Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynlieding red
L red
Rigel 23:
| webside = [http://www.stadt-leer.de www.stadt-leer.de]
}}
'''Lier''' ([[Sealterfrysk]]: '''Lier''', [[Dútsk]]: ''Leer'') is in [[stêd]] yn [[Nedersaksen]], yn 'e [[Landkreis Lier]]. De stêd hat sa likernôch 34.000 ynwenners en is dêrmei nei [[Emden]] en [[Auwerk]] de op twa nei grutste stêd fan [[Eastfryslân]]. Lier is oarspronklik ûntstien oan 'e iggen fan 'e rivier de [[Leda]], mar wreide him letter út nei de [[Iems]] ta. Sa koene ek skippen fan [[see]] de stêd berikke. Troch alle ferkearsferbiningen dy't by Lier gearkomme, wurdt de stêd ek wol de Poarte fan Eastfryslân neamd (''Tor Ostfrieslands''). Yn 'e lette [[14e ieu|fjirtjinde]] en iere [[15e ieu|fyftjinde ieu]] wie Lier troch tadwaan fan 'e [[haadling]] [[Focko Ukena]] it politike sintrum fan Eastfryslân. Lykwols krige it pas yn it [[1823]] [[stedsrjochten]]. Yn earder tiden wie Lier in [[flekke]], mar it funksjonearre yn 'e praktyk al folle langer as in stêd. De âlde binnenstêd mei syn histoaryske huzen makket Lier ta ien fan 'e moaiste stêden fan 'e regio.<ref name="Kiesow127">[[Gottfried Kiesow]]: ''Architekturführer Ostfriesland''. Utjouwer Deutsche Stiftung Denkmalschutz, Bonn 2010, ISBN 978-3-86795-021-3, side 127.</ref> Fjouwer [[stins|boargen]], in ferskaat oan monumintale bouwurken, en [[tsjerk]]en út ferskillende ieuwen binne yn 'e stêd werom te finen.
 
== Geografy ==