Germaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + oanf
Rigel 40:
[[File:Skema Germaanske talen.PNG|thumb|left|500px|In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Germaanske taalfamylje.]]
 
Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e [[HoarnGoudene Hoarnen fan Gallehus|goudenGouden hoarnHoarn B fan Gallehus]], yn súdlik [[Jutlân]], dy't datearret út 'e iere [[fyfde ieu]]. Op 'e hoarn stiet: "''ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido''" (de letter ʀ stiet dêrby foar de [[breikjende r]]). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(vol)tooid'') of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(ge)tooid''). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''".
 
==Taalkloften en talen==