Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[File:Dan Brown bookjacket cropped.jpg |right|thumb|150px|Dan Brown.]]
'''''Ynferno''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Inferno''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e tige súksesfolle [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]] [[Dan Brown]] ([[1964]]). It is in [[skriller]] yn 'e foarm fan in [[detektiveferhaal|detektiveferhaal]] mei yn 'e haadrol Robert Langdon, in [[heechlearaar]] [[keunstskiednis]] en symbolyk, dy't ek al de haadpersoan wie yn Brown syn eardere boeken ''Angels & Demons'' ([[2000]]), ''The Da Vinci Code'' ([[2003]]) en ''The Lost Symbol'' ([[2009]]). Diskear wurdt Langdon wekker yn in sikehûs yn it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Florâns]], sûnder dat er in idee hat hoe't er dêr bedarre is. As er op 'e sneup giet om antwurden te krijen, komt er yn in dûzeljend aventoer telâne. Krekt as Brown syn foargeande boeken wie ek ''Inferno'' wer in daverjend súkses, en kaam it binnen de koartste kearen boppe-oan op 'e ynternasjonale [[bestseller]]listen te stean. It waard op [[14 maaie]] [[2013]] tagelyk yn it [[Ingelsk]] en it [[Nederlânsk]] (en oare talen) publisearre. [[Utjouwerij Luitingh-Sijthoff]] naam it inisjatyf om in [[Frysk]]e oersetting op 'e merk te bringen, makke troch [[Abe de Vries]], dy't ein [[2013]] ferskynde.
 
==Ynhâld==