Juten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L foto
utwreiding artikel
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jutland Peninsula map.PNG|right|200px|thumb|Dit stik lân wat yn [[Denemark]] en [[Dútslân]] leit, wurdt beskôge as Jutlân]]
De '''Juten''' wiene in [[Germanen|Germaanske]] stam ôfkomstich út it tsjinwurdige [[Jutlân]] yn [[Denemark]]. Tegearre mei de [[Angelen]] en [[Saksen]] foelen hja under it [[Grutte Folkeferfarren]] yn it begjin fan de 5e ieu [[Ingelân]] binnen, neidat de [[Romeinen]] dear fuort gongen wiene. Hja fêstigen harren yn [[Kent]] en op it eilân [[Wight]].
 
== Juten en Gauten ==
Neffens de saneamde "Jutske hypothese" binne de Juten itselde folk as de [[Gauten]], in [[Scandinaavje|Scandinavysk]] folk dat tiidens de iere [[Midsieuwen]] yn sudlik [[Sweden]] libbe hat. It "Oxford English Dictionary" ydentifiseert de Sweedse Gauten (Swedish Geats) fia de foarmen ''Eotas'', ''Iótas'', ''Iútan'' en ''Geátas'' mei de Deenske Juten. Lykwols wurdt sowol yn it ald-Ingelske gedicht [[Widsith]] as yn it ald-Ingelske epos [[Beowulf]] yn de ''[[Finn]] passage'' (sjoch it [[Finnburg Fragmint]]) hiel oars de ''Eotenas'' skerp fan de ''Geatas'' ûnderskiden. Mooglik waarden de twa stamnamen yn'e betide-kristelike literatuer fan Ingelân troch ynoar helle, lykas dit foar de boarne oer de dea fan de Sweedske kening [[Östen]] oantoane waard. Yn oare mooglikhied is dat ''Eotenas'' in synoniem is foar "reuzen" en etymologyske oerien komt mei de Noorske [[Jotun|Jotuns]] (yn pleats foar de namme fan in stam).
 
Fierder is net útsletten dat de Juten genetsy relateare wienen mei de Gauten, en sels mei de [[Goaten]], dy't fermeld wurden yn de [[Gutasaga]]. Neffens dat ferhaal berikten de bewenners fan [[Gotlân]] it festelân fan Jeropa. Ut de archeologyske fienpleats Wielbark yn Polen dogt bliken dat de Goaten der al yn in betiid stadium oankaamen.