Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + soad oanf
L [[]] oars
Rigel 59:
[[File:Schatzenburg-Dronrijp.jpg|right|thumb|250px|It haadgebou fan it bûten [[Skatzenburch]], mank de beammen fan Kwestjebosk.]]
 
Bûten it doarp stiet oan 'e Eastryp it bûtenplak Skatzenburch (''Schatzenburg''), dat dêr yn [[1698]] troch [[Harmannus Huber]], de siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]], sette litten waard op it stee dêr't earder [[Brantsmastate]] stie. Neffens Santema waard it bûten doedestiden omskreaun as ''een nieuw woonjuys met een Vlaams gewel''. Yn 'e earste helte fan 'e [[achttjinde ieu]] wenne dêr [[Alida Agnes Alida Huber]], dy't it [[gasthûs]] (âldereintehûs) "Vredenhof" yn it doarp stifte. Oare bewenners fan it bûten wiene û.o. [[Johannes Lambertus Huber]], [[Cornelis Martinus Haersma]] en dr. [[Assuerus Quaestius]]. Dy lêste makke yn [[1887]] Skatzenburch mei trije [[pleats]]en oan it gasthûs ta om dat in finansjeel solide basis te ferskaffen. Sûnt mocht it bûten troch de fâden en fâdessen fan it gasthûs bewenne wurde. Om it bûten hinne stiet in kloft beammen dy't yn 'e folksmûle (alteast, foarhinne) Kwestjebosk neamd waard, neffens it ferhaal nei in net by namme neamde jonker fan Skatzenburch dy't oer alles sei: "Tsja, 't is in kwestje."
 
It al neamde gasthûs "Vredenhof", dat yn [[1745]] sftifte waard troch [[Agnes Alida Huber]], bestie yn 't earstoan út seis wenten. Persiis in ieu letter, yn [[1845]], waarden dêr oan 'e efterkant nochris seis wenten tsjinoan boud. Dy dûbele rige fan tolve wenten waard yn 'e [[tweintichste ieu]] gearfoege en ferboud ta seis wat rommere huzen (Dûbelestreek 19-29). It gehiel is wytkalke en hat oan 'e strjitkant twa [[klokgevel]]s mei [[oansetkrol]]len. Yn 'e jierren [[1872]]-[[1876]] is der 100 m súdliker in útwreiding kommen oan 'e trochgeande wei troch it doarp (It Heech 6-40). Dat waard in rige wenten yn [[neoklassisisme|neoklassisistyske]] styl nei in ûntwerp fan [[C.S. Reitsma]], dat yn trije fazen set waard en in [[1980]] yngeand ferboud is.
Rigel 166:
* [[Harmannus Huber]], siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]] en boargemaster fan [[Snits (gemeente)|Snits]] (1663-1730)
* [[Elizabeth Huber-De Hertoghe]], frou fan Harmannus Huber (1666-1751)
* [[Alida Agnes Alida Huber]], stiftster fan it gasthûs "Vredenhof" (1702-1774)
* [[Assuerus Quaestius]], [[jurist]] en [[keunst]]samler (1815-1887)
* [[Aart Staartjes]], Nederlânsk [[akteur]], [[regisseur]], [[presintator]], [[dokumintêre]]makker en [[skriuwer]] (1938)