It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red
Rigel 2:
'''''It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''Le Testament d'un Poète Juif Assassiné''''', is in [[roman]] fan 'e hân fan 'e [[joadendom|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]e [[skriuwer]], [[heechlearaar]], polityk aktivist, [[Nobelpriis]]winner en [[holokaust]]oerlibbene [[Elie Wiesel]] ([[1928]]). It boek beljochtet it lot fan 'e Joadsk-Russyske yntelligintsia ûnder it skrikbewâld fan [[Stalin]]. ''Le Testament d'un Poète Juif Assassiné'' waard foar it earst útjûn yn [[1980]]; yn [[2007]] waard it oerset yn it [[Frysk]], mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
 
===Ynhâld===
''It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter'' draait om it histoaryske feit dat op [[12 augustus]] [[1952]] alle grutte Joadske skriuwers fan [[Ruslân]] temûk eksekutearre waarden op befel fan [[Sovjet-Uny|Sovjet]]-lieder [[Jozef Stalin]]. Yn it boek treft dat lot ek de (fiksjonele) [[dichter]] Paltiel Kossover, dy't al fan syn jongesjierren yn it [[tsaar|tsaristyske]] Ruslân ôf in oertsjûge [[kommunisme|kommunist]] is. Mar as er weromkeart nei de Sovjet-Uny, ûntdekt er dat de Kommunistyske Partij syn grutste fijân wurden is. Oars as syn histoaryske dielgenoaten wurdt it him tastien en skreau in testamint. Jierren letter wurdt dat dokumint lêzen troch Paltiel syn soan Grisha, foar wa't it in ljocht skynt op 'e beskade parten fan syn eigen ferline. Troch Paltiel syn wurden en Grisha syn dieden lit Wiesel op 'e nij guon fan 'e meast dramatyske barrens fan 'e [[tweintichste ieu]] de revu passearje.
 
===Fryske oersetting===
Yn [[2007]] is ''Le Testament d'un Poète Juif Assassiné'' troch [[Jacobus Knol]] fan [[Dokkum]] oerset yn it [[Frysk]], ûnder de titel ''It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter''. Spitigernôch koed er der gjin [[útjouwer]] foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.