Ferskil tusken ferzjes fan "Bokwert"

561 bytes grutter ,  7 jier lyn
noch wat
(+kou)
(noch wat)
 
Ynspiraasje krige Van der Velde fan in korrespondint út [[Molkwar]] dy't, yn ieren en sinen in Fries, yn oandwaanlik Hollânsk de feiten en fiten út syn doarp beskreau. Yn de artikels fan Van der Velde like it krekt as wienen de artikels oernomd út it lokale wykblêd 'Nieuws- en advertentieblad Bokwerder Belang'. Steller dêrfan wie in Wabbe Wisses Rzn. Dy besocht steefêst om him yn eptige folsinnen út te drukken, mei as handikap dat er syn memmetaal Frysk letterlik oersette yn it Nederlânsk. Der wurdt dan in griemmank fan Frysk en Nederlânsk brûkt dat fol stiet fan de [[frisisme]]n: faak letterlik oersetten typysk Fryske útdrukkingen en taaleigen. De stikjes wienen faak in mylde spot op maatskiplike tendinzen as emansipaasje, fersoargingssteat en burokrasy. De ferhalen geane ek oer it ivige gefoel fan doarpen om eftersteld te wurden by de “Hoofdplaats”. Doeke Vaartjes, de foarsitter fan Pleatslik Belang, wie dan ek ivich yn de striid mei de gemeente omdat dy it haadplak foarluts. Kleurrike figueren yn de ferhalen binne Doeke Vaartjes (foarsitter Pleatslik Belang), de widdo Fokeltje Snikstra-Weening (baakster), Gosse Ongemak, Iebele Flapper, Bote Bijster en de pleatslike agooch drs. Gijsbert Willemoed.
 
Nei't Rink van der Velde febrewaris 2001 ferstoarn wie lieten twa freonen in rou-advertinsje foar ''Wabbe Wisses''<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?code=LC&date=20010221&id=LC-20010221-4017 Overlijdensadvertentie Wabbe Wisses], ''Leeuwarder Courant'', 21 febrewaris 2001; de foarnamme waard ûnrjochtlik as ''Wabe'' stavere.</ref> sette.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/oppe003zola01_01/oppe003zola01_01_0011.php ''Zolang de wind van de wolken waait : geschiedenis van de Friese literatuur''] (2006), side 242</ref>
 
== Priisfraach ==
* ''Bokwerd en ander gegriem'' (2009)
 
== ExterneKeppelings linksom utens ==
* [http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?code=LC&date=19701026&id=LC-19701026-6006 Bokwerder Belang], earste ôflevering, Ljouwerter Krante, 26 oktober 1970
* [http://www.archiefleeuwardercourant.nl/vw/article.do?code=LC&date=19920410&id=LC-19920410-8005 ''Bokwerder Weekblad opgeheven!''], lêste ôflevering, Ljouwerter Krante, 10 april 1992
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
<references/>
* [http://www.frieslandzoalshetwas.nl/?q=1&z=1&aflnr=7&artid=13 Bokwerts op Tresoar]
}}