Westfryske dialekten: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1143839 |
L red hiele side + oanf |

Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taalfamylje
| namme = Westfryske dialekten
De '''Westfryske dialekten''' foarmje in groep nau besibbe [[Hollânsk]]e dialekten yn it noarden fan 'e provinsje [[Noard-Hollân]], dy't fuortkommen binne út it [[Frysk]] en [[Westfrysk]] dat oarspronklik yn 'e lânstreek [[West-Fryslân]] en op 'e omlizzende eilannen sprutsen waard en it [[Hollânsk]] dat dy taal fan 'e ein fan 'e 13e ieu ôf ferkrong. Yn dizze dialekten binne noch altyd spoaren fan 'e Fryske [[substraattaal]] werom te finen.▼
| oare namme(n) =
| lokaasje = [[West-Fryslân]], [[Wieringen]], [[Teksel]],
[[Flylân]]
| tal talen =
| tal sprekkers = ±37.000 (1999, skatting)
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaansk]]
● [[Nederfrankysk-Nedersaksyske talen|Nederfr.-Nedersaks.]]
● [[Nederfrankyske talen|Nederfrankysk]]
● [[Hollânsk]]
● '''Westfryske dialekten'''
| subgroepen = ● [[Eilânwestfrysk]]
● [[Lânwestfrysk]]

▲De '''Westfryske dialekten''' foarmje in groep nau besibbe [[Hollânsk]]e
[[File:Lânkaart lokaasje Westfryske dialekten.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Westfyske dialektgroep yn 'e [[Noard-Hollân]].]]
==Dialekten==
De Westfryske dialekten falle útinoar yn twa lytsere kloften. Oan 'e iene kant is der it [[Lânwestfrysk]], of "echte" Westfrysk. Dat is it dialekt dêr't men it oer hat as men fan "it Westfrysk" sprekt. It taalgebiet fan it Lânwestfrysk omfiemet grutdiels de [[Kop fan Noard-Hollân]], dêrby de lânstreek [[West-Fryslân]] en de [[Noardsee]]kust fan [[Den Helder]] oant [[Kastrikum]] ynbegrepen, mar de [[stêd]] [[Inkhuzen]] net. De pas yn [[1930]] droechmakke [[Wieringermarpolder]] wurdt yn 'e regel likemin ta it Westfryske gebiet rekkene, al hat de útspraak fan it [[Nederlânsk|Standertnederlânsk]] troch in diel fan 'e befolking (±20%) fan dat gebiet wol Westfryskige skaaimerken, om it foarsichtich út te drukken.
It Lânwestfrysk bestiet sels ek wer út ferskate subdialekten, te witten it [[Drechterlânsk]] of Eastlik Westfrysk, dat sprutsen wurdt yn 'e krite tusken [[Inkhuzen]] en [[Hoarn (stêd)|Hoarn]]; it [[Midden-Westfrysk]], in brede bân fan noard nei súd begjinnend op 'e hichte fan Hoarn en [[Medemblik]] en dêrwei nei it westen ta; it [[Westlik Westfrysk]], fan 'e Noardseekust oant de omkriten fan [[Skagen]]; en it [[Egmondsk]] of ''Derpers'', fan [[Egmond oan See]]. Dêrfan wike it Drechterlânsk en benammen it isolearre Egmondsk it measte ôf fan 'e noarm. Oer it algemien kin steld wurde dat it Lânwestfrysk [[taalkunde|taalkundich]] sjoen fan âlds dochs al frij ticht by súdliker Hollânske dialekten as it [[Saansk]] en it [[Wetterlânsk]] stie.
Oan 'e oare kant binne der de [[Eilânwestfrysk|Eilânwestfryske dialekten]]: it [[Tekselsk]] fan it [[Waadeilân]] [[Teksel]], it [[Wieringsk]] fan it eardere eilân [[Wieringen]], en foarhinne ek it [[Flylânsk]], dat no útstoarn is. Ta dizze groep wurdt op grûn fan beskate taalkundige skaaimerken ek it [[Inkhústersk]] rekkene, it stedsdialekt fan [[Inkhuzen]]. Dizze dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk trochdat se folle behâldender fan aard binne, en dêrtroch fierder fan 'e súdliker Hollânske dialekten en it Standertnederlânsk ôf steane.
[[File:Lânkaart lokaasje Westfryske dialekten yn Hollânsk taalgebiet.PNG|right|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Westfryske dialekt-groep yn it gruttere [[Hollânsk]]e taalgebiet.]]
==Skematyske opbou fan 'e dialektgroep==
Nau besibbe oan 'e Westfryske dialekten binne it [[Saansk]], fan 'e [[Saanstreek]], en it [[Wetterlânsk]] fan 'e [[Noard-Hollân|Noardhollânske]] [[Iselmar]]kust tusken [[Skarwâld]] en [[Durgerdam]].▼
De skematyske opbou fan 'e Westfryske dialektgroep is sa:
{| border = "0"

| colspan="8" style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| Westfryske dialekten

| colspan="4" style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Lânwestfrysk]] ("Westfrysk")
| colspan="4" style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Eilânwestfrysk]]

| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Egmondsk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Westlik Westfrysk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Midden-Westfrysk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Drechterlânsk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Inkhústersk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Wieringsk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Tekselsk]]
| style="text-align:center; background:#D3D3D3;"| [[Flylânsk]] †

==Besibskip==

==Hjoeddeistige sitewaasje==
[[Kategory:Nederlânsk]]▼
Troch de grutte ynfloed fan it [[Nederlânsk]] binne de Westfryske dialekten sûnt it begjin fan 'e [[njoggentjinde ieu]] sterk yn it neigean rekke. Op in soad plakken wurde dizze dialekten no allinnich noch mar yn 'e lichtste foarm sprutsen, wêrby't men suver better sprekke kin fan in regionaal kleure Nederlânsk (in [[regiolekt]]) as fan in dialekt. Boppedat ferlieze se ûnder de jongere generaasjes almar mear terrein. It echte dialekt wurdt fral noch sprutsen op [[Teksel]] en [[Wieringen]], troch de âldere generaasjes yn 'e stêden en troch de befolking fan 'e bûtengebieten, de min ofte mear (fan ymport út oare kontreien wei) isolearre lytse doarpkes op it plattelân. Yn dit ferbân moat opmurken wurde dat de fêstiging yn it gebiet troch in protte (âld-)marinelju (fanwegen de [[marine]]haven fan [[Den Helder]]) yn beskate kriten in tige neidielich effekt op it trochjaan fan it dialekt oan 'e jongere generaasjes hân hat.
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Berns, Jan, en Steusel, Sanne}}, ''Noord-Hollands'', De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
* {{Aut|Scholtmeijer, Harrie}}, ''Utrechts, Veluws en Flevolands'', De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 083 (oer it taalgebrûk yn 'e Wieringermarpolder).

[[Kategory:Hollânsk dialekt]]