Eastamelânsk: ferskil tusken ferzjes

L
L (red hiele side + oanf)
It '''Eastamelânsk''' is de foarm fan it [[Amelânsk]], sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan it [[Fryslân|Fryske]] [[Waadeilân]] [[it Amelân|Amelân]] dat beëasten de [[Ballumerbocht]] leit, dus yn 'e doarpen [[Nes (It Amelân)|Nes]] en [[Bueren (It Amelân)|Bueren]] en omkriten. It ûnderskiedt him fan it nau besibbe [[Westamelânsk]] troch in stikmannich ferskillen yn útspraak.
 
==Dialektferskillen==
==Utspraakferskillen==
Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Eastamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as ''òòd'', ''kòòd'', ''hòòt'', ''sòòt'' en ''hööd'', en yn it Westamelânsk as ''oäd'', ''koäd'', ''hoät'', ''soät'' en ''huud''. (De ''òò'' [ɔ.ǝ] is de ô fan "rôt" mar in bytsje [[twaklank|diftongisearre]]; de ''öö'' [ʌ:] is de klank fan it [[Frânsk]]e ''l'heure''; de klank ''oä'' [o.ɛ] wurdt útsprutsen as de o fan "bok" folge troch e fan "pet"; en ''uu'' [y:] is de ú fan "drúf".)