Jurjentje Aukes Rauwerda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Drewes moved page Jurjentje Rauwerda to Jurjentje Aukes Rauwerda: Sa wurdt hja ynternasjonaal oantsjut
oanfollinkje
Rigel 1:
[[Ofbyld:RauwerdaJurjentje.jpg|thumb|250px|Jurjentje Rauwerda]]
'''Jurjentje Aukes Rauwerda''', ''Jurjentje Weinthal'', ([[Oentsjerk]], [[14 desimber]] [[1812]] - [[Amsterdam]], [[3 oktober]] [[1877]]) wie in [[Nederlân]]sesk [[bordeel]]hâldster en [[madam]]. Yn de 19e ieu hie sy in lúks bordeel yn [[Amsterdam]] mei de namme ''Maison Weinthal''.
 
== Libben en wurk ==
Jurjentje wie in dochter fan timmerman Auke Klases Rauwerda en Blijke Jurjens. Hoe't en wanear't sy yn de [[prostitúsje]] bedarre is net bekend. Yn 1843 jout se as berop 'naaister' op. Se troude op [[2 novimber]] [[1843]] yn Ljouwert mei [[Benjamin Salomon Weinthal]] ([[Emden]], [[1802]] - [[Amsterdam]], [[1855]]) by wa't sy ien bern krige, Bernard, mar earder hie sy ek al fjouwer bern, dêr't twa fan jong stoarn wienen. Rillegau sette it pear har nei wenjen yn [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Yn [[1848]] ferfarre de húshâlding nei Amsterdam. Dêr kochten se in tal pânen op de Pijpenmarkt en rillegau koe it bordeel dêryn iepene wurde. It wie in lúksieus bordeel<ref>Lid ûndersykskommisje A. Voûte yn 1897: ''Het bordeel bevat een wintertuin, een groote salon en verschillende kleinere met een reeks min of meer weelderig gemeubileerde ‘werkkamers’, een badkamer en ‘bazaar’ (slaapzaal). Het huis is den ganschen nacht open en wordt ook zoowel ’s morgens en ’s middags vrij druk bezocht: er komen ook veel vreemdelingen.''</ref>, it grutste fan Amsterdam (oan de Nieuwezijds Voorburgwal 229, op rinôfstân fan de [[Dam (Amsterdam)|Dam]]).