Audulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynfoboks
L red
Rigel 9:
| stjerplak =
| stjerdatum = ?
| regear = ±[[600]] – ±[[630]]
| foargonger = ûnbekend <small>(earst bekende: [[Finn]])</small>
| opfolger = ûnbekend <small>(earst bekende: [[Aldgillis]])</small>
}}
'''Audulf''' of '''Audwulf''', ([[Latynsk]]: '''Audulfus''') wie in [[Friezen|Fryske]] [[kening]] út 'e tiid fan it [[Grutte Folkeferfarren]]. Hy moat regearre hawwe fan likernôch [[600]] oant om-ende-by [[630]]. It is net bekend wa't syn foargonger of opfolger wiene. Dizze kening is net bekend út histoaryske boarnen, mar inkeld fan 'e [[munt]]en dy't yn syn namme slein waarden, en wêrfan't guon by opgravings weromfûn binne. It measte dat tsjintwurdich oer Audulf bekend is, berêst sadwaande op oannames en ûnderstellingen.
[[Ofbyld:Wiewerd goudschat.JPG|thumb|260px|De [[goudskat fan Wiuwert]].]]
 
== Audulf op munten ==
[[Ofbyld:Wiewerd goudschat.JPG|thumb|260px|De [[goudskat fan Wiuwert]].]]
De measte op dit mêd saakkundige [[wittenskip]]pers geane derfan út dat der yn 'e earste helte fan de [[7e ieu|sânde ieu]] in [[kening]] oer de [[Friezen]] hearske dy't fan Audulf hiet. Dy namme is gearstald út 'e [[Aldfrysk]]e wurden foar [[adel]] en foar [[wolf]], en soe dus oerset wurde kinne as "aadlike wolf". It grûngebiet dêr't dizze kening oer hearske hat, lei mooglik yn [[Nederlân|Middennederlânske]] gebiet fan 'e [[Grutte Rivieren]], dat no fier besuden [[Fryslân]] leit, mar doe ta de [[Sân Seelannen|Fryske Seelannen]] hearde.