Eisinga]] (1744-1826), [[wolkjimmer]] en [[astronoom]]
<gallery>
* [[Johannes Lambertus Huber]] (1750-1826), [[politikus]] en [[rjochter]]
Ofbyld:Schatzenburg-Dronrijp.jpg|''Schatzenburch, haadgebou.''
* [[Rutger Adolf Benthem Reddingius]] (1801-1863), [[dokter]] en [[boargemaster]]
Ofbyld:Dronrijp.DePosthoorn.JPG|''De Posthoarn.''
* [[Lourens Alma-Tadema]] (1836-1912), keunstskilder
Ofbyld:Dronrijp Tsjerkebuoren.jpg|''Tsjerkebuorren: d'Alde Wite.''
* [[Michael Jan de Goeje]] (1836-1909), [[oriïntalist]] en [[arabist]]
Ofbyld:Dronrijp - molen De Poelen.jpg|''Mole De Puollen yn 2008.''
* [[Cornelis Boersma]] (1901->1975), [[keatsen|keats]][[publisist]]
Ofbyld:Dronrijp - molen Kingmatille vanaf de openbare weg.jpg|''Mole Keimpetille.''
* [[Theo Lambooij]] (1901-1995), [[musikus]]
Ofbyld:Dronrijp - Hatsumermolen.jpg|''Hatsumermole.''
* [[Willem van Althuis]] (1926-2005), [[keunstner|byldzjend keunstner]]
</gallery>
;Oare bekende ynwenners
* [[Harmannus Huber]], siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]] en boargemaster fan [[Snits (gemeente)|Snits]] (1663-1730)
* [[Elizabeth Huber-De Hertoghe]], frou fan Harmannus Huber (1666-1751)
* [[Alida Agnes Huber]], stiftster fan it gasthûs "Vredenhof" (1702-1774)
* [[Assuerus Quaestius]], [[jurist]] en [[keunst]]samler (1815-1887)
* [[Aart Staartjes]], Nederlânsk [[akteur]], [[regisseur]], [[presintator]], [[dokumintêre]]makker en [[skriuwer]] (1938)
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]]
 
== KeppelingKeppelings om utens ==
*[http://www.dronrijp.com WebsteeOffisjele doarpswebside fan Dronryp]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''referinsjes''':<br>
<references/>
'''boarnen''':<br>
*{{Aut|Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan}}, ''Skiednis fan Menameradiel'', Ljouwert, 1972 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 14 273.
*{{Aut|Bosma, Andries, en Dijkstra, Harrie}}, ''Net Ferjitte... Niet Fergete: Menaldumadeel en Het Biltdt in de Jaren 1940-1945'', Frjentsjer, 1995 (Van Wijnen), ISBN 9 05 19 41 307.
}}
 
{{koördinaten|53_11_39_N_5_48_44_E_type:city_zoom:16_region:NL|53° 12' NB, 5° 39' EL}}
 
[[Kategory:Dronryp| ]]
[[Kategory:Plak yn Menameradiel]]