Gregoarius fan Toers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stobbe
 
utwreiding artikel (-stobbe)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gregoryfantoers.jpg|right|thumb|250px]]
'''Gregorius fan Toers''' (folút: Georgius Florentius Gregorius, [[538]] - † tusken 592-596) wie in Gallo-Romeinske [[biskop]] en [[skiedkundige]].
 
Hy wie biskop fan [[ToursToers]] fan [[573]] oant likernôch [[594]]. Gregorius is foaral bekend wurden as de skriewer fan de ''Decem Libri Historiae'' (tsien boeken oer de skiednis fan de [[Franken|Frankyske]] [[Merovingen]]) en harren keninkryken, begjinnend mei de skepping fan de wrald (steunend op oare, aldere boarnen) oan't it jier [[592]]. Gregorius fan Toers hat derneast ek noch in samiling [[hagiografy|hilligenlibbens]] oanlei, namlik it ''Liber vitae patrum'' (Boek mei hilligenlibbens).
 
===Eftergrûn===
Gregorius waard yn 537 berne yn it hjoeddeiske [[Clermont-Ferrand]] (doetiid [[Arverna]] hieten) as telch fan in tige ynfloedryke famylje fan Gallo-Romeinske adel, dy't nei eigen sizzen ôfstamme fan de út de [[2e-ieu]]ske Gallo-Romeinske [[senator]] Vettius Epagathus, tiidgenoat fan biskop [[Irenaeus]] fan [[Lyon]]. Oarspronklik lûdde syn namme Georgius Florentius, mar út earbied foar syn omke Gregorius (biskop fan Langres) naam hy syn namme oan. Ferskate fan syn famylje wienen earder al biskop west fan stêden lykas Lyon, Langres, Clermont en ek Tours. Gregorius klaime sels dat sawat alle biskoppen fan dy stêd yn gruttere of lytsere mate ferwanten fan him wienen. Hy hie in broer die Petrus hiete en dy't diaken wie yn Langres en dy yn 572 fermoarde waard.
 
===Rol as biskop===
In proatte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden der't sy setelden. As aartsbiskop fan Toers beklaaie Gregorius in wichtige posysje yn it polityke libben. Hy koe dan ek in soad barrens út syn tiid út eigen ûnderfiening beskriuwe. It is seker dat Gregorius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tjerke fan Rome. Dat jilde benamme foar alles dat heidenks wie of heidensk west wie. Ek oer it [[arianisme]] yn it [[Fisigoaten|Fisigoatyske]] keninkryk út dy tiid hie hy neat goeds te sizzen en ek oer de Joadske mienskip wie hy net posityf.
 
===Decem libri historiae===
[[Ofbyld:ParisBibNatMSLat17655GregToursInitialP.jpg|left|thumb|150px|Side ut de skiednis fan de Franken]]
Syn 'tjien boeken skiednis' binne fierút de ienniche beskikbeare boarne oer de skiednis fan de [[Frankyske ryk|Frankyske ryken]] nei de dea fan [[Klovis]]. As aartsbiskop fan Toers ferkearde Gregorius yn de posysje om't polityke ferwikkelings fan tichby mei te meitsjen, omdat hy as aartsbiskop sels diel úmakke fan it polityk bestjoer.
 
Ut de boeken komt ier nei foaren as in aktief persoan, dy't in soad bartens út eigen ûnderfiening opskreau. De Frankyske dielryken ut de [[6 ieu]], keninklike houliks, lokale polityk yn relaasje mei de oerheid, ferwikkelings yn oare dielen fan de ryken en derbûten: alles waard troch him opskreaun. En as hy net genôch ynformaasje hie, dan makke by him de feitlike skiednis plak foar wonderen, foartekens, geroften en oare net-ferifieerbere bartenissen, wat ek typisk wie foar dy tiid.
Tsjin dizze eftergrûn binne de 'decem libri historiae' noch altiten fan ûnskatbere wearde foar de skiedkundigen.
 
Syn stjerjier is net mei wissicheid bekend, mar moat om [[594]] hinne lizzen. Syn opfolger as biskop fan Toers, Pelagius, wurdt fermeld yn it jier 596 yn in brief fan [[paus]] [[Gregorius de Grutte]] en syn oerlevere wurken binnen yn 592 foltôge.
 
==Literatuer==
Line 7 ⟶ 23:
 
 
 
{{stobbe}}
[[kategory:Midsieuwen]]